Dat is njonken de strukturele jildproblemen funest west foar de finansjele situaasje dêr't de
gemeente no yn sit. Dêr is ek de rie skuldich oan. De kolleezjepartijen ha neffens GB2000 nea it
lef hân om yn te gripen doe't der sinjalen kamen dat it net goed gong. Hy wol de FNP oanriede
om de bondel fan Jan Galema mei artikelen oer de ôfrûne fjouwer jier nochris te lézen.
Frou Veldstra merkt - by ynterrupsje - op dat de FNP fuortdaliks by de start fan dizze rie yn
2006 en 2007 twa kear in moasje yntsjinne hat oangeande de finansjele problemen en dat
GB2000 dy net stipe hat.
De hear Hemminga seit dat it derfan ôfhinget hoe't in moasje formulearre wurdt. GB2000 hat
wol trije kear tsjin de begrutting stimd. Dat is in dúdlik sinjaal hoe't je as partij tsjinoer de
finansjele situaasje fan de gemeente stean.
De hear Van der Woude is bliid dat de hear Hemminga ús ûnthâld oer de léste fjouwer jier wat
opfrist oan de hén fan de bondel fan de hear Galema. Hy hie wol in wat widere blik fan de hear
Hemminga ferwachte, dy't wat fierder giet as de ôfrûne fjouwer jier.
De hear Hemminga seit dat er yn 1974 al yn de rie siet en dus in ein werom gean kin. Hy hie it
no oer de twa léste perioades, dus net allinnich oer de léste fjouwer jier. Yn de léste fjouwer jier
hat GB2000 wol dúdlik tsjin de begrutting stimd.
De hear Seldenrust wol de kwaliteit fan de hear Galema net yn twifel lûke, mar hy wol fan de
hear Hemminga wite wêr't er wie op de middei dat der in finansjele analyze jûn waard fan de
perioade 2004-2008 troch amtners fan de gemeente.
De hear Hemminga fynt dat GB2000 al aardich wat ynformaasje hat oer hoe't de gemeente der
finansjeel foarstiet. Op de middei binne der miskien wol wat saken nei foaren kaam om de saak
te ferdúdlikjen. Hy riedet Seldenrust wol oan om it boekje fan Galema nochris te lézen. Mei it
opstappen fan it foarige kolleezje yn febrewaris is der einlik in kearpunt kaam. Doe waard pas
dúdlik hoe slim de situaasje wie. De rekken leit úteinlik by de ynwenners, belestings en heffings
binne hjir it heechste fan Fryslén. Op foarsjennings foar de boargers moat aanst koarten wurde.
Mei de koarting op it gemeentefûns yn it foarútsjoch foar 2011 sil it noch wol hiel lang duorje
foardat in selsstannige gemeente Boarnsterhim finansjeel sûn wêze sil. GB2000 freget him óf oft
dat yn it belang fan de ynwenners is. Moatte sy jierrenlang dy rekken betelje? De fraach oer it
besteansrjocht fan de gemeente wurdt no mei klam steld. Oan it ûndersyksburo WagenaarHoes is
in opdracht jûn en dat is mei in hénsum en lêsber rapport kaam. Mei it ûndersyk nei de sosjale
gearhing fan Bügel Hayema in prima basis om ta in kar te kommen. It wie te ferwachtsjen dat
tsjinstanners fan weryndieling fuortdaliks roppe dat it rapport net folslein is en te min djipgeand.
We sjitte der neat mei op om de beslútfoarming út te stellen. Dat jout allinnich mar mear kosten
en dêrtroch noch mear finansjele problemen en dêrtroch in noch hegere rekken by de boarger. As
yn it rapport stiet dat in partij as GB2000 yn in nije konstellaasje nei alle gedachten net
weromkomme sil, dan is dat in realiteit. Weryndieling giet om it belang fan de ynwenners en net
om it belang fan de partijen. We ha in soad ynsprekkers heard en dat is hiel goed gongen. De
mienings rûnen nochal útien. Stânpunten wurde faak ynnaam op basis fan emoasjonele gefoelens
en minder op basis fan kennis. Der wiene ek genôch ynwenners dy't nuansearre sténpunten nei
foaren brochten. Wat is no it béste foar ús ynwenners? In mearderheid fan de ynwenners sjocht
in selsstannich fuortbestean fan de gemeente net sitten. GB2000 sjocht dan foaral ek nei de
útspraken fan Pleatslik Belangen. Der wurdt wol in protte wearde hechten oan it
plattelénskarakter fan de gemeente Boarnsterhim, lykas omtinken foar de doarpen, de
doarpskultuer en it yn stén hélden fan de foarsjennings dy't hjir goed binne. Dizze punten wurde
sawol troch de foarstanners as de tsjinstanners fan weryndieling brûkt en soms ek as argumint
mei hokker gemeente wy fusearje moatte soene. De fraach is oft dat yndie sa'n ferskil is. Der ha
ek in tal Pleatslik Belangen praat mei de kollega's yn omlizzende gemeenten. Dêrút docht net
bliken dat in grutter plak of stêd in remjende faktor wêze soe op de plattelêns- en doarpskultuer.
It tsjindiel blykt ek wol. By gruttere plakken, seis in stêd as Ljouwert, is dúdlik it besef oanwêzich
dat it plattelén en doarpen in wichtige tafoege wearde ha. It is wol goed om dit aspekt aanst
nochris goed te besjen yn de petearen dy't komme mei de buorgemeenten. Ek Den Haach fynt dit
wichtich, dat blykt ek út in brief fan de steatssekretaris oan de Twadde Keamer fan 19 novimber
Pagina 9