falske start makke mei te min finansjele earmslach. Der wie in te grut amtlik apparaat, der is meiwurke oan te grutte projekten en der hat in amtlike reorganisaasje west. Dizze gemeente hie in soad en hege ambysjes, te min stjoering en te min jild. De gemeente sit no yn in minne finansjele situaasje en in te krappe amtlike organisaasje. In artikel 12-status sil liede ta djip yngripende maatregels dy't ynwenners, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes sear dwaan silie. Yn positive sin is der in relatyf heech foarsjenningsnivo yn de gemeente, it is in grut fraai lanlik gebiet mei in soad mooglikheden foar toerisme en rekreaasje, mei aktive doarpen mei in ryk ferieningslibben en in goed WMO-belied. Behearplannen binne opsteld en der binne goede projekten útfierd, lykas de steande mêstrûte en it Fryske Marreprojekt. Yn de direkte omjouwing fan de gemeente is ek in goed foarsjenningsnivo en de gemeente is goed te berikken. De miening fan de ynwenners wurdt ek meinaam yn de mienings- en beslútfoarming fan de partij. De rapporten fan de ûndersykburo's sille ek in rol spylje. En de partij wol it kolleezje freegje oft de ûndernimmingsrie fan dizze gemeente al in stânpunt hat. De finansjele situaasje fan de gemeente op langere termyn wurdt ek meinaam. De partij wol wite wat de mooglikheden binne om de artikel 12-status sa koart mooglik duorje te litten. De PvdA freget him óf oft de hjoeddeistige skaal en de amtlike organisaasje takomstproof binne. En oft de gemeente him perspektyffol trochûntwikkelje kin en oft de gemeente in folweardich partner wêze kin yn ferskate gearwurkingsferbannen. De partij kin him foarstelle dat de beslútfoarming him op 1 5 desimber o.s. beheind ta de fraach wol of net selsstannich bliuwe. As in mearderheid dat net wol, dan soe de partij graach wolle dat der op koarte termyn in neier ûndersyk komt nei it doarpebelied, de finansjele situaasje en de lêstedruk fan de omlizzende gemeenten, de doarpen dy't yn oanmerking komme foar in grinskorreksje, de fisy fan de yn oanmerking kommende gemeenten op ús. Eins moat dat ûndersyk binnen seis wike nei 1 5 desimber plakfine en ôfrûne wurde, fynt de PvdA, sadat we yn febrewaris definityf beslute kinne oer de oanslutingsmooglikheden. Dan hat de partij noch in tal technyske fragen foar it kolleezje. As de mearderheid fan dizze rie beslút ta selsstannichheid, kin it kolleezje dan in yndikaasje jaan hoefolle jier noch nedich is nei beëiniging fan de artikel 12-status om der finansjeel wat better foar te stean. As de mearderheid fan de rie beslút ta in weryndieling, is it neffens it kolleezje dan ek mooglik om binnen seis wike mei it krektneamde foarstel te kommen, rekken hâldend mei de winsken fanút de doarpen en de sosjaal- geografyske ferbinings? De hear Seldenrust freget - by ynterrupsje - oft der ek fragen steld wurde kinne oan de sprekker. De voorzitter zegt dat interrupties het debat verlevendigen. Vanavond moet alles uitgesproken worden. De hear Seldenrust merkt op dat de hear Van der Woude sein hat dat de PvdA noch gjin stânpunt hat. De jûns nei it petear yn Grou hat de PvdA-fraksjefoarsitter oanjûn by Omrop Fryslân dat der by de PvdA foar de petearen al in stânpunt bepaald wie en dat de sprekkers op de jûnen har dêr hast net mear fan ófbringe koene. It fernuveret him dat de hear Van der Woude no seit dat de PvdA noch gjin stânpunt hat. Van der Woude hat sein dat de ûndersiken fan WagenaarFloes en Bügel Hayema yn opdracht fan de rie goed gien binne. De FNP tinkt dêr oars oer as de PvdA. De útkomst fan it rapport soe foar guon partijen net aardich útkomme, hat Van der Woude sein. Hy wol dêr graach útlis oer. De FNP is it iens mei Van der Woude dat de start fan de gemeente fanôf 1984 net goed gien is. Der wie in tekoart oan bestjoerskrêft, mar it fernuveret him dat de PvdA der oer fait dat we meidien ha mei grutte projekten. Dat is troch druk fan bovenôf mar ek troch de eigen wethâlders en mei in mearderheid fan de kolleezjepartij PvdA ta útfiering brocht. It fernuveret him dat de hear Van der Woude no seit dat de útkomst net de PvdA te ferwiten fait, mar dat dat mear leit yn it histoarysk perspektyf fanôf '84. De hear Van der Woude seit dat de gemeente ûnder druk meiwurke hat oan de projekten, mar dat er it net hat oer in politike skuld. As it bestjoerders wiene fan de PvdA, dan is dat sa. De hear Seldenrust merkt op dat er bliid is dat de hear Van der Woude ta de konklúzje komt dat it net allinnich oan it histoarysk perspektyf lein hat, mar ek oan de bestjoerskrêft fan de ôfrûne jierren dêr't de PvdA seis diel fan útmakke hat. Pagina 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 10