De hear Van der Woude seit dat er de skuld net jûn hat oan it histoarysk perspektyf. WagenaarHoes hat sein dat by opdieling fan dizze gemeente der foar guon partijen nei alle gedachten net folie of gjin rûmte is om har te profilearjen. De fraksjefoarsitter hat as har persoanlik stânpunt wat sein, en dat mei. Alle PvdA-fraksjeleden ha in yndividueel stânpunt, mar de fraksje hat noch gjin stânpunt. Dat kin ek net ûntstean foar 1 5 desimber. De hear Seldenrust seit dat it gjin persoanlik stânpunt fan de fraksjefoarsitter wie. At sy as foarsitter in útspraak docht, dan docht se dat út namme fan de fraksje en net op persoanlike titel, sa tinkt de sprekker. Frou Dekker merkt - by ynterrupsje - op dat se yn in earder ynterview alris sein hat dat se op dit stuit gjin selsstannichheid sjocht foar Boarnsterhim. Yn it ynterview dêr't de hear Seldenrust oan referearret is har frege om it stânpunt fan de PvdA op dit stuit. Doe hat se lykas earder sein dat sy gjin selsstannichheid sjocht foar Boarnsterhim, of it moat wêze dat it bliken docht dat nei alle byienkomsten en de diskusjes dy't we deroer ha en de ledefergadering minsken de PvdA-fraksje sjen litte kin hokfoar mooglikheden der binne, dan sil de PvdA der altyd foar dy mearderheid wêze. Frou Veldstra seit dat as de gemeente opheven wurdt, dat fiergeande konsekwinsjes hat foar de ynwenners. De gemeente stiet fan alle oerheden it tichtste by de ynwenners. Foar tsjinsten moatte de ynwenners dan nei oare plakken ta. Grou sil as haadplak in stik status ferlieze en it bestjoer sil noch mear op ôfstân stean. De FNP tinkt dat it net goed is om te gau in beslút te nimmen op 15 desimber o.s., mar better om it út te stellen oant nei de riedsferkiezings fan 3 maart 2010. By de foarige ferkiezings wie weryndieling gjin item. De kiezers ha der doe net foar keazen, gjin inkelde partij hat dit item yn har ferkiezingsprogramma 2006/2007 opnommen. Der is gjin gedegen ûndersyk útfierd nei de finansjele, organisatoryske en bestjoerlike oarsaken fan de swierrichheden by de gemeente Boarnsterhim. Der leit no wol in notysje oer de finansjele posysje fan 2004 oant en mei 2008, mar dat is in opsomming fan feiten dêr't gjin konklúzjes oan ferbûn binne. Troch de oarsaken yn kaart te bringen, kinne we ek bepale hoe't der wer in sûne takomst foar Boarnsterhim ûntstean kin. Ferline wike hat de FNP in taljochting hân fan de ôfdieling finânsjes oer harren ûndersyk fan de finansjele posysje oer de perioade 2004-2008. Alle fraksjes wiene útnoege, mar allinnich de FNP-fraksje wie fertsjintwurdige mei trije riedsleden. Wêr wiene de oare? It ûndersyk is dien oer de léste twa jier fan de riedsperioade 2002-2004 en de earste twa jier fan dizze sittende perioade 2006-2008. Ut it ûndersyk docht bliken dat ús gemeente te folie en te grutte projekten op de nekke nommen hat, te folie foarút skood hat en de finansjele dekking net úfierd hat. Yn de grafyk is te sjen hoe't de algemiene reserve keldere is. De oanbefellings fan de accountant binne net opfolge. De FNP hat by de earste begrutting yn 2006 al in moasje yntsjinne oangeande de finansjele problemen, gjin inkelde partij hat harren stipe. Yn 2007 hat de partij it wer besocht en wer wie der gjin stipe. Wêrom is der net earder oan de belle lutsen? Itselde jildt foar de ynhier fan tredden. Dit hat ús allinnich mar in soad jild koste. De bedriuwsfiering hat hjir net goed west. Yn 25 jier ha der hast tolve reorganisaasjes west. Hoefolle hat dat koste? At Boarnsterhim in goed bestjoer hân hie, dan hiene we wis noch takomst hân. De ûndersyksrapporten WagenaarHoes wiene net altyd goed argumintearre. De FNP mist de oarsaken foar it bestjoerlik falen en sterke punten wurde net neamd. De petearjûnen binne sterk stjoerd troch de boargemaster en de ynlieder. Se wol in komplimint jaan oan de boargemaster dat er dat hiel goed dien hat. De finansjele swierrichheden binne útfergrutte troch de presintaasje fan de hear Buma. De mooglikheden om troch de artikel 12-status wer by de berch op te klimmen en in ûnderhâldsachterstân fuort te wurkjen binne amper neamd. En ek dat de gemeente pas nei miskien wol fiif jier út in artikel 1 2-status komme sil en dan pas fusearje kin, is net dúdlik neamd. De artikel 12-status is oanfrege. Foar de sanearring ha we al de earste stappen set en de boarger moat dêrfoar bliede. Der is gjin romte foar nije plannen. Der soe in kâns wêze kinne om wer finansjeel sûn te wurden. In soad doarpen binne der net út. Doarpsbelangen ha seis ek allegear petearjûnen holden. Pagina 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 11