Frou Veldstra seit dat dat in flau grapke is. De hear Hemminga freget him óf hoe represintatyf de útkomsten binne sa't Pleatslik Belangen se presintearre ha. Frou Veldstra seit dat fan de 600 formulieren yn Aldeboarn 1 50 weromkaam binne. Dat is in persintaazje fan 27% fan it doarp. Is dat dan represintatyf? Der binne ek Pleatslike Belangen dy't de fraach fan de selsstannichheid hielendal net meinommen ha. De útslach fan Grou wie 50% foar in weryndieling en 50% foar selsstannichheid fan Boarnsterhim. De hear Van der Woude seit dat er dúdlik steld ha wol dat Pleatslik belangen alle wurk foar neat dien hat at der in referindum by de ferkiezings komt. Frou Veldstra seit dat er har dan net goed begrepen hat. De PB's ha seis jûnen organisearre bûten de petearen om. De ynset fan PB fynt se geweldich. De hear Van der Woude freget wat de mearwearde is fan in referindum by de ferkiezings yn ferliking mei it wurk fan de feriening fan Pleatslik Belangen de ôfrûne moannen dien hat. As in mearderheid fan de befolking by yndividuele stim seit dat we net weryndiele moatte, dan kiest FNP foar net weryndiele. Wat is dan de wearde fan de ûndersiken fan PB? Frou Veldstra seit dat de basis net fuort is, mar we moatte net gau in beslút nimme sa lang't net alles dúdlik is. Wêrom soe de nije rie dêr op 3 maart net oer beslute kinne? De hear Riemersma merkt - by ynterrupsje - op dat de hear Van der Woude it hat oer in korrektyf referindum. Frou Veldstra hat sein dat FNP beslisse wol by de nije rie. Dan is it dus gjin korrektyf referindum, want dan draai je in eardernommen beslút werom. De hear Van der Woude seit dat it ek net riejaand is, want it is eins in ferplichtsjend referindum. De hear Zijlstra merkt op dat we fan de ynsprekkers fannejûn in soad stânpunten en weryndielingsbetingsten heard ha. Dat jout dúdlikheid en dêr wol er syn tank foar útsprekke. It is net niks om te besluten oer de takomst fan de gemeente. It CDA fynt wol dat it proses mei de ynsprekjûnen yn de doarpen in soarchfâldich proses west hat. Alle ynwenners binne op dizze wize foldwaande belutsen by it proses, fynt de partij. It CDA is ek posityf oer de enkêtes dy't yn de ferskate doarpen organisearre binne. Ek sprekt er syn tank út foar minsken dy't fia de mail of in brief har miening tastjoerd ha. De petearen binne goed organisearre en ek de ferslaggen binne folslein. De publikaasjes yn de parse en de buorden yn de doarpen ha foldwaande omtinken lutsen. Hy wol syn kompliminten jaan oan de organisaasje. Oan de oare kant binne der in soad ynwenners dy't mear ha mei har eigen doarp as mei de gemeente dêr't se yn wenje. Dat is ek faak sein troch de minsken dy't by de petearen wiene. We ha ófpraat dat we op 15 desimber in beslút nimme oer de takomst fan Boarnsterhim. It CDA komt dêr net op werom en keppelet dêr net noch in referindum oan fêst. As earste wol de partij net langer wachtsje op in beslút. Dêrby komt dat in referindum net de wei is om der achter te kommen wat der libbet. Ek sit it risiko deryn dat je in fraachstik simplifisearje en isolearje. It is dreech om in dúdlike en folsleine fraachstelling op te stellen dy't allinnich mei ja of nee beäntwurde wurde kin. De fraach fan frou Veldstra wie al net in goede, fynt er. As in mearderheid dêr nee op antwurdet, dan kin dat ek betsjutte dat it de minsken net rap genóch giet of dat minsken op in termyn fan seis jier weryndiele wolle. In referindum hat in fertraagjend en konservearjend effekt, fynt it CDA. Hoe langer we wachtsje hoe langer it duorret foar't we foarút sjen kinne. By in referindum kin ek in aksjegroep de swijende mearderheid syn wil oplizze. En der is it risiko dat der feitlik net stimd wurdt by in referindum op in fraachstelling, mar yndirekt op in persoan of op in partij. De hear Seldenrust freget - by ynterrupsje - oan de heer Zijlstra at dat betsjut dat hy in totaal referindum oer hokker Onderwerp dan ek mar benammen oer de weryndieling nea akseptearje sil yn dizze gearsetting. Dat soe ynhâlde dat in referindum dy't bedoeld is om fan Onderen op de minsken de gelegenheid te jaan om har stimmen hearre te litten, troch it CDA hielendal ófwiisd wurdt. De hear Zijlstra seit dat der in soad neidielen kleevje oan in referindum en dat der net folie fraachstikken geskikt binne foar in referindum. It CDA nimt 15 desimber in beslút mei de ynformaasje dy't der no leit. Pagina 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 13