Frou Veldstra merkt - by ynterrupsje - op dat de hear Zijlstra sein hat akkoart te gean mei it beslút te nimmen op 15 desimber. It kolleezje sit hjir jûn om te harkjen nei alle partijen yn dizze rie. Dy lûkt har konklúzje dêrút en mei in útstel komme nei de rie. Wy wite op it stuit noch net hoe't dat útstel wêze sil. Hoe kin de hear Zijlstra it no al iens wêze mei wat der no ferteld wurdt? De hear Zijlstra seit dat ús tasein is dat der foar de 1 5e in útstel komt. Hy hat begrepen dat it foarstel fan it kolleezje al yn tarieding is en net sa sear ófhinklik is fan wat der fannejûn sein wurdt. Frou Veldstra seit dat we dan wol nei hûs gean kinne. De hear Zijlstra freget frou Veldstra oft sy der ek fanút giet dat der de 1 5e in foarstel leit. De hear Van der Woude seit dat wy ek wol wisten dat der yn twa wike in útstel lizze soe. Dat wie gjin nijs. De hear Zijlstra jout oan dat der in foarstel komt en dat it CDA dêr dan in miening oer hat. De hear Seldenrust seit dat de hear Zijlstra krekt sei akkoart te wêzen, mar dat er no seit dat er sjocht wat it foarstel is. We wite allegear wol dat it foarstel der komt, mar we wite net wat der yn komt te stean. Wat wyt de hear Zijlstra wat der yn komt te stean, dat er no al de konklúzje lûke kin dat er it der mei iens is. De hear Zijlstra seit dat it de 1 5e oer de takomst fan Boarnsterhim giet, de gemeente opdiele of net. De hear Bouma seit dat we noch net wite hoe't it derút komt te sjen, mar dat it feroarje wurde moat is dúdlik. De VVD niget nei opheffe. De partij hie de yndruk dat it rapport WagenaarHoes as brekizer brûkt wurde soe. We moatte earst ús goede ferstân brûke en dan yn it rapport sjen wat we miskien oer de holle sjogge, fynt de sprekker. Nut, needsaak en snelheid om te kommen ta in oare weryndieling fan Boarnsterhim en in oare takomst is foar de VVD-fraksje helder. De ynsprekjûnen binne goed ferrûn en elk hat syn sechje dwaan kinnen. We ha ek in soad léze kinnen yn de kranten en dêr wurdt it op himsels net echt makliker fan. We moatte net útslute dat in part fan dizze rie aanst weromkomt yn de nije rie. Der wurdt sein dat it net yn dizze perioade besluten wurde moat. Der barre lykwols altyd saken dy't je fan te foaren net foarsjen kinne en dan moat der in beslút oer nommen wurde. It oer de riedsferkiezings hinne tillen biedt neffens de VVD gjin soelaas. De partij fynt dat it proses helder úteinset is en dat der in stik belutsenens toand is troch de befolking. Der binne in soad saken nei foaren ta brocht en dan moatte je as rie in kar meitsje. In mearderheid fan de ynsprekkers fannejûn seit dat we opheffe moatte. De VVD tinkt dat dêr in bepaalde rjochting yn sit en is dêr net ûngefoelich foar, los fan de eigen miening. Hoe't it fierder útwurke wurde moat is hiel ûnwis. Alle doarpen ha har winsken en it wurdt in hiele toer om dat goed yn te foljen. Moatte wy as ien gemeente nei in oare gemeente of moatte we alles oan de doarpen honorearje? Hy tinkt dat dat net kin yn it ramt fan de 10% regel by weryndieling. De needsaak foar weryndieling sit yn de bestjoerskrêft en de finansjele situaasje fan de gemeente. Dêrom is it needsaaklik om no in beslút te nimmen, fynt de VVD en net nei de ferkiezings. De ferskate oare gemeenten wolle in part fan ús gemeente ha. Hoe gean we dêrmei om? We moatte earst dúdlik ha wat we seis wolle en sjen wat oare gemeenten foar ús betsjutte kinne. We moatte ek sjen nei de sterke punten fan Boarnsterhim en besykje dêr sa folie mooglik út te sleepjen yn de ûnderhannelings. De keunst is om der sterker út te kommen, fynt de VVD. In ynsprekker yn Wergea hat sein dat Wergea, Warten en Warstiens by inoar bliuwe moatte. Dat is neffens de VVD ek in goede saak en dat hâldt ek yn dat it natuergebiet de Alde Feanen derby bliuwe moat. De hear Seldenrust hat in fraach oan de hear Bouma. We ha fannejûn nochal wat ynsprekkers hân, út organisaasjes en op persoanlike titel. Dochs docht bliken dat it hast 50/50 is fan de mienings, wêrby't de ien seit sa gau mooglik, op de 15® in beslút nimme om it proses net te fersteuren en sa gau mooglik weryndiele. De oare 50% wol dêrmei wachtsje en dat oer 3 maart hinne tille. De hear Bouma hat sein dat de VVD wol dat der op 1 5 desimber sa gau mooglik in beslút komt. Dan nimt de partij dus net de oare 50% serieus. De hear Bouma seit dat syn ynterpretaasje is dat it net 50/50 is, mar 70/30. In dúdlike mearderheid seit opheffe. Pagina 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 14