De hear Seldenrust seit dat it neffens him wol 50/50 is. De hear Bouma giet dêr even yn mei. De VVD hat lykwols ek in eigen miening en it grutste part fan de achterban seit dat weryndieling de béste opsje is. Neffens him is de mearderheid, 60% fan de ynsprekkers, foar opheffe. De VVD is dus foar weryndieling mei in tal betingsten. Dan kinne we der sterker útkomme, seit de sprekker. It duorret noch in tal jierren foar't we fan de artikel 1 2-status óf binne. Hy wol de opdracht meijaan oan it kolleezje om it proses yn te gean mei sa folie mooglik striidkrêft. Utstel hat net folie sin, want we moatte net oan de sydkant ófwachtsje. De hear Hemminga merkt op dat we as rie besluten ha om 15 desimber in útspraak te dwaan. Dêrfoar is in proses yn gong set om de befolking te rieplachtsjen. GB2000 konstatearret dat der in goede proseduere folge is wêrby't elk folop de gelegenheid hân hat om har miening te jaan. De mienings dy't út de ynspraak nei foaren kommen binne, binne nochal ferskaat. De riedsleden moatte dy ófweagje om úteinlik de goede kar te meitsjen. It hat gjin sin om de beslútfoarming op te skowen, fynt de partij. GB2000 fynt dat der mear as genóch ynformaasje op tafel leit om in kar te meitsjen foar selsstannichheid of weryndieling. Grûnslach foar de kar is de bestjoerlike en finansjele problematyk fan de gemeente en de Ontwikkeling fan de gemeenten om ús hinne. De partij wol net al te folie enerzjy stekke yn it praten oer de oarsaken. Hy hat seis de weryndieling yn 1984 as riedslid meimakke. Doe runen de emoasjes heech op. Elke gemeente woe selsstannich bliuwe. We ha meimakke dat Akkrum de status ferlern hat as haadplak en dêrfoar hat Aldeboarn de status ferlern. Mei-oarsaak foar de heftige emoasjes wie ek dat de weryndieling fan boppe-óf diktearre wie. De foarming fan Boarnsterhim wie in restkeuze, aldus de sprekker. De trije gemeenten dy't Boarnsterhim foarme ha, wiene gjin rike gemeenten mar ek gjin artikel 1 2- gemeenten. Der binne noch altyd in tal strukturele kosteposten dy't dêrfoar soargje dat de gemeente mei muoite de begruttings slutend meitsje kin. Dat hat te krijen mei Ryksbelied. It CDA hat sein dat we foar jild mar nei Den Haach gean moatte, mar sa wurket it net, seit de sprekker. De hear Zijlstra merkt - by ynterrupsje - op dat er him net werinnerje kin dat er dat sa sein hat. Hy hat sein dat by in eventueel weryndielingsbeslút dat miskien de som jild fergrutsje kin en it tempo fan de artikel 1 2-status fersnelle kin. De hear Hemminga seit dat we foar foarsjennings, lykas in fytspaad mar nei Den Haach gean moatte om dêr jild op te heljen. De hear Zijlstra seit dat it CDA dat neffens him keppele hat oan de stedsregio. De hear Hemminga seit dat it boadskip fanút Den Haach is dat wy mear taken krije op it boardsje fan de gemeente en dat der minder jild beskikber is. Oer de léste tsien jier seit er dat we net de bestjoerders mei kwaliteit hân ha, benammen op finansjeel gebiet. Der wiene te hege ambysjes. Dat is njonken de strukturele jildproblemen funest west foar de finansjele situaasje dêr't de gemeente no yn sit. Dêr is ek de rie skuldich oan. De kolleezjepartijen ha neffens GB2000 nea it lef hân om yn te gripen doe't der sinjalen kamen dat it net goed gong. Hy wol de FNP oanriede om de bondel fan Jan Galema mei artikelen oer de ôfrûne fjouwer jier nochris te lézen. Frou Veldstra merkt - by ynterrupsje - op dat de FNP fuortdaliks by de start fan dizze rie yn 2006 en 2007 twa kear in moasje yntsjinne hat oangeande de finansjele problemen en dat GB2000 dy net stipe hat. De hear Hemminga seit dat it derfan ófhinget hoe't in moasje formulearre wurdt. GB2000 hat wol trije kear tsjin de begrutting stimd. Dat is in dúdlik sinjaal hoe't je as partij tsjinoer de finansjele situaasje fan de gemeente stean. De hear Van der Woude is bliid dat de hear Hemminga ús ûnthâld oer de léste fjouwer jier wat opfrist oan de hén fan de bondel fan de hear Galema. Hy hie wol in wat widere blik fan de hear Hemminga ferwachte, dy't wat fierder giet as de ôfrûne fjouwer jier. De hear Hemminga seit dat er yn 1974 al yn de rie siet en dus in ein werom gean kin. Hy hie it no oer de twa léste perioades, dus net allinnich oer de léste fjouwer jier. Yn de léste fjouwer jier hat GB2000 wol dúdlik tsjin de begrutting stimd. Pagina 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 15