De hear Seldenrust wol de kwaliteit fan de hear Galema net yn twifel lûke, mar hy wol fan de hear Hemminga wite wêr't er wie op de middei dat der in finansjele analyze jûn waard fan de perioade 2004-2008 troch amtners fan de gemeente. De hear Hemminga fynt dat GB2000 al aardich wat ynformaasje hat oer hoe't de gemeente der finansjeel foarstiet. Op de middei binne der miskien wol wat saken nei foaren kaam om de saak te ferdúdlikjen. Hy riedet Seldenrust wol oan om it boekje fan Galema nochris te lézen. Mei it opstappen fan it foarige kolleezje yn febrewaris is der einlik in kearpunt kaam. Doe waard pas dúdlik hoe slim de situaasje wie. De rekken leit úteinlik by de ynwenners, belestings en heffings binne hjir it heechste fan Fryslân. Op foarsjennings foar de boargers moat aanst koarten wurde. Mei de koarting op it gemeentefûns yn it foarútsjoch foar 2011 sil it noch wol hiel lang duorje foardat in selsstannige gemeente Boarnsterhim finansjeel sûn wêze sil. GB2000 freget him óf oft dat yn it belang fan de ynwenners is. Moatte sy jierrenlang dy rekken betelje? De fraach oer it besteansrjocht fan de gemeente wurdt no mei klam steld. Oan it ûndersyksburo WagenaarHoes is in opdracht jûn en dat is mei in hânsum en lêsber rapport kaam. Mei it ûndersyk nei de sosjale gearhing fan Bügel Hayema in prima basis om ta in kar te kommen. It wie te ferwachtsjen dat tsjinstanners fan weryndieling fuortdaliks roppe dat it rapport net folslein is en te min djipgeand. We sjitte der neat mei op om de beslútfoarming út te stellen. Dat jout allinnich mar mear kosten en dêrtroch noch mear finansjele problemen en dêrtroch in noch hegere rekken by de boarger. As yn it rapport stiet dat in partij as GB2000 yn in nije konstellaasje nei alle gedachten net weromkomme sil, dan is dat in realiteit. Weryndieling giet om it belang fan de ynwenners en net om it belang fan de partijen. We ha in soad ynsprekkers heard en dat is hiel goed gongen. De mienings rûnen nochal útien. Stânpunten wurde faak ynnaam op basis fan emoasjonele gefoelens en minder op basis fan kennis. Der wiene ek genóch ynwenners dy't nuansearre stânpunten nei foaren brochten. Wat is no it béste foar ús ynwenners? In mearderheid fan de ynwenners sjocht in selsstannich fuortbestean fan de gemeente net sitten. GB2000 sjocht dan foaral ek nei de útspraken fan Pleatslik Belangen. Der wurdt wol in protte wearde hechten oan it plattelânskarakter fan de gemeente Boarnsterhim, lykas omtinken foar de doarpen, de doarpskultuer en it yn stén hélden fan de foarsjennings dy't hjir goed binne. Dizze punten wurde sawol troch de foarstanners as de tsjinstanners fan weryndieling brûkt en soms ek as argumint mei hokker gemeente wy fusearje moatte soene. De fraach is oft dat yndie sa'n ferskil is. Der ha ek in tal Pleatslik Belangen praat mei de kollega's yn omlizzende gemeenten. Dêrút docht net bliken dat in grutter plak of stêd in remjende faktor wêze soe op de plattelêns- en doarpskultuer. It tsjindiel blykt ek wol. By gruttere plakken, seis in stêd as Ljouwert, is dúdlik it besef oanwêzich dat it plattelén en doarpen in wichtige tafoege wearde ha. It is wol goed om dit aspekt aanst nochris goed te besjen yn de petearen dy't komme mei de buorgemeenten. Ek Den Haach fynt dit wichtich, dat blykt ek út in brief fan de steatssekretaris oan de Twadde Keamer fan 19 novimber 2009. Op it beskriuwen fan de gemeentlike fisy by it weryndielingsproses leit noch in taak. Wy moatte der rekken mei hélde wat gemeenten om ús hinne wol of net wolle. Den Haach hat oanjûn dat de weryndielingsproblematyk fan Onderen óf komme moat. It giet no alle kanten op en rezjy Ontbrekt. Dat kin ûnwinske Ontwikkelings opleverje. De opstelling fan It Hearrenfean en Smellingerlén hat de druk op de provinsje om dochs wat te dwaan oanmerklik ferhege. We soene op basis fan in keuze fan in tal dúdlike kearnplakken nije grinzen bepale moatte rekken héldend mei sosjaal-geografyske gearhing en natuerlike grinzen, mar dat is teory seit de sprekker. De fraksje fan GB2000 kiest foar weryndieling. De partij sjocht foar de takomst gjin plak foar in selsstannich Boarnsterhim, mar hat noch gjin dúdlike miening oer hoe't de weryndieling der krekt út komme moat te sjen. In dúdlik ramt dêrfoar binne foar GB2000 natuerlike grinzen, sosjale gearhing en duorsumens. Besjoen moat wurde hokker konsekwinsjes dêroan sitte. It liket de partij net helber om 1 5 desimber al sa'n dúdlike kar te meitsjen foar grinzen en parten fan de gemeente. Dêrfoar moatte de konsekwinsjes fan de alternativen yn kaart brocht wurde en moat ûndersocht wurde hoe't de fúzje fan de fúzjepartners op dit soart punten is. En der moat sjoen wurde hoe't de buorgemeenten tinke oer de foarsjennings dy't yn de gemeente goed binne. Pagina 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 16