útkomme te kinnen. Moarn of oaremoarn krije we it útstel fan it kolleezje. Se hopet dat dêr dan ek wat fan fannejûn yn meinaam is. 15 desimber ha we de kâns om moasjes en amendeminten yn te tsjinjen en dy sille der ek komme fan de FNP. De partij is fan miening dat we op 15 desimber noch gjin beslút nimme kinne oer weryndieling. De partij hat altyd foar de selsstannichheid pleite en wol dat ek sa lang mooglik oerein hâlde. As bliken docht dat selsstannichheid absolút net oan de oarder is, dan kin it bést wêze dat de FNP letter mei in eventuele weryndieling ynstimme kin, mits der in goed ûnderboud ferhaal leit. De hear Van der Woude freget - by ynterrupsje - oft de FNP op 15 desimber hielendal gjin beslút nimme wol, of gjin beslút nimme wol om selsstannich te bliuwen. Frou Veldstra seit dat it moai wêze soe om in beslút te nimmen om selsstannich te bliuwen. De partij nimt leaver it beslút nei de ferkiezings. De hear Zijlstra freget - by ynterrupsje - oft de moasjes en amendeminten ek nei dy winske selsstannichheid ta gean. Frou Veldstra seit dat dat ek fan it útstel fan it kolleezje ôfhinget. De hear Zijlstra seit dat it kolleezje wol gau mei in foarstel komt, mar hy kin him foarstelle dat de FNP it kolleezje de foarkar foar selsstannichheid noch meijaan wol. Frou Veldstra jout oan dat dat ek fan de artikel 1 2-status ófhinget, mar dat hiele proses kin jierren duorje. Toan mar ris dúdlik oan wêrom't dizze gemeente net selsstannich fuortbestean kin. De hear Zijlstra wol noch graach yngean op de rapporten fan Bügel Flayema en WagenaarFloes. Dat binne njonken de mienings út de petearen wichtige boustiennen foar it stânpunt fan CDA. It sosjaal-geografysk ûndersyk fan Bügel Flayema befestige wol wat der yn de doarpen oer sein is. Ek it rapport fan WagenaarHoes kloppet foar it grutste part wol. Je kinne mei de opstellers yn diskusje gean om der wat mear nuânse yn oan te bringen. De opset fan it ûndersyk nei hokker type gemeente nedich is om wichtige opjeften útfiere te kinnen, hat goed west. En ek de fraach wat dat betsjut oar de bestjoerlike takomst fan Boarnsterhim wie goed. Wat we fuortwurkje moatte is de behearachterstân, de achterstallige situaasje yn de bedriuwsfiering, de finansjele achterstén, de herstrukturearring en de bou fan sa breed mooglike skoallen yn Akkrum, Grou ensfh. It resultaat fan it ûndersyk fan WagenaarFloes kloppet op haadlinen aardich. Sy stelle dat Boarnsterhim nea in ienheid west hat sûnt 1984. De trije gemeenten woene net by de stêd en sa dntstie dizze gemeente. It hat konsekwinsjes hén yn de beslútfoarming en de gearwurking tusken it kolleezje en de rie hat net altyd optimaal west. Dat hat in soad jild koste, mei fanwege de ynhier fan eksterne minsken. Boarnsterhim hie by de start al in achterstén dy't de gemeente nea fuortwurke hat. It duorret no hiel lang om der wer boppe-op te kommen. Elk dy't tinkt dat it oars kin is te opportunistysk neffens it CDA. It skrappen yn foarsjennings fynt de partij in te hege priis. De hear Riemersma freget de hear Zijlstra, as we al weryndiele, oft er tinkt dat alle ellinde dy't er sketst oan ús foarby giet? Tinkt er dat de buorgemeenten de tekoarten wol betelje? De hear Zijlstra ferwachtet dat de artikel 1 2-status de proseduere fan weryndieling fersnelle kin. De oprop fan it CDA oan it kolleezje is om mei de deputearren nei Den Flaach te gean en dêr in goed petear te hélden. En soargje derfoar dat it rapper giet as fjouwer, fiif jier, seit de sprekker. De hear Riemersma seit dat wethélder Van Beek seit dat by de artikel 12-status ek sûnder weryndieling it in bedrach ynienen wêze kin of dat it útsmard wurdt. De hear Zijlstra seit dat at je it foarútsjoch ha dat der weryndield wurdt, dat is it Ryk gauwer nige om de saak rapper óf te hanneljen mei hegere bedraggen yniennen. It CDA fynt net dat wy ús ynwenners dy hege priis betelje litte moatte en noch langer te wachtsjen. De partij wachtet it foarstel fan 1 5 desimber óf. De hear Seldenrust merkt - by ynterrupsje - op dat de hear Zijlstra blykber sa gau mooglik nei in weryndieling ta wol. Yn it rapport WagenaarFloes binne trije opsjes neamd. Giet de hear Zijlstra foar opsje 3? De hear Zijlstra seit dat it de opsje fan weryndieling is. De hear Seldenrust merkt op dat dan in ferdieling plakfine sil op basis fan natuerlike grinzen fan byg. it Prinses Margrietkanaal. Pagina 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 18