De hear Zijlstra seit dat hoe't it der fierder út komt te sjen ek ôfhinget fan de quickscan dy't it kolleezje dwaan sil. De hear Seldenrust seit dat de hear Zijlstra oanjûn hat dat de ynwenners it noch swier krije mei alle lesten dy't derby komme. Is it him dan ek bekend dat ûnder ús kanaal mei in mooglike weryndieling mei It Hearrenfean dat dy gemeente der ek net sa goed foarstiet en dat dy ynwenners júst in noch folie swierdere domper te ferwurkjen krije? De hear Zijlstra seit dat er nijsgjirrich is nei de útkomsten fan de quickscan. De hear Hemminga freget wêrop't de hear Seldenrust it argumint fan de buorgemeente basearret. De hear Seldenrust antwurdet dat it in publyk geheim is dat de gemeente It Hearrenfean ek neidat der aanst út it gemeentefûns minder jild komme sil, behoarlik finansjele swierrichheden hat. De hear Hemminga freget oft dat net foar alle gemeenten jildt. De hear Seldenrust is it mei him iens, mar seit dat der gemeenten binne dy't der better foarstean as It Hearrenfean. De hear Hemminga seit dat er dan graach konkrete sifers ha wol fan dy gemeenten, foardat dit as argumint brûkt wurdt. De hear Zijlstra seit dat it CDA de resultaten fan it ûndersyk fan it kolleezje ôfwachtet en op 15 desimber it beslút nimme sil foar weryndieling. De hear Bouma merkt op dat wêr't wy hinne moatte, noch net hielendal dúdlik is. Alle doarpen ha oanjûn wêr't se hinne wolle. Miskien moat dêr dan de rezjy fan de provinsje by komme. De kommende perioade wurdt útsocht wat de winsken binne by de oare gemeenten. De VVD wachtet dat mei spanning óf. De partij tinkt dat we nei de takomstige partners in goed ûnderhannelingstrajekt ynsette moatte. We ha as gemeente ek wat te bieden. We ha in strategyske lizzing tusken Ljouwert en It Hearrenfean en dat moatte we benutte kinne. De artikel 1 2-perioade jout noch ûndúdlikheid. De boargemaster seit dat it fiif jier duorje kin, op de jûnen waard sein dat it miskien trije jier duorje kin. Dêr moat dochs helderheid oer komme, fynt de sprekker. De voorzitter merkt op dat de periode nu vijf jaar is. Er zijn een aantal bedreigingen, dus je kunt niet uitsluiten dat het nog één of twee jaar langer zal duren. We kunnen ook proberen tot een propositie te komen dat het sneller gaat en de zaak naar voren gaat halen. Maar daar kunnen we nu geen garanties over geven. De hear Bouma seit dat er hopet dat de perioade sa koart mooglik duorret. It CDA hat sein dat it yn twa jier moat kinne, mar dat liket him in utopy. Ynsprekker Wiersma sei dat je miskien net fuortdaliks weryndiele moatte mei Ljouwert, mar moatte we earst in perioade fan frijaazje oangean. Hy seit dat de VVD der gjin ferlet fan hie om nei de gearkomste fan de ófdieling finênsjes. De partij wyt likernóch wol hoe't de flagge derby hinget. En frou Veldstra sei dat der tolve kear sprake wie fan in reorganisaasje. Soe it dan net oars moatte en miskien yn in grutter gehiel opgean? Frou Veldstra dielt mei dat se seis ek in tal reorganisaasjes yn dit bedriuw meimakke hat. Se wol allinnich mar oanjaan dat dat hast ien yn de twa jier is. At der in goede oanstjoering west hie, dan wie dat neffens har safier net kommen. By de finansjele middei hat de partij in soad saken heard dy't de oare riedsleden no misse. De hear Bouma seit dat we miskien noch ien reorganisaasje ha moatte, nammentlik de weryndieling. De hear Hemminga merkt op dat de diskusje op 1 5 desimber sa folie mooglik oer feiten gean moat. Op de ynspraakjûn yn Akkrum waard troch in ynsprekker sein dat de gemeente It Hearrenfean neat mei wettersport hat. Hy freget him óf watfoar marren der yn de gemeente It Hearrenfean lizze. In oare sprekker sei dat dat no krekt de kâns is omdat It Hearrenfean dan wol wettersport ûntwikkelje kin. At je net wite wat de gemeente It Hearrenfean der seis fan fynt dan moatte je dat ek net yn de diskusje bringe, fynt de sprekker. De hear Seldenrust seit dat er It Hearrenfean net brûkt hat as argumint dat we der net nei tagean moatte. Hy hat de gemeente neamd omdat de hear Zijlstra nochal negatyf wie oer wat ús Pagina 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 19