riedsferkiezings op 3 maart freegje. Dan hearre jimme de miening fan sawat 75 fan ús ynwenners. Mar dat hoeft tink net want jim witte it al. Allinne as ynwenners, 1 kear yn de fjouwer jier, feroarje yn kiezers dan skynt har miening foar bestjoerders interessant te wurden. Sa hellet it CDA al geregeld de krante mei in stikje bliid boadskip", foar de ferkiezings fan takom jier. Mar ik hie leaver dat it CDA my fertelde hoe't har wethâlder safolle jild fergrieme koe oan skoallen en wêrt de 12 prosint OZB ferheging, betelle troch ús en ornearre foar it fytspaad nei Warten, bedarre is. Dat soe ik as kiezer graach ris fan it CDA hearre wolle. Ek de P.v.d.A. hat fansels al wer pland wanneart de roazen útdeeld wurde moatte want ja kiezers der moat je foar yn 't spier. Mar Boarnsterhim, en de ynwenners dêrfan dy't se sizze te fertsjintwurdigjen, op te delen liket hjir syn beslach te krijen sûnder dizze kiezers te freegjen wat se dêrfan fine. Se sitte op har stoel as folksfertsjintwurdigers mar dêr liket it net op. Se betochten in trajekt wer't se seis de útkomst, fan't simmer faaks al, fan wisten. Net ien skynt belang by de miening fan de ynwenners te hawwen. Tige ûndemokratys. Sa bliuwt Boarnsterhim in gemeente wert de sinne foar de ynwenners mar net skinen giet. Hepke Hiemstra Stationsweg 20 Grou til: 0566 622051

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 38