lesteferswierring foar de mienskip. Ek it risiko fan ôfbraak fan besteande foarsjennings en de oantaasting fan de leefberens binne yn dit Ijocht reëel en dy ferantwurdlikheid wol de partij net drage. De hear Riemersma merkt - by ynterrupsje - op dat de FNP om trije moanne útstel frege hat en dat nei dy trije moanne it ferhaal fan de hear Van der Woude net mear doocht. Dy trije moanne binne neffens him essinsjeel. De hear Van der Woude seit dat it gjin trije moanne wêze sil. It sil gau in moanne of fiif, seis wurde. De nije rie kin net yn maart fuortdaliks beslute. Der moat boppedat noch in neier ûndersyk komme en dêr is ek seis wike foar nedich en dan is it april, maaie. De PvdA tinkt dat dat te let is. De hear Riemersma merkt op dat it ûndersyk likegoed wol trochgean kin, oft we dit no útstelle of De hear Van der Woude seit dat we net earder in ûndersyk by of oerlis mei oare gemeenten dwaan kinne of der moat in formeel beslút wêze dat we dat wolle. We hawwe yn de rjochting fan ús mienskip de plicht om de delgong sa koart mooglik te hélden. De partij sjocht dêrta reële mooglikheden, as we tinke oan it adagium dat it ministearje fan Ynlânske Saken hantearret. Trochslachjouwend foar de PvdA-fraksje om te kiezen om dizze gemeente op te heffen, en dan mikt de partij op uterlik 1 jannewaris 2013, 2014, binne de lûden dy't nei foaren kaam binne by de doarpspetearen, út de doarpsenkêtes, fan de leden en de petearen op strjitte. De partij konkludearret dat in mearderheid fan ús bewenners, maatskiplike organisaasjes en bedriuwslibben kiest foar in weryndieling en sa mooglik op koarte termyn. Mar dat is net genôch, ek moat dizze rie him útsprekke oer it hoe en mei wa. Mar dêrfoar beskikke we op it stuit noch oer te min ynformaasje. It is winsklik om op koarte termyn ûndersyk te dwaan nei in tal aspekten by de meast yn oanmerking kommende gemeenten. In soad ynwenners en ferienings fan doarpsbelangen fine de hjoeddeistige ynformaasje net-foldwaande om in goede kar te meitsjen en de partij ûnderskriuwt dat. Mar it kolleezje pleitet no ek foar sa'n ûndersyk en ek om dat yn in koarte tiid te dwaan. Noch yn dizze riedsperioade moat der in beslút naam wurde oer hoe't nei ús betinken de weryndieling wurklik yn kaart brocht wurde moat. Wat wy hjoed en hooplik yn febrewaris 2010 beslute, it binne de earste oansetten om ta in weryndieling te kommen. Wilens it proses kinne him altyd kânsen en gelegenheden foardwaan dy't it plaatsje beynfloedzje kinne. De partij stimt dus yn mei it kolleezje-útstel sa't it foarleit. It kolleezje moat op koarte termyn mei de fertsjintwurdigers fan de provinsje en it ministearje fan Ynlânske Saken oerlis ha oer de ferkoarting fan de artikel 1 2-perioade mei behâld fan de útkearings as soe it in normale perioade wêze fan fiif, seis jier. Dan noch in puntsje fan krityk. Yn septimber ha we mei inoar ôfpraat dat der gjin stânpunten ynnaam wurde soene oant de ynhâldlike behanneling ta. De partij fynt it net passend dat it kolleezje by it foarstel oan de rie op 22 septimber wol yn it iepenbier in foarkar útsprutsen hat. De hear Zijlstra merkt - by ynterrupsje - op dat er goed libje kin mei it punt fan it ôfreizgjen mei minsken fan de provinsje nei it Ryk ta om oer de artikel 1 2-status te praten. Hy wol fan Van der Woude wite oft er bedoelt dat de weryndieling uterlik 1 jannewaris 2013 of 2014 stâl krije moat. De hear Van der Woude seit dat syn foarkar is 1 jannewaris 2013, mar omdat we fan oaren ófhinklik binne, kin it wêze dat dy perioade wat te koart is en dat we miskien op 1 jannewaris 2014 útkomme sille. Letter moat it nea wurde. Frou Veldstra seit dat 15 desimber 2009 in historyske dei is yn de skiednis fan Boarnsterhim. Sy ropt de rie op om it opinystik fan Pyt Hemminga yn it desimbernûmer fan De Moanne te lézen. Pyt Hemminga seit dat it rapport Wagenaar-Hoes net as grûnslach foar fiergeande besluten tsjinje kin, en dat de nedige Onderbouwing ûntbrekt. It beslút is te hastich. Yn de gearkomste fan 1 desimber hat boargemaster Baas sein dat de gemeente yn elk gefal noch fiif jier bestean bliuwe sil, seis ek mei in weryndieling yn it foarútsjoch. Wat is dan de reden om no al te besluten? De partijen yn dizze rie meie har nochris útsprekke, wylst fjouwer fan de fiif partijen al útsprutsen ha om Boarnsterhim op te heffen en de gemeente op te dielen. It proses is al yn gong set. De earste ferkennende petearen mei de ynspekteur oer de artikel 12-status ha al west. Moarn stiet der al opnij in petear pland. It kolleezje is fan doel om binnen seis wike mei in útstel nei de rie te Pagina 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 21