kommen dêr't yn dúdlik makke wurdt hoe't de gemeente Boarnsterhim ferparte wurde sil. Wat ynbrocht is op de petearjûnen wurdt yn it foarstel selektyf of net brûkt om doarpen al of net by bepaalde gemeenten yn te dielen. It liket derop dat de petearen brûkt binne om de minsken in woarst foar te hâlden. De FNP ferwachtet dat guon doarpen aanst sterk teloarsteld wurde as de rjochting fan it kolleezje oernaam wurdt en dat der in lytse opstân komt. Yn it foar it der in yndieling makke dy't der trochdrukt wurdt. Doarpsbelang Warten hat bygelyks op 1 desimber útsprutsen om mei de Alde Feanen nei Tytsjerksteradiel te wollen. Út it foarstel fan it kolleezje: "Zo geeft het noordelijke deel van dit gebied aan er aan te hechten dat Wergea, Warten, Warstiens en de Alde Feanen in de toekomst bij elkaar zouden moeten blijven en dus gezamenlijk onderdeel van een nieuwe gemeente zullen moeten gaan uitmaken." De FNP is benijd hoe't it kolleezje hjirmei omgean sil. Itselde jildt foar de grinskorreksjes dêr't oer skreaun wurdt. Hoefolle en hokker grinskorreksjes binne der mooglik? Itselde jildt foar de konsultearre gemeenten. Is dat ynklusyf Tytsjerksteradiel en Opsterlân, of ha we it allinnich oer Ljouwert, It Hearrenfean, Skarsterlân, Snits en Littenseradiel? De FNP kin him net fine yn wat der yn it foarstel stiet oer in takomstige weryndieling. It is de partij dúdlik wurden dat gjin inkeld doarp by It Hearrenfean wol. Doarpen oan de súdkant wolle yn mearderheid nei Skarsterlân (Terherne) of Opsterlân (Aldeboarn). Yn Akkrum-Nes hat neffens Pleatslik Belang in mearderheid keazen foar Skarsterlân, neffens de website: 67% foar Skarsterlân en 22% foar It Hearrenfean. Yn it kolleezjestik stiet dat de mearderheid fan dat doarp nei It Hearrenfean wol. Reduzum hat yn mearderheid net keazen foar Ljouwert: 43% hat keazen foar Ljouwert en 57% eat oars. Inkelde plakken yn de Lege Geaën, lykas Tersoal, ha oanjûn nei Snits te wollen. Oare doarpen wolle miskien ek wol nei Littenseradiel. Mar hoe komt it as de nij te foarmjen Súdwesthoeke der net mear by ha wol of kin? As alternatyf Littenseradiel yn plak fan Ljouwert? Der wurdt steld dat de lûden om selsstannich te bliuwen fier yn de minderheid wiene yn ferliking mei de stimmen dy't fine dat de gemeente net selsstannich bliuwe moat. Yn hoefier is dat teld? It kolleezje hat it yn de kommunikaasje nei de doarpen sa brocht dat in soad doarpen de fraach oer selsstannich fuortbestean net iens meinaam ha yn de enkêtes. Yn Grou wie der by Pleatslik Belang in ferdieling fan 50% foar en 50% tsjin by de fraach al of net fierder mei de gemeente. Dêr wie de fraach wol steld oangeande de selsstannigens. Dêrom wol de FNP no net in beslút nimme, mar it útstelle oant nei de ferkiezings. Neffens it kolleezjestik is de skjinne oplevering yn jannewaris 2013. Yn it stik stiet lykwols dat it kolleezje de rie gjin wissigens biede kin. Se wol dêr noch graach in reaksje op ha. En se wol wite yn hoefier it wis is dat it lestenivo fan ús ynwenners omleech gean sil, sa't yn it stik stiet. Lykas oankundige komt de partij mei in moasje foar in referindum. Foar de FNP is dat noch altyd it meast eigene middel om dúdlikens te krijen oer wat de mearderheid fan de befolking wol. Dêrnei kin de nije rie de útkomst fan it referindum brûke om de miening fan de mearderheid fan de befolking út te wurkjen. Se lést de moasje foar. De ried fan Boarnsterhim, yn gearkomste byien op 1 5 desimber 2009. Lézen it útstel fan B&W, oangeande aginda punt 2.1 oer Prinsipe-beslút weryndieling Is fan miening dat de befolking fan de gemeente rieplachte wurde moat oangeande de takomst fan dizze gemeente Dat in referindum ûnder de befolking hjirfoar it meast gaadlike middel is om't: a. dêrmei in hege opkomst te ferwachtsjen is en it dêrtroch in demokratysk middel is; b. It Onderwerp weryndieling/opdieling/fúzje gin Onderdiel wie fan de foarige riedsferkiezings en boargers har dêrom no útsprekke kinne; c. Jo de útslach en de miening per stimlokaal besjen kinne en op basis dêrfan goede beslúten foar alle doarpen nimme kinne; d. Jo dêrmei ek de flaters fan 1984 foarkomme kinne troch fan Onderen op te wurkjen Dat in referindum yn kombinaasje met de gemeenteriedsferkiezings op 3 maart 2010 hélden wurden kin. Dat foarôfgeande oan in referindum foldwaande gelegenheid wêze moat om alternativen mei foar- en neidielen yn diskusje te bringen Onder de befolking Pagina 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 22