Beslút: - it kolleezje fan B&W op te dragen tariedings te treffen yn goed oerlis mei de ried foar de organisaasje fan in rerefereindum oer de bestoerlijke takomst fan de gemeente Boarnsterhim, tagelik mei de ferkiezings fan de gemeenteried te hâlden op 3 maart 2010; - dêrta yn de kommende riedsgearkomste mei in útstel foar in referindumferoardering te kommen (op basis fan foarbylden dy't der al lizze); En giet oer ta de oarder fan 'e dei De hear Van der Woude seit - by ynterrupsje - dat frou Veldstra it proses sketst foar it hâlden fan in referindum. We wite allegear wol hoe't dat proses yn inoar stekt. Wat is de fraachstelling yn it referindum, wol er wite. Frou Veldstra seit dat se 1 desimber al twa fragen op papier hie, mar dat de rie dêr net sa entûsjast oer wie. Mar miskien hat de rie noch suggestjes. De hear Van der Woude seit dat de FNP in referindum hâlde wol, dan kin dy partij ek sizze wat de fraachstelling wêze moat. Frou Veldstra werhellet de fragen dy't se 1 desimber foarlein hat. Dat wie: fine jo dat de gemeente Boarnsterhim sa gau as mooglik opdield wurde moat, ja of nee? Of fine jo dat de gemeente Boarnsterhim mei help fan artikel 12 en gearwurking mei oare gemeenten foar selsstannichheid gean moat, ja of nee? De hear Zijlstra seit: stel dat der minsken dy't it net iens binne mei de artikel 1 2-status, wat moatte se dan antwurdzje? Frou Veldstra tinkt dat we dêr net oan ûntkomme, dat proses binne we al yngongen. De hear Zijlstra seit dat it derom giet wat de minsken antwurdzje moatte. Frou Veldstra merkt op dat de hear Zijlstra ek mei in oare fraach komme mei. De hear Zijlstra seit dat it hast ûnmooglik is om hjir goede fragen foar op te stellen. Frou Veldstra merkt op dat dat yndie dreech is, mar se wachtet de suggestjes óf. De hear Zijlstra dielt mei dat de fraksje fan it CDA kiest foar weryndieling. Dit stânpunt is basearre op de petearen mei de doarpen, de doarpsenkêtes, ynkommen brieven en reaksjes fan it maatskiplik middenfjild. Dêrneist ha oare maatskiplike ûntwikkelings en de swakke finansjele posysje ynklusyf de artikel 1 2-status bepalend west foar it stânpunt. De partij fynt dat we no in beslút nimme moatte, sadat we fierder sjen kinne nei de takomst fan ús ynwenners. It CDA giet net mei yn foarstellen dy't beslútfoarming op 'e lange baan skowe, lykas in referindum. Weryndieling is de meast realistyske en duorsume oplossingsrjochting om te kommen ta in sterke regio, fynt de partij. It takepakket fan de gemeente fanwege de desintralisaasje fanút it Ryk sil groeien bliuwe. Dêrneist stelt de maatskippij hieltyd mear en hegere easken en dit freget tefolle fan it beliedsmjittich fermogen fan de amtlike organisaasje. Weryndieling kin bydrage ta in mear robúste en slachfeardige gemeentlike organisaasje. In gruttere gemeente kin klantgerjochter wurkje en we hoege minder ekstern personeel yn te hieren. De partij kiest ek foar weryndieling omdat de bestjoerlike gearwurkingsferbannen hieltyd grutter wurde, bygelyks de takomstige regionale omjouwingstsjinst en de feiligensregio. Hjirtroch nimt de kaderstellende en kontrolearjende rol fan de gemeenterie óf. Rie en kolleezje ha te min grip op gearwurkingsferbannen omdat de gearwurkjende oerheden kompromissen slute moatte. Dit bart foar in part bûten de rie om. De demokratyske legitimaasje komt sa hieltyd mear yn de knipe. It CDA fynt dat it plattelân fan Boarnsterhim en de omlizzende stêdlike gebieten inoar nedich ha en inoar fersterkje kinne. Mar it belang fan de stêd mei net oerhearskje en te koste gean fan it griene hert fan Fryslân. In utere beswier is dat de belutsenens fan de boarger by har omjouwing ófnimme sil. It CDA tinkt dat de belutsenens en identifikaasje fan ús ynwenners foaral rjochte is op it doarpsnivo. Wichtich is dat in gemeentlike oerheid dúdlike Ontwikkelingskaders stelt en romte lit foar inisjatyf út it maatskiplik middenfjild. De nije gemeente moat in aktyf doarpebelied fiere, dat in bepaalde mate fan selsbestjoer mooglik makket. Dit binne de arguminten fan it CDA om it foarstel fan it kolleezje te Onderskriuwen en te kommen ta in weryndieling mei meardere gemeenten en yn te stimmen mei de foarstelde ferfolchprosedueres sadat we yn febrewaris Pagina 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 23