komme kinne ta in ferfolchbeslút. Pas dan nimt it CDA in beslút oer hoe't dat der op de kaart útkomt te sjen. Foar it beslút yn febrewaris sil it kolleezje ferfolchpetearen oangean mei de oernamekandidaten. Fan dizze gemeenten wol it kolleezje wite hoe't it doarpsbelied regele is, de finansjele posysje, en de fisy op de weryndieling. Dit is wat te frijbliuwend, fynt de partij, want we wolle mear saken wite. It CDA hat in pear gesprekspunten op papier set dy't nei foaren komme moatte as betingsten by de weryndielingsûnderhannelings. Dan wite de oernamekandidaten fuortdaliks wêr't se oan ta binne en dan wite wy as rie ek wat we oan ús buorgemeenten ha. Dizze gesprekspunten binne getten yn in moasje. De ferskate identiteiten fan de doarpen meie net ûndersnije yn in nije gemeente. It plattelânskarakter fan ús gemeente moat behâlden bliuwe mei omtinken foar it agrarysk gebrûk en de wettersport. It CDA ferwachtet fan de nije gemeente dat elk doarp in doarpskoördinator kriget en dat moat in persoan wêze mei foech en in eigen budzjet. It CDA wol dat de doarpen fan de nije gemeente in wurkbudzjet krije kinne foar lyts ûnderhâld en lytse rekreative foarsjennings. It foarsjenningsnivo mei net fierder ôfnimme, omdat dizze foarsjennings al yn de nije sintrumplakken oanwêzich binne. De nije gemeenten moatte de doarpen stimulearje om har doarpsfisys te aktualisearjen en foar de nije gemeenten moatte de doarpsfisys as rjochtline tsjinje foar de ûntwikkelingsrjochting fan de doarpen. - De tsjinstferliening oan de boarger mei der troch de weryndieling net op achterút gean. Dêrom pleitet it CDA foar servicepunten yn doarpen as Grou, Akkrum en Poppenwier, ófhinklik fan de yndieling fan de nije gemeenten. De hear Seldenrust merkt - by ynterrupsje - op dat it CDA yn dizze moasje nochal wat easket. At omlizzende gemeenten hjir net oan temjitte komme wolle yn de ûnderhanneling mei út kolleezje, is it CDA dan fan miening dat we dan mar selsstannich bliuwe moatte? De hear Zijlstra seit dat je yn in ûnderhannelingstrajekt bepaalde punten meinimme moatte. We moatte dêrby net te leech ynsette. De hear Van der Woude merkt - by ynterrupsje - op dat de rie frege hat om in ûndersyk nei in tal aspekten te dwaan. Hy tinkt dat it CDA hjirmei in stap fierder giet en fynt it hiel sterk útdrukt. De hear Hemminga merkt - by ynterrupsje - op dat er by dizze punten de yndruk krijt dat wy earder oare gemeenten oernimme as oarsom. De hear Bouma seit - ek by ynterrupsje - dat it him ek fernuveret. Hy kin him foarstelle dat in doarp in bepaalde identiteit hat, en dat dat net ôfhinklik is fan de gemeente. Hoe sjocht Zijlstra dy bedrigings? It kolleezje seit al dat der skrast wurde moat yn in tal foarsjennings, wylst Zijlstra seit dat we dy oerein hâlde moatte. Hy tinkt dat dat foardegek-hâlderij is. De hear Zijlstra seit dat de identiteit yts is dêr't de nije gemeente ek oan meiwurkje wol. It foarsjenningsnivo hâlde is in opdracht nei de nije gemeenten. Bygelyks fuotbalfjilden moatte ek yn de doarpen bestean bliuwe en moatte net nei it sintrumplak ta gean. N.o.f. de opmerking fan Van der Woude seit er dat it CDA it foarstel fan it kolleezje ûnderskriuwt. It ûndersyk stiet dêryn en de trije punten. It CDA fynt dat te frijbliuwend. De hear Van der Woude freget him óf oft Zijlstra wyt hoe't it hiele trajekt fan in weryndielingsbeslút rint. De boargemaster hat wolris sein dat we net mei de pet yn de hân nei de buorgemeenten gean. Wy dogge dat rjochtop, mar mei in grutte mûle komme we ek net safier. We ha neat te easkjen. De hear Zijlstra seit dat we wol wat te bieden ha en dat is in prachtige gemeente. Hy kin him foarstelle dat oare fraksjes de moasje noch oanfolje kinne mei in pear punten. De hear Seldenrust tinkt dat we earder punten skrasse moatte. De hear Zijlstra seit dat we it dêr tusken de earste en twadde termyn oer ha kinne. Hy lést de moasje foar. De raad van de gemeente Boarnsterhim, in vergadering bijeen op 15 december 2009, Overwegende, dat de gemeente na het herindelingsbesluit van 15 december 2009 zal worden opgedeeld over meerdere gemeenten; Pagina 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 24