We moatte weromhâldend wêze mei it ferheegjen fan de lesten foar ús boargers. De VVD kin him fine yn de trije útstellen fan it foarstel. De hear Zijlstra ferwachtet wol wat stipe op de CDA-moasje. Hat Bouma ek in miening hoe't it komme moat mei Akkrum? De hear Bouma seit dat we aanst sjen moatte wat Akkrum wol. Dat hinget ek fan de petearen óf. De hear Zijlstra freget n.o.f. de opmerking fan de hear Zijlstra dat de trije W's by inoar bliuwe moatte oft it ek sa wêze kin dat Wergea nei Tytsjerksteradiel giet, mei Warstiens en Warten. De hear Bouma seit dat se dat seis net oanjûn ha. De hear Hemminga seit dat GB2000 op 1 desimber al oanjûn hat foar weryndieling te kiezen. De kearn fan de problematyk leit foaral op finansjeel gebiet, struktureel likegoed as ynsidinteel. Der is troch de rie frege om ynsjoch hoe't dizze situaasje ûntstien is. De ynformaasje dy't we krige ha is benammen technysk. Der is noch net praat oer de politike ferantwurdlikheid foar de situaasje dêr't de gemeente yn sit. Frou Veldstra sei by de foarige gearkomste dat de FNP fuortdaliks by de start fan dizze rie yn 2006 en 2007 twa kear in moasje yntsjinne hat oangeande de finansjele problemen en dat GB2000 dat net stipe hat. Hy hat doe sein dat it ek ófhinget fan de formulearring. Op 14 novimber 2006 by de begruttingsbehanneling fan 2007, is troch de FNP in moasje yntsjinne en by de behanneling fan de begrutting 2008 en 2009 hat gjin sprake west fan in moasje. De moasje yn 2006 gong benammen oer de organisaasje-ûntwikkeling dy't frege om in aksjeplan fan in fuortgongsrapportaazje. De moasje woe mear Frysk yn it opliedingsbudzjet en net mear yn see gean mei projektûntwikkelders. Dat is dochs wat oars as prate oer de strukturele finansjele problemen, fynt de sprekker, en dêr gong it fjirtjin dagen lyn oer. Gjin inkelde partij hat dy moasje doe stipe. By de behanneling fan de jierrekken 2006, yn juny 2007, hat in ynsprekker doe al wiisd op de weromgong fan de finansjele posysje fan de gemeente en dy hat doe al pleite foar in ynhâldlike diskusje oer it besteansrjocht fan de gemeente. Mar dêr hat de FNP doe hielendal net op reagearre. Oangeande de politike ferantwurdlikheid moat GB2000 ek de hân yn eigen boezem stekke. De partij hat yn de perioade 2002-2004 in wethâlder levere. De fraksje hat in dualistike ferhâlding mei it kolleezje. De kolleezjeleden hiene yn de eagen fan de fraksje net de kwaliteit foar in goed bestjoer fan dizze gemeente. Dizze krityske hâlding is net feroare by it optreden fan it foarige kolleezje. De finansjele problematyk is troch beide kolleezjes net goed oppakt. Erken ek ris dat dat net goed oppakt is, seit er yn de rjochting fan de CDA-fraksje. It wiene altyd CDA-wethâlders dy't finânsjes yn de portefeuille hiene. De finansjele posysje fan de gemeente is no sa dat der ek yn de neiste takomst net folie perspektyf is, foar in sûne eksploitaasje. De mienings rinne nochal ris út inoar en binne faak basearre op ferûnderstellings en emoasjes. De FNP hat oanjûn dat de diskusje stjoerd waard nei de kar foar weryndieling. De FNP hat ek in soad muoite dien de diskusje te stjoeren nei it selsstannich bliuwen fan dizze gemeente. De hear Riemersma seit dat FNP-leden seis wite meie wat se dogge. Se wurde net stjoerd. De hear Hemminga seit dat we yn it prosesôfspraak ófpraat ha dat yn de doarpen de befolking fan dat doarp dêr ynsprekke koene. Dan is it wat nuver dat de foarsitter fan de FNP dy't yn Grou wennet yn Akkrum ynsprekt, sa fynt de sprekker. Mar dat wie miskien tafallich. Frou Veldstra fynt dit te fier gean. Der wiene njoggen jûnen en de foarsitter fan de FNP hat it hiel drok en dy kin miskien net alle jûnen. Se wie tafallich yn Akkrum. De hear Hemminga seit dat it foarlizzende foarstel fan it kolleezje jout in goede gearfetting fan de diskusjes dy't oer de takomst fan de gemeente fierd binne. GB2000 fynt mei it kolleezje dat dizze gemeente net opdield wurde moat yn allegear lytse stikjes, mar wy moatte de grinskorreksjes ek net út de wei gean. Dêrfoar is it oerlis mei de buorgemeenten wichtich om ta in ferantwurde kar te kommen. De partij is benijd watfoar foarstellen der yn febrewaris op tafel komme en fynt it wichtich dat de rie dit ek folgjen bliuwt. GB2000 giet dus akkoart mei it foarstel sa't it hjir leit. Oangeande it referindum ûnderstipet er wat de hear Van der Woude dêroer sein hat. De partij is dêr net foar. Boargemaster Baas merkt op dat er een paar weken geleden een stuk in de krant stond over Boarnsterhim waarin stond dat de voorstanders van herindeling nog even moesten wachten met het ontkurken van de champagneflessen. Hij herkent zich daar niet in. We zijn in deze situatie Pagina 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 26