Twadde termyn: De hear Van der Woude seit dat de PvdA-fraksje him by de haadlinen hâlde wol. Hy fynt de moasje fan it CDA hiel detaillearre. Der stean in tal saken yn dy't de partij oansprekke. De fraach is lykwols oft it net wat te betiid komt. De partij slút him oan by de wat de portefeuillehâlder dêrfan sein hat. It plattelânskarakter is in logyske saak en dat hoege we net yn de ûnderhannelings yn te bringen, fynt de partij. It is wichtiger om de sjen hoe't it doarpebelied fan dy gemeente derút sjocht. De partij is bliid mei de opmerking fan de portefeuillehâlder dat der wat mear ôfstimming mei de provinsje plakfine sil en net allinnich oer de takomst fan Boarnsterhim, mar ek de gemeenten om ús hinne en miskien de hiele provinsje Fryslân. In koarte termyn fan it proses is foar de partij needsaak foar de boargers, ynstellings en bedriuwen. Hy tinkt dat it ferstannich is dat der in notysje komt oer de grinskorreksjes. In grinskorreksje hat in hiel oare proseduere as in weryndielingswet. In grinskorreksje kin yn prinsipe yn in pear moanne. Regelje alles mar yn ien weryndielingswet, fynt de partij. Oer de moasje fan de FNP seit er dat de PvdA net foar sa'n soarte referindum is. De partij sjocht de folksrieplachting leaver op in oare wize. At we no noch kieze foar in referindum by de ferkiezings, dan is dat in miskenning fan de wearde fan de doarpspetearen dy't we hân ha en fan de ynspannings fan de feriening fan Doarpsbelangen. De PvdA sil dus de moasje fan de FNP ek net stypje. Frou Veldstra tinkt net dat de moasje fan FNP stipe wurdt troch de oare partijen. De FNP is lykwols fan betinken dat de beslútfoarming fan Onderen op plakfine moat en droegen wurde moat troch de befolking. De ynset fan de Pleatslik Belangen wie prima en der wiene reaksjes fia de mail, post en oer de telefoan, mar de partij fynt it noch net kompleet. Al Os ynwenners, yn elk gefal de minsken dy't gebrûk meitsje fan it stimrjocht, moatte we heard ha. De opkomst by de ferkiezings is yn Boarnsterhim altyd hiel heech, sa'n 60-70%. Dat stiet ek yn it program fan de partij en dêr stean ek allegear betingsten yn. De FNP hat ek noch in amendemint, want de partij wol de beslútfoarming oer de ferkiezings hinne tille. Se lést it amendemint foar: yn oerwaging nimmende dat yn Os eagen dit beslút noch net naam wurde kin omdat wy fan miening binne dat de nije rie dit op him nimme moat. De hear Van der Woude merkt - by ynterrupsje - op dat frou Veldstra derfan út giet dat alle minsken dy't nei de stimbus gean ek in stim útbringe sille op in fraachstelling út it referindum. Dat is in ferûnderstelling, dat hoecht net te barren. Wat ferwachtet de FNP dêrfan mei it each op it proses dat we al trochrûn ha. Ferwachtet frou Veldstra hiele wêzenlike ferskillen yn de útkomsten of tinkt se dat it wol ûngefear op itselde útkomme sil? Frou Veldstra tinkt dat har ynskatting heger is as wat de PvdA ferwachtet. De opkomst is yn Boarnsterhim altyd hiel heech. Dan wite wy dúdlik wat de minsken wolle foar Boarnsterhim. No binne der enkêtes holden ûnder de leden fan Pleatslik Belangen. Se krijt lûden fan minsken dy't sizze dat it allegear al besluten is. Mar it is noch net besluten. De hear Van der Woude freget wat har ferwachting is fan de útkomst. Frou Veldstra seit dat at minsken dy't har stim útbrocht ha en fine dat de gemeente mar weryndield wurde moat, hoe dan ek, de FNP dêr tefreden mei is. Dan ha we yn elk gefal de stim fan de boarger heard. De hear Hemminga seit - by ynterrupsje - dat frou Veldstra op 1 desimber oanjûn hat dat by de opkomst fan de doarpen allinnich de sprekkers teld waarden. Dat wie foar har mjitjouwend dat mar in pear minsken ynsprutsen hiene. It is mar krekt hoe't je der tsjinoan sjogge, fynt de sprekker. At je mei in referindum komme op 3 maart mei de ferkiezings, dan moatte je wol in hiel lang formulier ha om alle keuzes dy't út de ynspraak kaam binne, dêrút te krijen. En dan hat er noch in technysk punt: frou Veldstra hat krekt in amendemint foarlêzen, mar it liket him mear in moasje ta. Frou Veldstra seit dat dat net sa is. It riedsútstel is om yn te stimmen en de FNP wol dêr net mei ynstimme. It is neffens har in amendemint. De hear Hemminga seit dat der yn it foarstel stiet: 'De raad wordt voorgesteld uit te spreken dat...' Dan stean der trije punten, en dat wol de FNP amendearje. Frou Veldstra seit dat de FNP útstel wol fan it beslút. Pagina 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 29