Griffier Rutten merkt op dat het amendement het voorstel zoals het voorligt omdraait. Men noemt dat een destructief amendement en dat is in feite niet toelaatbaar. Frou Veldstra seit dat er dan miskien tips hat hoe't it oars moat. Oangeande de moasje fan it CDA seit se dat se it in ferkiezingspraatsje fynt fan it CDA. Se fynt dat der yn Raard in servicepunt komme moat yn plak fan yn Poppenwier; dus servicepunten yn de trije haadplakken fan de trije âlde gemeenten. Partijen dy't de ôfrûne jierren yn it kolleezje sitten ha en ferantwurdlik achte wurde foar de problemen ha de eagen sluten foar de oarsaken en ferkwanselje dizze gemeente. Se sitearret Pyt Hemminga: it liket op 'e nij net goed te kommen. De hear Zijlstra seit oangeande de CDA-moasje dat er tinkt dat wy in prachtich gebiet ha dêr't de gemeenten om ús hinne graach in stikje fan ha wolle. Hy tinkt dat de punten út de moasje details binne dy't wol as reade tried troch de doarpspetearen hinne rûn ha. Dizze punten sille ek wer werom komme yn de petearen mei de gemeenten. Dêrom is it handich om de sân punten dy't neamd binne yn de moasje oars te formulearjen, ta oandachtspunten. It CDA hat dêrom de moasje in bytsje oanpast mei punten dy't de partij graach op de aginda ha wol yn de petearen mei de buorgemeenten. De hear Van der Woude seit - by ynterrupsje - dat de portefeuillehâlder nei alle gedachten al dizze punten wol meinimt. Hy freget him óf wat dan de wearde noch fan de moasje is. De hear Zijlstra merkt op dat de portefeuillehâlder sein hat dat it goede punten binne dy't sowieso de oandacht ha yn de petearen, mar dat dat it CDA wat te frijbliuwend is. De hear Van der Woude freget oft er it kolleezje net fertrout. De hear Zijlstra seit dat er de moasje oanpasse wol. At de portefeuillehâlder dan seit dat er de punten seker meinimme sil yn de petearen, reagearret it CDA opnij. De portefeuillehâlder hat no sein dat guon punten te sterk formulearre binne en dat er dêr net mei akkoart gean kin. Der bliuwe no fiif punten oer. De hear Hemminga seit dat er de foarkar jaan soe oan in moasje yn grutte linen en minder yn details. De hear Zijlstra seit dat dy details wol as in reade tried troch de doarpspetearen rûn ha. De fiif oandachtspunten dy't oerbliuwe binne: de ferskate identiteiten fan de doarpen, it plattelânskarakter fan de gemeente mei oandacht foar agrarysk gebrûk en wettersport foar elk doarp in doarpskoördinator (suggestje) de doarpsfisys as liedtried foar de ûntwikkelingsrjochting fan de doarpen de tsjinstferliening oan de boarger (sjoch taheakke oanpaste moasje. De hear Bouma seit dat it útstel dat foarleit de ynstimming hat fan de VVD. De moasje fan de FNP kin de partij net stypje en de moasje fan it CDA liket him oerstallich. We ha in saaklik kolleezje dat goed wyt wêr't it op lette moat by de ûnderhannelings, tinkt de partij. De punten yn de moasje sille sûnder twifel in rol spylje by de petearen, mar it liket him net handich om dat eksplisyt yn in moasje fêst te lizzen. De hear Hemminga seit dat GB2000 achter de antwurden stiet fan de portefeuillehâlder. Hy is nijsgjirrich yn hoefier it petear mei de provinsje derta liede kin dat de provinsje ek wat mear rezjy fiere wol oer de hiele diskusje yn Fryslân. Dat hat mei de duorsumheid fan oplossings te meitsjen. De partij is der ek foar dat de snelheid deryn sit. It giet om de grutte linen en it grutte gehiel. Oer de moasje fan it CDA seit er dat de portefeuillehâlder al oanjûn hat dat er dat as gesprekspunten meinimt. Dat is ek de essinsje fan wat der 1 desimber oan de oarder west hat. It plattelânskarakter fan Boarnsterhim is wichtich, dus dat sil ek yn in nije gemeente dy oandacht ha moatte. At de portefeuillehâlder seit dat er dat meinimt as gesprekspunten, soe er it CDA advisearje om it dêrmei te dwaan. Dêrfoar hoege we net dizze moasje oan te nimmen, fynt er. De hear Zijlstra freget - by ynterrupsje - oft de hear Hemminga it goed fynt dat it CDA earst de reaksje fan de portefeuillehâlder even ófwachtet. De hear Hemminga seit dat GB2000 wurdearring hat foar de punten. De partij hat muoite mei it referindum. It is hiel dreech te bepalen watfoar fragen der by it referindum steld wurde moatte. Yn feite binne de antwurden by in referindum allinnich ja en nee. It giet lykwols fierder as Pagina 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 30