Wiziging ferslach 1 desimber 2009. Side 4: Op de helte stiet: Wêr wiene de oare Taheakje: (14) riedsleden Koene dy de wierheid net ûnder eagen sjen? Of hiene de oare partijen seis de konklúzje al lutsen? Side 4: 4 regels der ûnder: Taheakje: dekking net korrekt útfierd hat. Dernei: Ek de rekkenkeamer hat yn harren ûndersyksrapport: grutte projekten hjir al op wezen. Side 4: 7 regels fierder: De ûndersyksrapporten Wagenaar/Hoes wiene net altyd aityd derút! Nei argumintearre: Taheakje: Wy misten de Onderbouwing, de argumintaasje wie swak en tefolle yn ien rjochting. Guon stellingen, lykas der gjin "kohesy"wie foar de gemeente en dat Reduzum neat hawwe soe mei Aldeboarn, kinne gjin oarsaken foar it bestjoerlik falen neamd wurde. Der is bewust taskreun nei it yn put praten fan de gemeente. STERKE PUNTEN wurde net neamd. bygelyks de sterke bining tusken boargers en bestjoer yn Os plattelânsgemeente en de ideale lizzing oan spoar, grutskips faar wetter en rykswei, Os rekreaasje.... En de ynset fan in sterk saken kolleezje docht ek no wol fertúten. De SWAKKE PUNTEN op side 5, rapport W/H wurde net Onderhoud! Dit boppesteande stik dus taheakje en dan kin de regel dy't der yn stiet: De FNP mist de oarsaken foar it bestjoerlik falen en sterke punten wurde net neamd. Dizze regel kin der dus út, stiet hjir boppe fermeld Side 4: ûnderoan: De artikel 12- status is oanfrege: dernei: of jo no selstannich bliuwe of weryndiele, jo moatte it selde trajekt troch. Nei de boarger moat hjir foar bliede: taheakje: jo ha yn beide gefallen finansjele neidielen foar de boarger. Allinne wetlike taken kinne kommende tiid. Der is gjin romte foar nije ambitieuze plannen, Kinne dus gjin nije missers/flaters makke wurde, dus is der kâns om wer finansjeel sûn te wurden. Net bekind is Hokker finansjele mooglikheden krije wy om de behearsplannen út te fieren? Side 5: Nei In soad doarpen binne der net út. Taheakje: lykas Reduzum/Friens/ldaerd, Grou, Raerd en Jirnsum. Der binne yn dy doarpen gjin mearderheden foar watfoar opsjes dan ek. In protte minsken ynstee fan in soad. De gemeenterie hat de petearen organisearre, feroarje yn: Wa is de gemeenteried om al petearen"te organisearjen, mar ferfolgens beslúten te nimmen en dan kin de sin wer fierder: tsjin de sinyn strike. Dernei taheakje: nei yn strike. Tink oan Reduzum, dêr't 57% wat oars woe as nei de gemeente Ljouwert. En hoe moat it mei de Legeaen, dy't nei Snits ta wolle, mar de nij te foarmjen SOdwesthoeke is al foarme. Sa ek: Terherne wol nei Skarsterlân, Akkrum/Nes it selde, Warten/Warstiens nei Tytsjerksteradiel, Aldeboarn nei Opsterlân. Nei: dat is dus net represintatyf, dit moat wêze: Der kin dus absolút net sein wurde dat dizze jûnen represintatyf west hawe, wylst dat by de riedsferkiezings mei 60-70 opkomst en 10.000 stimmers wol sa is. Nei opmerking Riemersma: Wêrom sa'n hast? Moat haast wêze. Lyda Veldstra FNP Fraksje Boarnsterhim. Pagina 18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 36