De hear Zijlstra merkt op dat at frou Veldstra har ferdjippe hie yn de wet Arhi se wite kinnen hie dat er niiskrekt net in grapke makke, mar dat it serieus bedoeld is. De hear Hemminga slút him oan by de opmerkings fan frou Veldstra en de hear Van der Woude. Hy wol de hear Zijlstra freegje oft er der nei stribbet om de totaaloplossing fan de gemeente yn 'e war te bringen troch by foarbaat te sizzen dat Terherne nei Skarsterlân moat. Der kinne noch tal fan arguminten op tafel komme wêrtroch't miskien ek de befolking nuansearder tinke sil, mar ek yn de rie nuansearder tocht wurde kin oer mooglike alternativen. Hy tinkt dat it júst goed is om it totaalplaatsje te krijen en net by foarbaat al twa punten derút te heljen. De hear Zijlstra merkt op dat it allinnich om Terherne giet. De hear Hemminga seit dat je dan as twadde punt sizze kinne Poppenwier en de Lege Geaen. Dy kant wol GB2000 perfoarst net út. De hear Zijlstra seit dat it om ien punt giet. Terherne hat by de boargemaster fan Skarsterlân west te praten en as doarp min of mear unanym útsprutsen dêrhinne te wollen. De jeugd fan Terherne is ek oriïntearre op Skarsterlân. It totaalpakket komt op 1 jannewaris 2013 yn it rapste gefal. De hear Hemminga merkt op dat we noch net wite wat der mei Skarsterlân bart. De hear Zijlstra seit dat dat gjin leitried is foar de minsken yn Terherne. De hear Hemminga merkt op dat it petear mei de provinsje derop útrinne kin dat Skarsterlân mei It Hearrenfean praten giet. Dat soart senario's ûntwikkelje har no en dêr ha we noch gjin wissigens oer. De foarsitter seit dat dit gjin ferdúdlikjende fraach is, mar in miening. De hear Hemminga seit dat er de hear Zijlstra oertsjûgje wol. De hear Zijlstra seit dat dat net slagge is. We nimme hjir as gemeenterie in beslút oer en de provinsje net. De hear Riemersma freget de hear Zijlstra oft er wol yn de gaten hat dat wy in artikel 12- gemeente binne en hat dy it wurd skjin opleverje wolris heard en dit yn ferbân mei Terherne. De hear Zijlstra antwurdet dat at wy op 1 jannewaris 2013 hjir in komplete weryndieling ha, dat wy dan yndie skjin oplevere wêze moatte, mar dat dat net weinimt dat we 1 jannewaris takom jier Terherne wol nei Skarsterlân skowe kinne. De hear Riemersma merkt op dat we fan it Ryk in bepaald ynkommen de ynwenner krije. At Terherne no earder fuortgean soe, dan hâldt dat yn dat we minder ynkomsten krije, want dan misse we 850 ynwenners. Skarsterlân nimt gjin skulden oer, dus der moat baggere wurde en dan wurdt de rest fan de gemeente mei ekstra kosten opsadele. Is dat dan wat it CDA foarhat? De hear Zijlstra antwurdet dat it hjir giet om sprieden ferantwurdlikheid, rjochtfeardigens en solidariteit. Dat binne trije fan de CDA-útgongspunten. At Skarsterlân belang hat by Terherne dan moatte se it baggerjen der ek yn meinimme. De hear Bouma seit dat de hear Zijlstra it net hân hat oer rintmasterskip. De VVD hat dit stik as in fuortgongsrapportaazje beskôge. It is op himsels logysk dat sa'n operaasje net samar giet, dêr ha je mear tiid foar nedich. It moat soarchfâldich en dat is in goed punt, fynt de partij. Der moatte gjin losse kreten dien wurde dat de Alde Feanen by Tytsjerksteradiel moatte of los as nasjonaal park. En ek de opmerking fan de hear Zijlstra oer Terherne is ûnferstannich. Op in x momint moat alles yn ien kear oergean. De hear Zijlstra merkt - by ynterrupsje - op dat er de opmerking oer de Alde Feanen los as nasjonaal park net hielendal begrypt. Hy hat tsjin de portefúljehâlder sein om it petear dêroer wol oan te gean mei dy gemeente. De hear Bouma merkt op dat der ek ferhalen gean dat it werom moat nei in bepaalde gemeente, omdat it yn 1984 ûndemokratysk gong is. Dat is net wier, seit de sprekker, it is gewoan by Boarnsterhim kommen. Wêr't it aanst by komt moatte de ûnderhanneling útwize. At we it besjogge as nasjonaal park as gehiel, dan kinne we it by elkoar hélde en dat soe foar in bepaalde gemeente pleitsje. De hear Hemminga seit dat we op 15 desimber 2009 it prinsipiële beslút naam ha fan opheffen fan dizze gemeente. Hy tinkt dat dat in goed beslút west hat, ek sjoen it takomstperspektyf fan Pagina 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 13