BOARNSTERHIM Griffie Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 26 jannewaris 2010 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehds oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: de hear T. Baas Griffier: de hear A.G.M. Rutten De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser, de hearen B. de Jong, T. de Boer, H. Vellinga, P.M. Renia en R. van der Woude fan GB2000: de hear J. Hemminga fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en H. Looijenga fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De wethâlders de hear F.A.J.M. van Beek en mefrou FI.J. de Flaan-Laagland en mefrou M.A.J. Jager-Wöltgens De gemeentesiktaris de hear G. Heeringa Ofwêzich (mka): de hear S. van der Meer (GB2000) 3. MIENINGSFOARMJEND 3.4 Foarstel oangeande sanearringsplan De voorzitter geeft aan dat wethouder Van Beek de portefeuillehouder is als het gaat om het saneringsplan. Frou Esser merkt op dat de PvdA akkoart is mei de grutte linen dy't yn it plan stean. Wêr helje wy dy 4,8 miljoen struktureel wei? By de behearskplannen by punt 1 soe 2,2 miljoen weikomme. It Ryk sil in grut part fan de raamde kosten fan achterstallich ûnderhâld net meinimme by de bepaling fan it relevante begruttingstekoart. Hoe stiet dat der no foar? By it punt beliedsombûgings stiet dat wy op de 62 miljoen yn de programmabegrutting ien miljoen ombûge moatte. Der hat al in earste ynventarisaasje west mei in omfangryk pakket. Hoe omfangryk is dat likemóch en kinne wy noch keuzes meitsje? By kanttekening 1 wurdt sein dat it Ryk no yn it earste kwartaal in analyzerapport makket foar it relevante begruttingstekoart. Wannear is dat krekt foar ús beskikber? Yn kanttekening 3 stiet dat no it artikel 12-proses noch gjin rol spilet foar de gemeente. Pas wannear't dúdlik is yn hokker jier de gemeente weryndield wurdt fynt ôfstimming plan mei it artikel 12-trajekt. Wannear sil dat momint dan wêze? De partij soe oer it foarstel graach jûn al in beslút nimme wolle, as dat kin. De hear Hemminga seit dat GB2000 ûnderskriuwt wat hjir yn it foarstel stiet. Yn it foarstel stiet yn haadlinen wat yn sanearringsplan komme moat. Letter komme yn in spesifikaasje de earste ferwachtings. Hy ferwachtet dat de rie aanst de yngripende besluten nimme sil. De fraksje hie tocht dat de artikel 12-situaasje hjir rjochtstreeks mei ferbûn waard, mar dit wurdt no pas yn in 1 03 ferslach nedsgearkomste 260110 punt 3.4 en 3.510 3.4 en 3.5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 7