12-procedure in november 2009 is aangevraagd. Deze jaarstukken geven een goed beeld waar we op kunnen vertrouwen, aldus de spreker. De accountant heeft een goedkeurende verklaring afgegeven. Alleen de rechtmatigheid ontbreekt. Er is duidelijk aangegeven wat de financiële risico's zijn. Bij de post van het grondbeleid Grou-Noord wordt een reserve geboekt van 1,6 miljoen. Dat is niet bestemd voor het bouwplan, maar alleen een dekking voor eventuele verliezen. Dat moet goed duidelijk gemaakt worden naar de inwoners toe, vindt GB2000. De heer Frensel merkt op dat er geen goedkeurende verklaring is op het gebied van rechtmatigheid. De processen zijn wel in kaart gebracht om de rechtmatigheid te kunnen toetsen, maar de controle heeft nog niet plaatsgevonden. Kan het college aangeven wanneer we deze goedkeurende verklaring kunnen krijgen? Wat gebeurt er als die verklaring er niet komt? Wat is de rol van de provincie en het ministerie van Binnenlandse Zaken t.a.v. de jaarrekening? De hear Bouma jout oan dat we tanksij de ynsidintele meifallers in posityf resultaat ha oer 2009. De administrative organisaasje en de kontrôle wienen better. Mar der moat ek noch in soad barre, seit de accountant, en dêrmei doelt er ek op it rjochtmjittigensaspekt. De VVD wol graach in tasizzing van it kolleezje dat it takom jier op oarder is. De partij fynt dat Grou-Noard in prachtlokaasje is en it is spitich dat we der tydlik jild foar reservearje moatte. De partij hopet dat der letter noch kânsen komme foar wenningbou en kin akkoart gean mei dizze reserve. Hy jout in komplimintsje foar de jierstikken. De hear Posthumus merkt op dat hy de beäntwurding fan de technyske fragen oer twa wike graach yn de rie beslútfoarmjend behannelje wol. De jierrekken hat in posityf saldo fan 4,3 miljoen euro en dat hat benammen ynsidintele oarsaken. In soad dingen dy't op preammen stienen binne net útfierd, lykas it baggerjen, sportferpleatsing, skoallebou en ûnderhâld. De FNP wol derop oantrune dat at bepaalde gruttere projekten net helle wurde, troch tuskentydske oersjoggen oanjûn wurdt dat it jild net nedich is. De partij fynt de finansjele situaasje fan de gemeente net mear dramatysk. Op sân fan de acht programma's is in posityf finansjeel resultaat boekt. Mei troch it positive finansjele saldo fan 2010 binne ek de measte risiko's op de grûneksploitaasje ôfdutsen en der ûntstiet in aardige reserve foar it werstrukturearringskonvenant. It eigen fermogen is tanommen nei 5,1 miljoen euro. Ek de accountants sizze dat der oer in aardige breedte ferbettering te sjen is en dat fynt de partij in komplimint wurdich. Programma 5, wurk en besteanssekerheid, hat in negatyf saldo. Dat komt ûnder oare troch in ôfskriuwing fan in gebou fan it berne-opfang. Wêrom moat de gemeente hjir in negatyf saldo op ha? En by de útfiering fan de WMO stiet in neidiel fan 332.000 euro. Wie dat ienmalich en hoe wol it kolleezje besykje de kosten wat mear yn de hân te hélden? De ferdieling fan it oerskot fan 2009 is ien fan de beslútpunten. Der wurdt útsteld it opbouwen fan in reserve foar Grou-Noard foar it opfangen fan risiko's. Ferwachtet it kolleezje net de grûn ferkearpje te kinnen? Is dit in buffer tsjin ferliezen? En wêrom moat it bedrach dizze grutte ha en wêrom net de helte, 800.000 euro? Hoe grut is it persintaazje dat it risiko him foardocht? Wêrom wurdt der net mear oan akwisysje dien? De FNP fynt it stelde bedrach fan 1,6 miljoen in slach yn de loft. Grou- Noard giet ek oar lânguodwenjen en wetterbûne kavels. Yn de wyk Suderbuorren fan Ljouwert is sa'n projekt folslein mislearre. Hoe wol it kolleezje dit wol ta in sukses meitsje? De accountant hat gjin ferklearring ôfjûn oer de rjochtmjittigens. Hoe wol it kolleezje besykje om dit foar 2010 wol klear te krijen? It giet om frij grutte bedraggen, bygelyks acht ton foar bystânsdebiteuren. De ynkomsten binne 1,4 miljoen heger as de léste begruttingswiziging. By de gemeentlike lesten fait it de partij op dat de ienpersoanshúshâldens mar 45 euro minder betelje as de mearpersoanshúshâldens. Soenen we dêr as rie nochris nei sjen kinne? By it programma algemien bestjoer, feiligens en iepenbiere feiligens is 34.000 euro oerholden. Kin dat ek mei wat minder ta? Dan it programma leefberens en ôffalynsammeling. It is foar de FNP gjin automatisme dat in oare ôffalynsamling goedkeaper is. Kinne we noch in oersjoch fan de kosten krije? By it programma sport, kultuer, rekreaasje en toerisme fait op dat de tekst net al te smart is. Dan it programma wurk en bestean: de partij jout kompliminten oan it kolleezje oangeande de WMO. Boarnsterhim is op dat mêd de béste fan 237 gemeenten. Dan programma 7, folkshûsfesting, it konvenant oangeande de werstrukturearring: it giet om in bedrach fan 16 miljoen euro. Hoe is it mooglik dat it konvenant ea ôfsletten is en hoe fier is it kolleezje mei de ûnderhannelings om it Pagina 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 11