4.1 Foarstel om fêst te stellen it sanearringsplan 2010-2015 De hear Galama seit dat foar GB2000 foaral de ynset is: sosjaal, jeugd en jongeren. 3 maaie hat de rie hjiroer praat en is mei inoar ta in amendemint kommen. Yn de twadde termyn bringt er dit nei foaren. It is de bedoeling dat it draachflak nei bûten ta better wurdt. By de biblioteek en by Boarnsterstim ha se fan har hearre litten en ek de doarpen moatte funksjonearje. Der moat hjir en dêr biet wurde, mar de gemeente hat ynset op sanearring sadat we aanst de artikel 12- proseduere yn kinne. Frou Esser merkt op dat der 4,8 miljoen op it kleed komme moat. PvdA is op haadlinen akkoart mei it plan, allinnich fynt de partij dat de beliedsombûgings fan 1,1 miljoen wat te fier gean. De PvdA fynt it wichtich dat de finânsjes op oarder binne, mar ek it doarpsbehear, de WMO, de jeugd en de sport. We moatte it béste beslút nimme foar de ynwenners fan Boarnsterhim, fynt de partij en dêrom wie de gearwurking mei de oare partijen hiel wichtich. De partij is no bliid mei de útkomst en it amendemint, want de trije wichtichste punten sitte deryn: it akkres foar sintrum jeugd en gesin, de sportsubsydzjes, mar dy moatte yn de takomst wol better rjochte wurde op de fraach, en de biblioteken. We besunigje no net dy 50.000 euro, mar de biblioteken hienen noch in tekoart fan 37.000 euro. De partij fynt dat de biblioteken seis nei in oplossing sykje moatte. Se ha yn har eigen beliedsstik al oanjûn dat de biblioteek yn Akkrum dochs ticht moat. Der komme mooglik ek noch mear besunigings op ús ôf fan it Ryk. De hear Posthumus jout oan dat der 4,8 miljoen struktureel op it kleed komme moat om wer finansjeel sûn te wurden. Dat docht sear. Op 27 april hat de FNP al oanjûn it mei de measte ûnderdielen iens te wêzen. De partij fynt lykwols dat der in te hurde yngreep op de maatskiplike foarsjennings plakfynt, lykas ûnderdielen by de sport, kultuer, muzyk, it Frysk, de biblioteek, de WMO en it doarpsbehear. Yn de gemeenterie is in breed droegen besef dat it oars kin. Ferskate besunigings soenen in te grutte oanslach betsjutte op de leefberens yn de doarpen. Hy ferwiist nei it amendemint dat aanst nei foaren brocht wurdt. It konvenant doarpsbehear smyt positive resultaten op en der wurde nuttige dingen mei dien, bygelyks yn Akkrum en Friens. It hat in oanjei-funksje om ek oare fûnsen te finen. It soarget der neffens de begruttingsscan 2008 Boarnsterhim foar dat de gemeente mei guon saken noch goedkeaper út is omdat in soad doarpen dingen seis dogge. Foar de taalontwikkeling fan de bern en ek op grûn fan Europeeske ôfspraken is it net goed om te besunigjen op de fergoeding Frysk op skoallen. At we besunigje op it sintrum foar de keunsten, dan bestiet it gefaar dat learlingen muzyk, tolve op jierbasis, de dupe binne. De dekking foar dizze saken hat de partij fûn yn it opliedingsbudzjet. It kolleezje wol dat mei 50.000 euro ferheegje nei in bedrach boppe de lanlike noarmen en dat giet de FNP te fier. Hy komt aanst mei in amendemint. It twadde amendemint giet deroer dat de FNP prinsipiëel fan miening is dat de sanearring net hielendal yn lykwicht is. Wylst de gemeente seis al relatyf minder útjout oan kultuer, WMO en maatskiplike foarsjennings, wurdt dêr dochs wol bot yn snijd. De FNP sjocht mooglikheden yn it programma ferkear en ferfier, dêr't alle jierren grutte bedraggen oer binne. It ministearje fan BZK jout oan dat de gemeente neitinke moat oer minder areaal en in justjes leger ûnderhâldsnivo as yn de behearplannen stiet. De gemeente jout hieltyd mear út oan allerhanne mienskiplike regelingen, lykas de GGD, de miljeu-advystsjinst en de brânwacht. De FNP wol it kolleezje de opdracht meijaan om yn de ferskate gearkomsten letter dit jier te pleitsjen foar it werombringen fan de lesten of foar maksimaal in nulgroei. De hear Bouma seit dat de VVD de foarige kearen saken oanjûn hat dêr't minder of net op besunige wurde moat, lykas de biblioteek, muzyk, jeugdsport en Frysk. Alle partijen ha no om 'e tafel sitten en it listje is langer wurden. Hy tinkt dat we mei it mienskiplike amendemint in goede slach slaan kinne yn it belang fan de mienskip fan Boarnsterhim. De hear Zijlstra merkt op dat dit sanearringsplan der aardich yn hakt en it CDA kin dêr net mei ynstimme. Foaral de foarsjennings dy't troch frijwilligers opset binne en draaiende holden wurde, moatte we oerein hélde. Oare foarsjennings moatte we oant de weryndieling sa goed mooglik yn de loft hâlde. Ferline wike ha de fraksjes mei inoar om 'e tafel sitten en dat wie in goede byienkomst, mei as resultaat it amendemint dat aanst nei foaren brocht wurdt. Dêrneist hat it CDA gjin mooglikheden sjoen om ekstra te besunigjen. Dat kinne we ek net fine yn behear en Pagina 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 14