Moasje
(op grûn fan kêst 33 fan it Reglemint fan Oarder)
oangeande wurklistpunt 4.1: Saneringsplan 2010-2015
De ried fan Boarnsterhim, yn gearkomste byelkoar op 11 maaie 2010
Oerweagjende dat,
a) de gemeente Boarnsterhim foar in drege taak stiet om in sanearingsplan fan 4,8 miljoen
euro op ferskate finansjele posten yn te foljen;
b) der fan Rykswege ek noch in ombûging om it Gemeentefûns mei yngong fan 2011 stiet
oan te kommen;
c) de boargers fan ús gemeente al de heechste gemeentlike lésten fan Fryslân betelje;
d) de foarsjennings yn ús doarpen en dêrmei de leefberheid ûnder druk steane troch de
oankundige besunigings
fersiket it Kolleezje:
om by de ferskate gearkomsten oer de begruttings fan 2011 en fierder yn de Mienskiplike
Regelingen of oare organen dêr't de gemeente Boarnsterhim yn partisipearret (tink oan
GGD, Regionale Brânwacht, Miljeu-advystsjinst, ôffalynsammeling, rioel te pleitsjen
foar it werombringen fan de lésten fan dy organisaasjes foar de gemeenten;
en as dat net mooglik is om oan te trunen op it net trochfieren fan hegere lésten foar de
gemeenten dy't partisipearje yn de oanbelangjende organen
en giet oer ta de oarder fan 'e dei.
Underskreaun troch:
Namme: S. Posthumus Datum: 11 maaie 2010
Fraksje FNP
De moasje is oernommen troch it kolleezje yn 'e gearkomste fan 11 maaie 2010
Pagina 14