Moasje (op grûn fan kêst 33 fan it Reglemint fan Oarder) oangeande wurklistpunt 4.1: Saneringsplan 2010-2015 De ried fan Boarnsterhim, yn gearkomste byelkoar op 11 maaie 2010 Oerweagjende dat, a) de gemeente Boarnsterhim foar in drege taak stiet om in sanearingsplan fan 4,8 miljoen euro op ferskate finansjele posten yn te foljen; b) der fan Rykswege ek noch in ombûging om it Gemeentefûns mei yngong fan 2011 stiet oan te kommen; c) de boargers fan ús gemeente al de heechste gemeentlike lésten fan Fryslân betelje; d) de foarsjennings yn ús doarpen en dêrmei de leefberheid ûnder druk steane troch de oan- kundige besunigings fersiket it Kolleezje: om by de ferskate gearkomsten oer de begruttings fan 2011 en fierder yn de Mienskiplike Regelingen of oare organen dêr't de gemeente Boarnsterhim yn partisipearret (tink oan GGD, Regionale Brânwacht, Miljeu-advystsjinst, ôffalynsammeling, rioel te pleitsjen foar it werombringen fan de lésten fan dy organisaasjes foar de gemeenten; en as dat net mooglik is om oan te trunen op it net trochfieren fan hegere lésten foar de gemeenten dy't partisipearje yn de oanbelangjende organen en giet oer ta de oarder fan 'e dei. Underskreaun troch: Namme: S. Posthumus Datum: 11 maaie 2010 Fraksje FNP Dizze moasje is oernommen troch B&W yn 'e gearkomste fan 11 maaie 2010 1 03 beslutelist ried 11 maaie/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 9