ûnderhannelings op de achtergrûn bliuwt en as it nedich is op de rem traapje sil. De fraksje kin
ynstimme mei tafoeging fan de wurden: finânsjes, personiel en ûnderhâld yn punt 3.2 fan it
amendemint. It kolleezje komt noch minstens twa kear by de rie werom. De keunst is no om it iens
te wurden mei de gaadlike partners dy't aanst út de bus komme sille en it oerlis sil liede moatte ta
in weryndielingsûntwerp en dat komt ta beoardieling yn de rie. De fraksje giet derfan út dat it
ûnderhannelingstrajekt nei dat Ontwerp ek geregeld hjir oan 'e oarder komme sil, dus der komme
mominten genôch foar de rie om op de rem te traapjen. As dit sinjaal yn dizze riedsseal útsprutsen
wurdt, sil dit ek nei de oare gemeenten ta gean. Oan 'e ein fan de rit krije we it noch in kear, want
dan sille we mei de oare gemeenten it weryndielingsadvys fêststelle. Dan jouwe we it stjoer pas út
hannen, want dan giet it nei Deputearre Steaten foar advys en nei de minister en dan komt it yn de
wetlike proseduere.
Frou Veldstra merkt op dat de FNP it subamendemint wol hanthavenje wol. Der is al neamd hoe't
Aldeboarn Ondersyk dien hat troch in enkête en in hantekenaksje. FNP hat mei GrienLinks en D66
noch in harksit holden yn Aldeboarn. Dêr wie in seal fol minsken en de earste fraach wie wa fan de
minsken nei It Hearrenfean woe. Net ien út de seal woe dêrhinne. Dêr binne genôch sterke
arguminten neamd, krekt sa as yn De Lege Geaën en yn Terherne en dy binne foar de FNP like
wichtich as dy fan de doarpen dy't we wol honorearje. Se fynt it in klap yn it gesicht fan de
ynwenners fan Aldeboarn ta. Dêrom pleitet se derfoar dat oare fraksjes it subamendemint fan FNP
stypje.
De hear Galama merkt - by ynterrupsje - op dat er ek by dy harksit west hat. Der waard frege
hokker minsken bining hienen mei Nij Beets en dat wie net ien. En der wienen mar santjin, achtjin
minsken.
Frou Veldstra seit dat der goed fjirtich minsken wienen.
De hear Galama seit dat der njoggentjin riedsleden en minsken fan bûten wienen.
Frou Veldstra merkt op dat der net safolle riedsleden wienen en dat Opsterlân net allinnich Nij Beets
is. Der binne dy jûn in soad arguminten nei foaren brocht en dat binne miskien noch wol mear as dy
arguminten yn de oare doarpen. FNP wol ek graach dat Warten en De Alde Feanen by inoar bliuwe,
en dat kin yn dit gefal nei Ljouwert ta. De fraksje tinkt dat dat goed komme sil. De portefúljehâlder
hat sein dat de ynformaasjeferstrekking net ta diskusje stiet en dêr is se bliid mei. De fraksje
ferwachtet hiel wat fan dit sakekolleezje. De portefúljehâlder hat lykwols noch gjin antwurd jûn op
de fraach oer de lytse grinswizigings.
De hear Bouma merkt op dat de VVD him oanslute wol by de kompliminten dy't makke binne oan it
kolleezje foar it stribjen om dizze gemeente goed op te heffen en it goed te regeljen. As rie moatte
wy mear nei ús boargers harkje om in duorsume bân mei de kiezers yn stân te hélden. Hy is bliid
dat it amendemint foar it grutste part oerein bliuwt mei wat tekstuele oanpassings en hy tinkt dat
de rie dêrmei ek it stjoer yn hannen hâldt. N.o.f. it subamendemint fan de FNP seit er dat de VVD
ek waarme gefoelens hat foar Boarn en dat dus stypje kin.
De hear Zijlstra merkt op dat it CDA ek fynt dat we net mei de pet Onder de earm nei de
buorgemeente ta gean moatte. De fraksje wol takomstrjochte it petear oangean mei de Ontfangende
gemeenten en dat dizze gemeenten nei it beslút fan dizze jûn oer de grins hinne sjen meie. No't de
kûgel troch de tsjerke is is it CDA benijd wat de nije gemeenten foar eagen ha mei ús doarpen. Dit
kin him fertale yn struktuerfisys op it mêd fan rekreaasje en toerisme, wurkgelegenheid, romtlike
oardering en it op peil hélden fan foarsjennings. CDA ferwachtet ek dat ús doarpen kontakt sykje
mei de takomstige gemeente. De amendeminten 2 en 3 stipet de fraksje net.
De heer Frensel zegt dat D66 zijn amendement overeind houdt. Dit is de meest optimale indeling die
past bij onze gemeente, vindt de fractie. De heer Hemminga gaf net aan dat ook gekeken moet
worden waar de weg heenloopt en hoe je dan gemakkelijk naar Heerenveen of andere gemeenten
zou kunnen rijden. Dat argument vindt D66 niet zo valide. Het gaat meer om de
afhankelijkheidsrelatie die je als burger of bedrijf hebt met de gemeente. De fractie denkt dat
Akkrum en Nes in die zin beter af zijn bij de nieuw te vormen gemeente De Friese Meren.
Mevrouw Rozema merkt op dat GB2000 samen met de portefeuillehouder vinden dat 85% van de
bevolking van Boarnsterhim het eens is met het voorstel.
De hear Hemminga merkt - by ynterrupsje - op dat er net in persintaazje neamd hat.
Pagina 15