hie better west at we yn it begjin dúdlike kaders steld hienen. No stiet de rie foar de ôfweaging fan
alles wat sein en ynbrocht is troch de doarpen. De arguminten moatte toetst wurde. Njonken de
kritearia fan de arguminten dy't yn it foarstel stean as gearhing, oandacht foar doarpen, leefberens,
bestjoerskrêft binne foar GB2000 ek wichtige eleminten: sosjaal-geografyske oriïntaasje, de sosjale
kaart en de natuerlike grinzen. De ynspraak is foaral kaam fan doarpen dy't grinzje oan oare
gemeenten. Der binne enkêtes holden en yn it tal gefallen binne se al wat datearre. Guon bestjoeren
fan Pleatslik Belangen hâlde fêst oan earder ynnommen stânpunten op basis fan eardere peilingen.
Yn hoe fier is it fierder trêdzjend ynsjoch dêr hantearre? By de fraachstelling wurdt gjin objektive
ynformaasje jûn oer foar- en tsjin. Stânpunten wurde ek faak ynnaam op basis fan bylden en net
altyd op feiten.
De heer Frensel merkt - bij interruptie - op dat de heer Hemminga doelt op onderzoeken van
Plaatselijk Belang die achterhaald zijn. Welke bedoelt hij specifiek?
De hear Hemminga bedoelt de enkêtes dy't yn Akkrum troch Pleatslik Belang holden binne. Dy
enkêtes binne earder al holden en yn it lést wie der wol oare ynformaasje beskikber. Hy giet fierder
mei syn betooch. In foarbyld binne de ferûnderstelde finansjele posysjes fan buorgemeenten. Fan It
Hearrenfean is yn it lést dúdlik wurden hoe't de finansjele posysje is en dy is net sa min at fa?1'
foarsteld wurdt. En neffens de PB's yn de doarpen yn dy gemeente is it plattelânsbelied dêr goe.
De proteststimmers komme út bepaalde doarpen yn ús gemeente en de oantallen binne net
represintatyf foar de hiele gemeente. Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân hat sein dat wy hjir net
lústerje nei de befolking en dat de eigen ynwenners net serieus naam binne, sa stie juster yn de
Ljouwerter krante. Hy freget him óf wêr't boargemaster Kuiper dat op basearret. Der is yn in
eardere rie wolris ynformearre oft der finansjele konsekwinsjes oan sitte. Njonken lusten binne der
ek altyd lésten, seit de sprekker. Gemeenten dy't har earder ûntholden ha fan kommintaar, lykas It
Hearrenfean, wurde yn de ynspraak ferwiten dat se net ree binne om parten op te nimmen. De
ynspraakjûnen binne oer it algemien matich besocht, mei útsûndering fan De Lege Geaën en
Terherne. In doarp as Grou ha we net heard en ek de ûndernimmers hat de fraksje mist by de
ynspraak. Utgongspunt fan it foarstel fan it kolleezje is noard-súd. Dat is de basis dêr't GB2000 ek
achter stiet. Yn de ynspraak wie diskusje oer De Lege Geaën, Terherne, Aldeboarn, Akkrum en
Warten. Oer De Lege Geaën is de meast dúdlike argumintaasje, fynt de fraksje. Oriïntaasje op Snits,
sosjaal-geografyske histoarje, foarsjennings, gearwurking. Dat past prima by Súdwest-Fryslân, fynt
GB2000. En dy ha ek de meast aktuele peiling holden. In probleem is noch wol wêr't de grins lizze
moat. De fraach is oft Raerd wol of net by De Lege Geaën heart. Yn Terherne is de befolking
ienriedich. Sosjaal-geografysk is it net ûnlogysk om nei Skarsterlân, mar hoe giet it aanst m»!
Skarsterlân, de bemuoienis fan de provinsje. GB2000 fynt dochs dat Terherne nei Skarsterlân mo<
Aldeboarn is wat problematysk. Der is in aksjegroep dy't Aldeboarn by Opsterlân ha wol. Yn hoefier
is by de befolking de foar en tsjin fan dy keuze nei foaren kaam? It finansjele byld dat soms sketst
wurdt fan It Hearrenfean is net terjochte, fynt GB2000. By de oriïntaasje op ûnderwiis wurdt De
Gordyk somtiden as foarbyld steld. As bestjoerder fan Sevenwolden wyt er dat de oriïntaasje net sa
bot op De Gordyk leit, mar op It Hearrenfean. En it bysûnder ûnderwiis is der net op De Gordyk. Dat
it plak mar 4 km fan Opsterlân leit en der gjin rjochtstreekse ferbining is mei It Fean binne
arguminten dy't der net fan oertsjûgje dat Aldeboarn sa nedich nei Opsterlân moat. De takomst fan
Opsterlân is ek net sa wis. GB2000 fynt dat Aldeboarn nei It Hearrenfean moat. Warten wie dúdlik
ferdield en dêr komt it punt fan De Alde Feanen by. De kombinaasje Warten-Alde Feanen waard
wichtich fûn en GB2000 is ek bliid mei it feit dat it kolleezje foarsteld om De Alde Feanen dochs by
Warten te hélden en sa nei Ljouwert. Foar Akkrum ûntgiet de fraksje de logika fan de oansluting by
Skarsterlân. Dat hat te krijen mei in tal peilings dy't net fan resinte datum binne. Utingeradiel hat
eartiids ek útsprutsen dat at we net selsstannich bliuwe, we dan nei It Fean moatte. It foarstel fan
it kolleezje hâldt yn allinnich de twadieling noard-súd. GB2000 hat begryp foar de argumintaasje,
mar fynt dat de ynspraakreaksjes ek op de ynhâld beoardield wurde moatte en dat dêrmei it foarstel
oanpast wurdt. Der hat mei alle riedsleden oerlis west om te besykjen ta in riedsbreed foarstel te
kommen. Op basis fan dat oerlis hat GB2000 in amendemint formulearre, mar dêr blykt dat guon
partijen dêr net hielendal yn meigean kinne. It giet dan benammen om de keuze fan de doarpen, mar
wol yn algemiene sin. At it amendemint oannommen wurdt, nimme wy it beslút oer hoe't de
doarpen ferdield wurde moatte en dat moat úteinlik liede ta in konsept-weryndielingsfoarstel. It is
Pagina 2