3.2.B&W informeert de raad regelmatig over het gevoerde overleg met de hiervoor genoemde
gemeenten.
3.3. Indien noodzakelijk vindt hernieuwd overleg plaats in de raad.
3.4.B&Wzenden dit raadsbesluit aan Gedeputeerde Staten van Fryslân.
De heer Van der Sluis jout dit amendemint, dat tekene is troch de hearen Hemminga, Van der
Woude en Zijlstra, nummer 1
De hear Van der Woude slút him oan by de foarige sprekker as it giet om de krityk dy't hy utere hat
op it gedrach fan bestjoerders fan omlizzende gemeenten. 30 novimber 2010 is foar Boarnsterhim
in hiele bysûndere dei. It is de ôfsluting fan in diskusje oer de takomst fan Boarnsterhim, dy't start
is mei it yntsjinjen fan in moasje troch de PvdA en dy't riedsbreed oannommen is. It is ek de start
fan in nij trajekt dat útfiering jaan moat oan foarneamde earste perioade en liede moat ta in
weryndielingswet. Trije wike lyn hat de sprekker oanjûn wat foar syn fraksje de wichtichste
kritearia binne om ta in ferantwurde kar te kommen. We moatte it algemien belang fan ús
ynwenners yn it each hâlde en kinne it net elkenien nei de sin meitsje, seit de sprekker. De
wichtichste toetsingskritearia binne foar de PvdA 1it lokaal draachflak mei de dêrtroch oandroegen
arguminten, 2) de sosjaal-ekonomyske en sosjaal-geografyske oriïntaasje en it finansjeel-ekonomysk
perspektyf, de lêstendruk foar ús ynwenners en it belied fan de ûntfangende gemeente.
befolking hat in grutte belutsenens toand by it proses dat wy yn septimber 2009 offisjeel yn gong
set ha. Ta it léste momint ta ha doarpen besocht ús te oertsjûgjen fan harren miening. Jirnsum,
Friens, Reduzum, Grou, Wergea, Warstiens ha har frij rêstich holden. Ek dy doarpen hat de PvdA
toetst oan syn kritearia. Utkomst is dat de fraksje tinkt dat dy doarpen goed óf binne at se oergean
nei Ljouwert. Yn Warten is oer de kar nochal diskusjearre, oer de kar Ljouwert of Tytsjerksteradiel,
mar ienriedich as it giet om de ferbûnens tusken Warten en De Alde Feanen. Neffens de fraksje is
Warten sosjaal-ekonomysk en sosjaal-geografysk rjochte op sawol Ljouwert as Burgum. Sjoen de
frijaazjes fan Tytsjerksteradiel mei Achtkarspelen en Kollumerlân fynt de PvdA Ljouwert de béste
kar foar Warten. Dat De Alde Feanen bestjoerlik net yn ien hén komme, fynt de fraksje fan minder
grut belang. De doarpen fan De Lege Geaën ha de fraksje oertsjûge dat oansluting by de nije
gemeente Súdwest-Fryslân foar harren de béste kar is. De Lege Geaën wurdt dêrmei ek wer in
ienheid. Terherne stridet al fan foar de weryndieling fan 1984 foar oansluting by Skarsterlén. De
oriïntaasje fan de ynwenners is foar it grutste part ek rjochte op De Jouwer. De fraksje is dêrom
foar oansluting fan it plak by Skarsterlén. Fanút Akkrum binne ferskate foarkarren nei foaren kaam:
Skarsterlén, It Hearrenfean en seis Ljouwert. Skarsterlén hat de foarkar, mar it draachflak dêrfoar is
net oertsjûgjend genôch. De fraksje konstatearret dat it oergrutte part fan de Akkrumers oriïntearre
is op It Hearrenfean. De miening dat de finansjele situaasje fan It Fean oanlieding jaan soe ta gruJ
soargen, dielt de fraksje net. De PvdA fynt it doarp Akkrum en it plattelén deromhinne passend by
dy gemeente. Aldeboarn is de léste tiid tige warber wurden, mar de PvdA-fraksje is net oertsjûge
rekke, net troch it draachflak en net troch de argumintaasje. De léste hantekenaksje sil wol in ridlik
persintaazje opsmiten ha, mar net sa oertsjûgjend as yn De Lege Geaën en Terherne. Foar in part
fan it ûnderwiis is Aldeboarn oanwiisd op De Gordyk. Foar al it oare gean de Boarnsters óf nei
Akkrum, óf nei Drachten, It Hearrenfean of Ljouwert. En fan bining mei Skarsterlén is al hielendal
gjin sprake. De PvdA is fan miening dat ek Aldeboarn tadield wurde moat oan It Hearrenfean. De
sprekker ferwachtet wol hjir en dér krityk te krijen, mar is ree dy te werlizzen. De PvdA is fan
miening dat mei dizze kar de doarpen fierder trochgroeie en bloeie kinne en dat de lésten foar ús
boargers draachliker wurde kinne. De ôfrûne dagen is troch de fraksjes wurke oan in alternatyf
beslút. De foarige sprekker hat dat niis ynbrocht. De PvdA stipet dat amendemint, foaral omdat it
rjocht docht oan de winsken fan it grutste part fan ús ynwenners, it kolleezje foldwaande
ûnderhannelingsromte jout en ússels as rie net bûtenspul set.
Frou Veldstra merkt op dat de FNP hiele mingde gefoelens hat by de weryndieling. Boarnsterhim is
miskien fallyt, mar noch net stikken. De gemeente draait no organisatoarysk goed en dan is it
wrang dat je yn 2013 of 2014 oerdroegen wurde moatte oan gemeenten dy't dan miskien ek wol
grutte finansjele swierrichheden ha. By de ferdieling fan de gemeente moat rjocht dien wurde oan
wat de befolking foarholden is en wat yn de ynspraak nei foaren kommen is, mei alle arguminten
dy't dér by hearre. Der binne hast altyd falide arguminten nei foaren brocht en slute meastal oan by
de kritearia draachflak, bestjoerskrêft, duorsumens, ynterne gearhing, regionaal lykwicht en
Pagina 4