gearhing en it planologysk romteferlet. De FNP stiet hiel kritysk foar it útstel fan it kolleezje oer. Der
is gjin rjocht dien oan it kritearium fan maatskiplik draachflak. Op basis fan de ynbrochte sjenswizen
fan Doarpsbelangen en de enkêtes kinne we sizze dat sawat 9000 minsken, 47% fan de befolking,
in oare gemeente foar eagen hat as dat B&W foarsteld ha. Dan ha we it oer De Lege Geaën,
Terherne, Akkrum-Nes, Aldeboarn en in part fan de befolking fan Warten. De FNP wol fanút it fan
Onderen op-prinsipe, mar ek fanwege alle relevante arguminten dy't oanslute by it beliedskader
weryndieling fan it ministearje fan BZK it foarstel feroarje.
It earste amendemint is troch partijen mei inoar yntsjinne. Sy ferwiist nei de ynbring fan de hear
Hemminga. De FNP stiet der folslein efter dat De Lege Geaën nei de nije gemeente Súdwest-Fryslân
giet en Terherne nei Skarsterlân en dat dat op termyn de nije gemeente Fryske Marren wurde sil.
Oer Aldeboarn en Akkrum-Nes hat de FNP oare gedachten en dêrom komt de fraksje en ek oare
fraksjes mei amendeminten om dat te feroarjen.
It sub-amendemint dat wy no yntsjinje wolle giet oer Aldeboarn en is in wizigingsfoarstel op it
amendemint fan de partijen meielkoar.Der is neffens de FNP te min maatskiplik draachflak om
Aldeboarn oan It Flearrenfean ta te heakjen. Yn de earste enkête fan Doarpsbelang keas 70% foar
Opsterlân en mar 7% foar It Hearrenfean. In nije enkête fan de wurkgroep Aldeboarn by Opsterlân
hat útwiisd dat 71% fan de ynwenners foar Opsterlân kiest. Oare arguminten binne dat Opsterlân
mear as foldwaande bestjoerskrêftich is en dat yn de ynspraak neamd is dat in soad Boarnsters har
oriïntearre fiele nei Opsterlân en ek in protte bern dêr Onderwiis folgje op De Gordyk en dat De
Gordyk en Beetstersweach justjes tichterby binne as It Hearrenfean en dat it plattelânskarakter fan
Opsterlân better by Aldeboarn past as de stedske allueres fan It Hearrenfean.
It amendemint fan FNP is in sub-amendemint op it amendemint tekene troch de hearen Hemminga,
Van der Woude en Zijlstra.
It subamendemint fan de FNP fraksje op it mienskiplik basisamendemint:
Oerweagjende dat:
op grdn fan ynspraak, de wet ARHI en de kritearia yn it "Beliedskader gemeentlike weryndieling" it
doarp Aldeboarn op grdn fan stekhâldende en oannimiike arguminten yndieid wurde kin by de
gemeente Opsterlân.
Bes/ut:
De besldtnummers 1, 2.2 en 3 as foiget te wizigjen:
by besldtndmer 1 ek fermelde dat jo yn oer/is trede mei it kolleezje fan B&W fan Opsterlân
by besldtndmer 2.2 dat it gebiet mei it doarp Aldeboarn ek diel útmeitsje sil fan de gemeente
Opsterlân
by besldtndmer 3.1 dat ek de gemeente Opsterlân op de hichte brocht wurdt fan dit besldt.
Foar it oare feroaret der neat oan it mienskiplik basisamendemint. Se hopet dat oare partijen hjiryn
meigean.
De heer Van der Sluis jout dit amendemint, dat tekene is troch mefrou Veldstra, nummer 2.
De hear Hemminga freget - by ynterrupsje - wat frou Veldstra it ferskil fynt tusken in enkête en in
hantekenaksje.
Frou Veldstra seit dat minsken har útsprekke kinne oer in de fragen yn in enkête. By de
hantekenaksje ha de minsken hûs oan hûs west yn Aldeboarn en dêrby ha in protte minsken har
hanteken set ha. Dêrút die bliken dat 71 graach nei Opsterlân wol.
De hear Hemminga seit dat er mear wearde hechtet oan in enkête mei wat mear ynformaasje as
oan in hantekenaksje.
Frou Veldstra jout oan dat foar de FNP it in swierweagjend punt is om Aldeboarn oanslute te litten
by Opsterlân. Op grûn fan ynspraak, de geografyske lizzing, it plattelâns- en toeristysk karakter fan
de doarpen Akkrum-Nes en op grûn fan foarderings nei de nije fúzjegemeente Fryske Marren is der
in soad foar te sizzen om Akkrum-Nes by dy gemeente ûnder te bringen. D66 komt aanst mei in
amendemint. Dan freget de fraksje hoe't it kolleezje omgean sil mei hiele lytse grinswizigingen. Mei
sa'n weryndieling kinne je goedmeitsje wat al jierren bryk is en dêr't minsken echt lést fan ha. De
gemeente Littenseradiel hat it foarbyld neamd fan in pleats mei lân op 'e grins fan dy gemeente en
ús gemeente oan 'e Dille tusken Dearsum en Easterwierrum. It oare foarbyld is de situaasje op it
eilân tusken de Sânemar en it doarp Earnewâld. Dêr binne grutte problemen mei de postbesoarging.
De fraksje freget it kolleezje dy beide gefallen nei tefredenheid fan 'e bewenners op te lossen. Foar
Pagina 5