oare logyske korreksjes fan it grûngebiet nei oare gemeenten, byg. om pleatsen en lân fan ien eigner ûnder ien gemeente falie te litten, moat romte wêze, fynt de fraksje en nimt oan dat hjir noch ynformaasje oer komt nei de ynwenners ta. Hoe sjocht it kolleezje de ynformaasjeferstrekking nei de rie oer de weryndieling foar har? Sil de rie trije, fjouwer kear yn it jier aktyf ynformearre wurde oer it proses, ynhâld en finansjele aspekten fan de weryndieling? De FNP giet derfan út dat de keazen oplossing mei de wizigingsfoarstellen fan Terherne, De Lege Geaën, Akkrum-Nes en Aldeboarn ta in fiat liede sil fan it ministearje fan BZK mei it each op eardere útlittings. Mochten der dochs wetlike beswieren komme, dan giet de fraksje derfan út dat fia in wizigingsfoarstel fan it kolleezje in oare mooglikheid om boppeneamde ferdieling dochs noch te realisearjen, oan de rie foarlein wurde sil. De fraksje stelt it kolleezje foar om sa gau mooglik in planning op te stellen mei de ferskate belutsen gemeenten wat wannear dien wurde moat mei hurde ôfspraken wa wat docht. In soad ûnderfinings fan Súdwest-Fryslân oer de weryndieling kinne brûkt wurde by it proses yn Boarnsterhim. Ek kin der profitearre wurde fan fasilitearring en know-how fan de provinsje Fryslân. Se wol alle ynsprekkers, Doarpsbelangen en oare belutsenen tank sizze foar harren ynbring. De hear Bouma merkt op dat de spulregels foar weryndieling oant it léste momint net hiel dúdlik wienen. It is goed dat we as rie yntern oerlis hén ha en dat hat laat ta it amendemint dat troch GB2000 nei foaren ta brocht is. De VVD kin him yn grutte linen fine yn it amendemint, mei i útsûndering. De boargers ha goed hearre litten wat se wolle. It draait ek om draachflak. De boargemaster hat sein dat we mei opheven holle de striid oangean moatte en de VVD fynt dat in goed útgongspunt. Ien fan de earste ynspraakjûnen ferline jier wie yn Terherne en dér kiest de befolking dúdlik foar Skarsterlén. De VVD fynt dat we dat stypje moatte. De fraksje hat argewaasje hén fan de lûden en brieven út Earnewéld. Der wurdt ûneiglike arguminten nei foaren brocht en de VVD wol der neat mei dwaan. De fraksje is bliid mei de kar fan it kolleezje dat De Alde Feanen tegearre mei Warten as ienheid by Ljouwert te foegjen. Yn Ljouwert binne de natuerbelangen en toeristyske belangen goed fertsjintwurdige. De Lege Geaën ha har ek goed hearre litten. De VVD fynt dêrom dat it gebiet by de Súdwesthoeke komme moat. De fraksje hat in oare miening oer Aldeboarn as yn it amendemint stiet. De hantekenaksje jout dúdlik oan dat sy by Opsterlên wolle en dat moatte we honorearje, fynt de fraksje. Dat yn tsjinstelling ta de lûden út Akkrum. Dy binne net ienriedich en dêrom seit de VVD dat it plak mar by It Hearrenfean moat. De foarsitter fan Pleatslik Belang hat in petear hén mei It Hearrenfean en dy fûn dat it wêze moast. De ûndernimmers en Pleatslik Belang fan Grou ha har útsprutsen dat se har wol fine kinne yn tadieling by de gemeente Ljouwert. De hear Zijlstra merkt op dat it kolleezje en it amtlik apparaat nei de rie fan 9 novimber noch it nedige prestearre ha. De rie wie betize troch de ynhêldlik-juridyske diskusje oer de weryndielingsw ARHI. As ferskate farianten fan weryndieling mooglik binne dan is it oan ús om oan te jaan hoe t Boarnsterhim ferdield wurde moat. De gemeenterie fan Boarnsterhim tekenet no de takomstige lénkaart yn en it kolleezje docht de kommende moannen syn bést om te soargjen dat dizze rie tefreden is, dat de ûntfangende buorgemeenten alfêst wenne kinne oan it ekstra fersoargingsgebiet en dat ús ynwenners alfêst foarút sjen kinne nei 'it beloofde lén'. De rie hie yn dit gefal in teken nedich fan it folk en dat teken kaam it dúdlikst út Terherne en De Lege Geaën en oare doarpen lykas Reduzum, Grou en Wergea. Minder dúdlik wie de miening fan doarpen as Akkrum, Warten en Aldeboarn. Allinnich as in doarp fia objektive ynformaasje en fragen de miening peild fan har ynwenners krije je in goed byld fan it draachflak. Objektive ynformaasje is wat oars as in aksjegroep dy't him earne tsjin ferset, fynt it CDA. De heer Frensel vraagt - bij interruptie - of de vragenlijst die in Aldeboarn is rondgegaan volgens de heer Zijlstra geen objective vraagstelling is geweest. De hear Zijlstra seit dat it foaral giet om de ynformaasje dy't dêr omhinne jûn is en it idee fan in aksjegroep dy't him earne tsjin ferset. Mevrouw Rozema heeft bewondering voor de manier waarop de spreker zich zo verdiept heeft in de informatievoorziening in Aldeboarn. Ze is benieuwd of het ook zo objectief was bij Terherne en De Lege Geaën. Heeft de spreker zich daar ook in verdiept? De heer Bouma seit dat 'it beloofde lén' foar Aldeboarn dúdlik Opsterlên is. De hear Zijlstra seit dat dat foar it CDA net oertsjûgjend wie. Neffens him gong it yn Terherne net om de ynformaasje, mar hiel neidruklik de winsk wie fan 90% of mear fan de befolking wat nei de Pagina 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 6