buorgemeente ta woe. Oan de ein fan de rit is dochs in soad objektive ynformaasje jûn oer De Lege
Geaën en dêr binne ek dúdlike sifers út nei foaren kaam, fynt it CDA.
De hear Posthumus merkt - by ynterrupsje - op dat neffens de enkête 70% fan de Boarnsters foar
Opsterlân en 7% foar It Hearrenfean is. Dat wurdt troch brieven fan Doarpsbelang befestige. In
wurkgroep kaam mei deselde útslach, 70%. Wêr leit foar it CDA de grins wat wol en net
oertsjûgjend is?
De hear Zijlstra seit dat 70% al hiel wat is. Allinnich de ynformaasjeferstrekking en de byldfoarming
fynt it CDA net objektyf. Draachflak blykt ek út de opkomst by de ynsprekjûnen. Terherne kaam
massaal opdaagjen yn Akkrum by de riedsgearkomste wylst elkenien al wist wêr't it doarp nei ta
woe, mar de ynwenners fan Boarn en Akkrum lieten dêr ferstek gean. By de byienkomst yn Raerd
wienen De Lege Geaën goed fertsjintwurdige, mar de measte oare doarpen lieten de kâns foarby
gean. Dêrút kinne je konkludearje dat de doarpen dy't har net hearre litten ha it iens binne mei it
foarstel. Ek it takomstperspektyf fan de doarpen yn de ûntfangende gemeenten is foar it CDA fan
belang. Kinne sy duorsum soargje foar ús ynwenners? De foarsjennings moatte hjir net efterút
gean, wylst de buorgemeenten stean te popeljen om yn Boarnsterhim te ynvestearjen. Omdat der
neat mis is mei sûne ambysje kin it CDA miskien noch in pear ideeën oandrage. It CDA fertrout
derop dat de ûntfangende gemeente ree is om it doarpseigene plattelânskarakter fan de doarpen te
bewarjen, de doarpsfisys te respektearjen en de tsjinstferliening yn de doarpen te garandearjen.
Hearrenfean kin alfêst jild yn de mearjierrebegrutting sette foar in gemeentebaly yn Akkrum,
Súdwest-Fryslân foar in gemeentewinkel yn De Lege Geaën en Ljouwert foar in servicepunt yn
Grou. It CDA fynt it fan belang dat ús ynwenners gau wenne oan de nije gemeente en oarsom.
Buorgemeenten meie nei hjoed sjen litte wat se wurdich binne. It Hearrenfean kin no yn in
struktuerfisy sjen litte hoe't se de bedriuwichheid yn in doarp as Akkrum behâlde wolle en nei de
takomst út te wreidzjen, hoe't se omgean mei rekreaasje en toerisme en wat de gemeente
bestsjutte wol foar Aldeboarn yn relaasje ta de Turfrûte en de Deelen. Is It Hearrenfean ree om de
betonbrêge yn Boarn alfêst op te nimmen yn it mearjierreperspektyf? De gemeente Ljouwert kin ek
foarsortearje op de weryndieling fan 2014, mei in bydrage foar it sylsintrum yn Grou en it fytspaad
tusken Ljouwert en Warten en in ferhurde fytspad tusken Warten en Grou. Ljouwert kin yn in
struktuerfisy sjen litte hoe't se omgean wolle mei behâld fan de griene buffer tusken de stêd en it
doarp Wergea. Yn it mearjierreperspektyf meie se sjen litte hoe't se it iepen hâlde fan de Bidlerbrêge
yn Wergea ferwurkje wolle yn de oanlis fan rekreative farrûtes rûnom de stêd. It CDA fertrout derop
dat Ljouwert in bydrage leverje kin oan Warten as poarte nei De Alde Feanen en hoe't se omgean
wolle mei it gebiet tusken De Alde Feanen, de Pikmar en de Wide Ie. De fraksje ferwachtet dat
Warten op nûmer 1 komt foar Ljouwert as it giet om De Alde Feanen. Súdwest-Fryslân stiet foar de
taak om De Lege Geaën maksimaal profitearje te litten fan Snits as wettersportmagneet. It is lêstich
om in farrûte, lykas de Bangafeart, op djipte te hélden. It CDA fertrout derop dat de gemeente
Súdwest-Fryslân alfêst kontakt siket mei Pleatslik Belang om de winsken fan De Lege Geaën te
ynventarisearjen. It CDA hat foar de kommende fjouwer jier it biedwurd 'grinsferlizzend' heech yn it
findel. Troch de belangen fan de doarpen foarop te setten wurket it CDA ta nei in soepele oergong
yn 2014. It CDA kiest foar in ferdieling fan de gemeente yn twa parten, wêrby't Terherne by
Skarsterlân komme moat en De Lege Geaën by Súdwest-Fryslân.
De heer Frensel merkt op dat er een proces doorlopen is waarbij veel mensen uit onze gemeente
bijgedragen hebben, zodat we vanavond een afgewogen besluit kunnen nemen. Hij wil iedereen
bedanken voor hun betrokkenheid en inzet en ook de portefeuillehouder dat hij de wettekst nog
eens goed bestudeerd heeft en geconcludeerd heeft dat er geen juridische belemmeringen zijn om
een grenswijziging mee te nemen in het herindelingsadvies. Wel spijtig dat dit pas op het laatste
moment was. D66 volgt het voorstel van het college m.b.t. het toevoegen van het noordelijk deel
aan de gemeente Leeuwarden, met uitzondering van De Lege Geaën die bij Súdwest-Fryslân komen.
T.a.v. het zuidelijk deel vindt D66 dat Aldeboarn toegevoegd moet worden aan Opsterland en
Terherne, Akkrum en Nes toegevoegd moeten worden aan de nieuw te vormen gemeente De Friese
Meren. Aldeboarn heeft duidelijk aangegeven wat de wens is van een ruime meerderheid van de
bevolking: aansluiting bij Opsterland. Aldeboarn past goed bij Opsterland, vindt D66, want dat is
een bestuurskrachtige en financieel gezonde gemeente en er ontstaat zo een samenhangend geheel.
De gemeente Opsterland heeft aangegeven dat Aldeboarn welkom is. Het standpunt van de raad
Pagina 7