soe fan de fearpont fan 50.000 euro. Dat liket har net hielendal reëel, omdat we hjir dochs achterút buorkje. De hear Zijlstra merkt op dat de fragen goed beäntwurde binne, útsein miskien de fraach fan de fearpont fan De Bird. Mar it is knap om safolle fragen yn koarte tiid te beäntwurdzjen en dat is foar it CDA in teken dat it kollleezje de finânsjes ridlik op streek hat en 'in control' is. Yn it foarwurd seit it kolleezje noch hiel wat betsjutte te kinnen foar ús ynwenners. Dêryn herkent de sprekker it ferhaal dat it CDA ferline jier holden hat. We kinne as rie noch hiel wat kaders stelle en it kolleezje kin noch hiel wat betsjutte as yntermediêr by de ferskate inisjativen yn de doarpen dy't der noch binne. Dan oer programma 1, algemien bestjoer, iepenbiere oarder en feiligens: it liket wol in soad op it ferhaal fan ferline jier, allinnich no stiet der by 1.3 oer de ferbettering fan de tsjinstferliening, dat it kolleezje rekken hâldt mei de beheinde tiidspanne. Hoe moatte we dat útlizze? At we weryndield binne, dan nei ús de sündfloed? Of opsje 2: at we in weryndieling hân ha, dan betsjut dat dat dit gebiet fan Fryslân fierder fan it gemeentekantoar óf komt te lizzen. Dan soenen we neitinke moatte oer in foarútskode post fan de gemeente of it gebrûk meitsjen fan moderne ICT-middels om ús ynwenners aanst ek dy service te bieden. Dat wurdt net omskreaun, dus de sprekker tinkt dat opsje 1 fan tapassing is en dat is neffens it CDA net goed. At we ein novimber in beslút nimme oer de weryndieling, dan moatte we foarút sjen hoe't we de foarútskode post fan de balys wol realisearje kinne. Fanóf 2011 soenen we it ek dwaan kinne mei ús buorgemeenten, de takomstige gemeenten dêr't ús ynwenners aanst wenje. Yn it stik wurdt de kwaliteitsnoarm fan it VNG neamd. Op ynternet stiet dat it de bedoeling is dat de gemeenten yn 2015 sowieso ien klantkontaktsintrum ha, mar dat liket it CDA net foldwaande, seker net at je de poarte ta de publike tsjinstferliening wêze wolle, sa't frou Jorritsma fan it VNG it omskriuwt yn har fisy. Dan programma 2, it CDA wachtet ek op de leefberensnotysje. Dat duorret de fraksje ek te lang. Programma 3, sport, kultuer, rekreaasje en toerisme: dêryn stiet it punt dat it winsklik is om mear oandacht te jaan oan de toeristyske potinsje fan Nasjonaal Park De Alde Feanen. Dat is in goede saak, mar it CDA wol hjirby de oprop dwaan rjochting it kolleezje om Warten te belûken by de fisyfoarming. En dan net achteróf pas, mar fan tefoaren. Dat jildt ek foar it punt fan ûntwikkelingsmooglikheden fan de steande mêst-rûte. Nim Wergea dêryn mei, seit CDA en lit dat doarp dêryn meitinke. Der wurdt skreaun dat der wurke wurdt oan in beliedsnota rekreaasje en toerisme. Ferline jier hat it CDA tsjin it kolleezje sein om de fisys fan de doarpen dêryn mei te nimmen. De doarpen ha in miening oer wat sy as wichtichste toeristyske produkt sjogge foar har doarp. Wurde dy doarpen dêr ek foar benadere? By it herikeringsprojekt Fryske Marreprojekt wurdt skreaun oer de ôfrûning fan it wetterfront Grou en dêr léze we neat mear werom oer it sylsintrum. It kolleezje hat earder al oanjûn dat dêr mooglikheden binne om dat te kombinearjen, mar it sylsintrum komt spitigernóch net mear yn ús begrutting foar. By it programma ferkear, ferfier en fisyke ynfrastruktuer wurdt sprutsen oer brêgen. It kolleezje wol in tal brêgen oanpakke: Eagum, Warten en Grou. It CDA wol hjirby de oprop dwaan om der foaral foar te soargjen dat seker de fuotgongers en fytsers op in feilige manier fan A nei B komme kinne at der oan dy brêgen wurke wurdt. At se byg. by Warten omfytse moatte en oer de grutte dyk moatte, dan is dat gjin winsklike situaasje en dat jildt ek foar Grou. By Eagum is it lânbouferkear in oandachtspunt. Dan programma 5, wurk en besteanssekerheid: dêr mist de fraksje de fasilitearjende yntermediêre rol fan it kolleezje by it opstellen fan in ekonomysk beliedsplan. Dat hoecht dizze organisaasje net allinnich te dwaan. Der binne ek belange-organisaasjes dy't dat dwaan kinne, byg. it Undernimmerskollektyf Boarnsterhim. Wêrom bart dat net of bestiet dat kollektyf net mear? Programma 6, ûnderwiis en Ontwikkeling: by it learlingeferfier wurdt referearre oan it oanbesteegjen en dat wurdt dan tegearre dien mei de gemeente Ljouwert. Dit is de earste kear dat de gemeente Ljouwert nei foaren komt at it giet om tegearre dingen oppakke en jild besparje. Is it sa dat at de datum fan weryndieling tichterby komt, de opbringst út de gearwurking mei Ljouwert minder wurdt en hoe ferklearret it kolleezje dat kausale ferbân? Programma 7, folkshúsfesting en rûmtlike Ontwikkeling: it CDA fynt it absurd dat it sa lang duorje moat foardat de provinsje ris útslútsel jaan kin oer it projekt Grou-Noard, sadat we dêrmei oan de slach kinne. Pagina 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 12