BOARNSTERHIM Griffie Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 16 novimber 2010 om 19.30 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Wurklistpunt 4.1, begrutting 2011. Oanwêzich: Foarsitter: de hear T. Baas Griffier: de hear A.G.M. Rutten GB2000: de hearen J.R. Galama, P.T.L. Jonker en S. van der Meer PvdA: mefrou P.M. Esser en de hearen R. van der Woude en T. de Boer FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.S. Posthumus en W. Witteveen VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hear J.S. Zijlstra D66: mefrou A.W. Nugteren-Schell en de hear M. Frensel GroenLinks: It kolleezje fan boargemaster en wethâlders: De wethâlders de hear F.A.J.M. van Beek, mefrou H.J. de Haan-Laagland en mefrou M.A.J. Jager-Wöltgens Gemeentesiktaris: de hear G. Heeringa Ofwêzich (mkó): de hear J. Hemminga en mefrou G. Rozema 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Begrutting 2011 De hear Galama merkt op dat de programmabegrutting 2011 posityf slút. Der stiet lykwols noch goed tritich miljoen oan âld ûnderhâld. Struktureel hat Boarnsterhim de begrutting yn 'e macht. Ynsidintele lésten, lykas achterstallich ûnderhâld, bliuwe de kommende jierren as lésten meirinnen. It hâldt pas op at Boarnsterhim opdield is. It foarstel ta it ôfboeken fan de goed tsien miljoen aktiva jout struktureel wol wat lucht, mar bliuwt de kommende jierren as ynsidintele post meirinnen. Salang't de ôfboeking fan it noch net troch artikel 12 bydragen fan it kompensearjen fan de rinte, deryn stiet bliuwt dit in gat yn de begrutting. Boarnsterhim is wol yn de beneaming foar opheffing en weryndieling. Op de nijjiersresepsje yn Terherne noch gjin twa jier lyn, waard noch it 25-jierrich bestean fan Boarnsterhim betocht. De takomst fan de gemeente stie doe noch net ta diskusje. Finansjele problemen tsjinnen har wol gau oan en doe waard de takomst oars. En doe wie der noch mar ien opsje: weryndieling fan Boarnsterhim. Yn koarte tiid is in soad wurk fersetten om alles wer op de rails te krijen, sadat struktureel de begrutting wer yn lykwicht is. De negative delgong is foaral feroarsake troch net-lykwichtich belied yn it ferline. It is in ûnmooglike put om de hiele achterstén fan de strukturele lésten op te lossen. Fandêr de wichtichheid fan de artikel 12-status. At wy de lésten net op de skouders fan de boargers lizze wolle, dan is weryndieling de iennichste opsje. Boarnsterhim moat yn syn koarte besteansperioade noch goed 1,4 miljoen besunigje, wol de begrutting yn 2014 posityf slute. GB2000 giet derfan út dat de kommende jierren alles wer fierder rint en dat de beide skoallen ek ris boud wurde. De skoallen binne noch net boud en we ha no wat ekstra jild út de romte fan de skoallen, sadat ek de ynfrastruktuer realisearre wurde kin. Dat is in gelok by in ûngelok, seit de sprekker. GB2000 kin

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 20