De hear Posthumus seit dat it kolleezje ús oant no ta hiel goed ynformearre hat. It kolleezje hat ús al ynformearre dat der dizze wike en begjin desimber wer in oerlis wêze sil. De FNP freget harren om oan de hân fan dy oerlizzen ferslach út te bringen, sadat wy de finger oan de pols hâlde kinne. At it kolleezje dat tasizze kin, dan is der wat de FNP oangiet, neat oan 'e hân en lukt de fraksje de moasje yn. De hear Zijlstra freget oft de moasjes dan net oan krêft ynboete. De hear Posthumus tinkt fan net. Hy fynt de bibliobus in hiele wichtige maatskiplike foarsjenning. At dat fuortfalle sil, prate we oer hast 900 bern dy't dat misse moatte en in gebiet fan 8000 ynwenners dy't dan gjin biblioteekfoarsjenning mear ha sille. Hy giet no fierder mei syn betooch. Healwei takom jier sil de evaluaasje fan de gearwurking mei de gemeente Ljouwert der lizze. Kin it kolleezje tasizze dat dat stik nei de gemeenterie ta giet foardat de gearwurking ferlingd wurdt. De FNP wol graach in goed oersjoch fan alle foar- en neidielen, kosten en opbringsten. De ôfslach fan de A32 by Idaerd rjochting Grou-Noard kin it bedriuweterrein fan Grou in oppepper jaan, tinkt FNP. De fraksje is der net perfoarst op tsjin, mar dan net mei gemeentlik jild, omdat it dan op kosten gean kin fan oare foarsjennings. Prosedureel is it de léste kear wat knullich ferrün mei de memo oer de brêgejilden, fynt de fraksje. It briefke lei hjir samar op tafel. It giet om in hiele grutte ferheging, mei hast 82% yn ien jier. Ferskate partijen, Doarpsbelang Warten, de Wettersportferiening út Akkrum en ek it Wettersportferbûn ha dêrop ynspraak levere. Se wize der ûnder oare op dat út it oersjoch fan oare gemeenten bliken docht dat gemiddeld 1,20 betelle wurde moat foar de brêgejilden. It risiko is dat wettersporters no wer en masse oer it PM-kanaal farre sille. De FNP wol net oan it kader komme dat der leit foar de besunigings op de brêgejilden. Mar kinne we dat net fasearre dwaan, bygelyks yn twa jier? Earst 1,60 en dêrnei it folsleine bedrach. It útstel dat der no leit is net bot klant- en toeristfreonlik. De lésten fan de brêgebetsjinning binne op jierbasis 1,7 miljoen euro. Wêr sit de grutste kostepost en kin dêr net better op de kosten besunige wurde, yn stee fan dizze ekstra lésten foar de brêgen? De fraksje komt dêrom mei in amendemint. It liket op dat fan D66, mar dan justjes oars omdat FNP in fasearre ferheging foarstiet. It beslút fan it amendemint is: - it brêgeji/d foar de trije neamde brêgen yn Akkrum en Warten yn 2011 per trochfeart te ferbeegjen nei 1,60 yn 2011 en yn 2012 nei €2,=; - en it kolleezje te fersykjen om mei faasje mei alternative dekkingsfoarstellen te kommen út it bedrach fan 1.683.000 euro foar brêgebetsjinning en giet oer ta de oarder fan de dei (amendemint 3). De hear Zijlstra begrypt dat de FNP in oplossing siket foar it hege bedrach. Mar wat soe it effekt no oars wêze oer fiif jier at je it bedrach fasearre ferheegje? Makket it wat út? De hear Posthumus seit dat út de ynspraak komt dat partijen dit wol in hiele fikse ferheging fine en dan ek noch sa abrupt yn ien jier. De fraksje fynt dat dat yn elk gefal yn in pear jier útsmard wurde kin. Wat it op lange termyn útmakket, is net it grutste ferskil. De hear Van der Woude freget wat dan de mearwearde fan de fasearring is. De advizen dy't we fan bûten krigen ha is gemiddeld 1,20. Wêzenlik helpt sa'n fasearre ferheging net ien, seit de sprekker. De hear Posthumus seit dat de FNP net yn ien kear de 82% ferheging oanbringe wol, mar 40% en yn 2012 nei twa euro. De hear Galama merkt op dat we werom kinne nei in pear jier lyn. Giet it gesinsbudzjet fan minima omheech at der twa euro betelle wurdt foar in boatsje yn plak fan 1,20? Wat is it effekt fan sa'n ferheging? Hoe fierder je fuortfarre, hoe mear je betelje moatte. De hear Posthumus begrypt Gemeentebelangen no net mear. Twa wike lyn sei de hear Galama dat GB2000 akkoart gong mei de ferheging fan de brêgejilden. En no seit er, terjochte neffens de sprekker, dat it sosjale aspekt wichtich is en it in gigantyske ferheging is. De hear Galama merkt - by ynterrupsje - op dat dat net kloppet. Hy hat sein dat GB2000 akkoart giet mei de ferheging. FNP begjin te knibbeljen en dat de boatsjeminsken wat minder betelje moatte. Dy twa euro is lykwols nedich om it totaal foar de gemeente op peil te krijen, tinkt de sprekker. Wat is dan if effekt fan it beknibbeljen op it brêgejild op de totale begrutting? Pagina 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 23