De hear Posthumus seit dat yn de ynspraak sein is dat minsken dy't fan Akkrum nei Snits farre en wer werom, no sa'n twa euro kwyt binne en aanst mear. At je tweintich of fjirtich kear dat tochtsje meitsje, kin dat aardich oprinne. De hear Van der Woude freget oft it dan net handich is om by dy ófweaging ek te sjen nei it belang fan dit bedrach foar ús 19.500 ynwenners en it oanmerklik lytser oantal minsken dat mei in boat troch ús wetters fart. De hear Posthumus hoecht dit net fuort te beäntwurdzjen, seit er. De hear Zijlstra merkt op dat it moai is dat we as organisaasje finansjeel 'in control' binne. It CDA soe graach sjen dat der likegoed noch in ekonomysk beliedsplan opsteld wurdt en at it Undernimmerskollektyf Boarnsterhim dat net oppakt, hopet er dat der in oare klup ûndernimmers is dy't dêr de skouders ûnder sette wol. De fraksje sjocht ek graach in nota rekreaasje toerisme temjitte en dan yn gearwurking mei de doarpen en belange-organisaasjes. Der moat ien klantekontaktsintrum yn dizze gemeente komme. It CDA wol graach foarsortearje op de weryndieling en sjen nei de buorgemeenten wêr't we gemeentlike servicepunten kreëarje kinne. De yntinsje om mear te profitearjen fan De Alde Feanen ûnderskriuwt de fraksje ek. Mar belûk de doarpen Warten en Wergea en de buorgemeenten hjir ek by. Op koarte termyn mei wol mei Ljouwert sprutsen wurde, fynt de fraksje at it giet om de brêge yn it doarp Wergea. Juster ha we by de ledegearkomste fan Pleatslik Belang it boadskip meikrigen om noch 's te sjen nei it beweechber hélden fan de brêge. En wêr bliuwt de Stringbrêge tusken Grut Palma en de rest fan it doarp? En at der oare brêgen yn ús gemeente reparearre wurde, lykas yn Eagum, Warten en Grou, dan pleitet de fraksje foar in bypass, sa't dat yn Wergea eartiids ek mooglik wie. Hat de provinsje al reagearre op de pilot lanlik wenjen? It duorret absurd lang en miskien hat deputearre Konst al ôfskie naam fan Boarnsterhim. Mooglik kin it kolleezje nochris nei it provinsjehüs gean om hjiroer mei him fan gedachten te wikseljen. Frou Meinderts merkt op dat se fragen steld hat yn de organisaasje oer de trije brêgen dêr't brêgejild heft wurdt. Wêrom is dat eartiids ôfskaft by de oare brêgen, want we soenen miskien wer wat mear jild freegje kinne. De hear Bouma seit dat er de foarige kear al sein hat dat de VVD op himsels gjin muoite hat mei de ferheging. De fasearring sa't de FNP dy nei foaren bringt sjocht de VVD net sitten. Der binne reaksjes, foaral út Akkrum, en tips nei foaren kaam, bygelyks in tip oer it ynfieren fan in sticker. Dan moat der bygelyks hûndert euro betelle wurde foar in sticker en kinne je fergees lâns twa brêgen. Dat is sawol foar de brêgewipper as foar de boatsjeminsken maklik. Wol it kolleezje dêr ris nei sjen? In oar punt binne de brêge by it gemeentehûs en de Hoflânsbrêge yn Grou. Dêr wurdt gjin brêgejild foar heft en jeugd docht dêr de brêge wol 's iepen om der troch hinne te swimmen of te farren. Is der miskien in mooglikheid om dêr in muntautomaat foar te pleatsen, sadat it wat ekstra opbringsten generearret. Frou Esser merkt op dat it sneu is foar minsken yn Akkrum dy't aanst mear kwyt binne by de brêge. It giet lykwols mar om sokke lytse bedragen. Tsjintwurdich hast foar twa euro noch net iens in glêske bier. Yn oare gemeenten wurdt ek twa euro heft, dus de PvdA fynt it in ridlik bedrach. Wethouder Van Beek merkt op de begroting 2011 gezien moet worden in het perspectief van het artikel 12-proces. Als je dat perspectief ziet en de redenen waarom een artikel 1 2-begroting er zo moet uitzien, dan zie je licht aan de horizon en dat er een structureel dekkend geheel is ontstaan. De heer Frensel vraagt volgens hem naar de bekende weg als het gaat om het wel of niet goedkeuren van de begroting 2011. De begroting is geënt om een beeld op te roepen wat we nodig hebben om deze gemeente goed te laten draaien. Dat beeld moeten we oproepen om in het artikel 1 2-traject goed naar voren te kunnen komen. We stellen hem vast in de wetenschap dat er posten in zitten waarvan we weten dat we ze op dit moment nog niet mogen uitgeven. Dat de provincie niet tot een goedkeuring komt is geen enkel probleem, want met de goedkeuring die we wel hebben, de begroting 2009, met de daarop aangepaste structurele wijzigingen, met de goedkeuring op de voorjaarsnota 2010, met tal van incidentele goedkeuringen op concrete verzoeken van ons tot investeringsuitbreiding kunnen we uitstekend uit de voeten. In het artikel 12-traject wachten we als eerste nog op een rapportage van het Rijk, waarin zij hun eerste Pagina 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 24