M0ASJE2 Bibliobus - AMENDEMINT 3 (op grûn fan kêst 34 fan it Reglemint fan Oarder) oangeande wurklistpunt 4.1 Proqrambeqruttinq 2010 De ried fan Boarnsterhim, yn gearkomste byelkoar op 16 novimber 2010 Oerweagjende dat, de gemeenteried it fan belang achtet dat yn 'e doarpen dêr't no in biblioteek is of dêr't in bibliobus komt in biblioteekfoarsjenning yn stân bliuwt; it Kolleezje op't heden mei de stichting Bibliotheken Midden Fryslân (SBMF) petearen fierd oer in yntegrale fisy op it bibleteekwurk yn ús gemeente, dy't der foar 1 jannewaris 2011 lizze moat; de ried aktyf belutsen wurde wol by de Ontwikkelingen op dit mêd fanút syn kaderstellende, folksfertsjintwurdigjende en kontrolearjende rol; freget it kolleezje: de gemeenteried aktyf te ynformearjen oer it rinnende Onderhannelingsproses en de senario's dy't út de petearen komme; dêrby oare opsjes, eventueel bûten SBMF om, net út te sluten, bygelyks yn gearwurking mei skoallen, doarpshuzen of doarpsbelangen; dat yn alle gefallen skriftlik foar de gemeenteried fan 14 desimber te dwaan, yn ferbân mei it al as net fuortbestean fan de bibliobus yn 2011 en giet oer ta de oarder fan 'e dei. (op grûn fan kêst 33 fan it Reglemint fan Oarder) oangeande wurklistpunt 4.1: Proqrambeqruttinq 2010 De ried fan Boarnsterhim, yn gearkomste byelkoar op 16 novimber 2010 Oerweagjende dat, dat it Kolleezje de brêgejilden ferheegje wol fan 1,10 nei 2,00 per passaazje mei yngong fan 2011 dat dat in abrupte ferheging fan leafst 82% yn ien jier is en dat hjir troch ferskate belangegroepen protest tsjin oantekene is; dat de ferheging yn giet tsjin it belied om de Wettersporter te ferlieden de Steande mêst route te nimmen; Beslút: - it brêgejild foar de trije neamde brêgen yn Akkrum en Warten yn 2011 per trochfeart te ferheegjen nei 1,60 en yn 2012 nei 2,00; - it Kolleezje te fersykjen om mei faasje mei alternative dekkingsfoarstellen te kommen út it bedrach fan 1.683.000 foar brêgebetsjinning FNP Pagina 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 32