BOARNSTERHIM Griffie Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 2 novimber 2010 om 19.30 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Wurklistpunt 3.2, programmabegrutting 2011. Oanwêzich: Foarsitter: de hear T. Baas Griffier: de hear A.G.M. Rutten GB2000: de hearen J.R. Galama en P.T.L. Jonker PvdA: mefrou P.M. Esser en de hearen R. van der Woude en T. de Boer FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.S. Posthumus en W. Witteveen VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hear J.S. Zijlstra D66: mefrou A.W. Nugteren-Schell en de hear M. Frensel GroenLinks: mefrou G. Rozema It kolleezje fan boargemaster en wethâlders: De wethâlders de hear F.A.J.M. van Beek, mefrou H.J. de Haan-Laagland en mefrou M.A.J. Jager-Wöltgens Gemeentesiktaris: de hear G. Heeringa Ofwêzich (mkó): de hearen J. Hemminga en S. van der Meer (GB2000) 3. BESLUTFOARMJEND 3.2 Programmabegrutting 2011 De hear Posthumus jout syn kompliminten foar de stap foarút dy't makke is yn dizze begrutting, hoewol't we der finansjeel sjoen noch net binne. We binne dochs ridlik 'in control'. It fait him op dat der in memo op tafel leit oer de ferheging fan de brêgejilden, hast in ferdûbeling foar Boarnsterhim fan 1,10 nei twa euro. Dat komt as in duveltsje út in doaske, fynt de FNP. Yn earste ynstânsje waard oannommen dat de ekstra ynjeksje fan tsien miljoen euro foar ekstra ôfskriuwing fan it Ryk der wol komme soe. Der wurdt no lykwols fan útgongen dat it jild net komme sil. It giet te léste fan de algemiene reserve. Wêrom sil it Ryk hjir nei alle gedachten net mei akkoart gean? Hoe moatte we it struktureel tekoart rjochting 2014, 1,4 miljoen, relatearje oan de weryndieling en skjin opleverje ein 2014? Fierder besunigje of langer de tiid nimme om te sanearjen of hoopje op in gruttere útkearing? It kolleezje hat oanjûn dat fanôf 2011 in nije sanearingsrûnte nedich is, ek fanwege de besunigings op it gemeentefûns. Yn hoefier kinne je noch mear besunigje op de maatskiplike foarsjennings, freget de FNP him óf. Der wurdt ekstra jild útlutsen foar de regionale gearwurking fan de helpferlieningstsjinst. Ut skriftlike fragen fan de FNP docht al bliken dat de HVD al mear as 700.000 euro op jierbasis krijt. It kolleezje hopet dat der in effinsjinsjeslach makke wurde kin. De fraksje hopet dat it rjochting de 5% gean sil. D66 hat fragen steld oer de wen-soarch-lokaasjes dy't yn Grou pland binne. Der binne ek noch oare doarpen; ek oare ynwenners hawwe der rjocht op, fynt FNP. Dan de programma's. By sport en kultuer stiet dat der in nije nota akkomodaasjebelied oankomt. De finansjele kaders binne te min. In oplossingsrjochting dêr't FNP oan tinkt is om sportkompleksen dy't krekt opknapt binne, óf te stjitten. Yn oare gemeenten wurdt wol praat oer frijstelling fan OZB foar sportferienings. We 1 03 ferslach pt3.2 riedsgearkomste 2 novimber 2010

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2010 | | pagina 7