BOARNSTERHIM Griffie Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 12 april 2011 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: de hear T. Baas Griffier: de hear A.G.M. Rutten GB2000: de hearen J.R. Galama, J. Hemminga, P.T.L. Jonker en S. van der Meer PvdA: mefrou P.M. Esser en de hear T. de Boer FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.S. Posthumus en W. Witteveen VVD: de hear S. Bouma CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hear J.S. Zijlstra D66: mefrou A.W. Nugteren-Schell en de hear M. Frensel GroenLinks: mefrou G. Rozema It kolleezje fan boargemaster en wethâlders: De wethâlders de hear F.A.J.M. van Beek, mefrou H.J. de Haan-Laagland en mefrou M.A.J. Jager- Wöltgens, gemeentesiktaris de hear G. Heeringa Ofwêzich: M.k.ô: de hear M. van der Sluis (VVD) 3. MIENINGSFOARMJEND 3.5 Foarstel oangeande voortgangsrapportage herindeling De hear Hemminga dielt mei dat Gemeentebelangen stiet foar har eardere útspraak dat De Alde Feanen meigiet nei Ljouwert. Oangeande de finansjele situaasje soe hy graach wolle dat de partners wêr't Boarnsterhim yn opgiet harren útsprekke dat hja fertrouwen hawwe dat Boarnsterhim skjin opleverd wurdt per 1 jannewaris 2014. Oangeande de klankbordgroep fynt hy it wichtich dat de ried en ek de ried fan oare gemeenten, benammen Leeuwarden en Heerenveen, derby belutsen wurde. Hy dielt mei dat Gemeentebelangen folslein efter it foarstel fan it kolleezje stiet. De hear Van der Woude jout oan dat de PvdA fynt dat De Alde Feanen oergean moatte nei Ljouwert. Oangeande de finansjele situaasje merkt hy op dat yn it rapport artikel 12 de garânsje jûn wurdt dat Boarnsterhim skjin oplevere wurdt. Hy jout ek oan dat der omtinken wêze moat foar it personiel dat oergiet nei de gemeente SúdwestFryslân en Skarsterlân. Hy fynt it jammer dat de ried net belutsen west is by it útsykjen fan in projektlieder omdat dy in wichtige posysje hat oangeande de ynformaasjefoarsjenning nei de ried ta. Mei klam jout hy oan dat aktualisearre doarpenfisys opnommen wurde moatte yn de "Visie". Ek moat de griffier in rol krije yn de projektorganisaasje. De klankbordgroep soe bestean kinne út de fraksjefoarsitters út de rieden fan Boarnsterhim, Heerenveen en Leeuwarden. De PvdA fynt dat in delegaasje fan de ried belutsen wurde moat by de seleksje en kar fan in eksterne foarsitter. Foar de rest kin de PvdA ynstimme mei it foarstel. Mefrou Veldstra jout oan dat de posysje fan De Alde Feanen troch in demokratysk beslút tot stân kommen is, dit docht ek bliken út de ynkommen brief fan de doarpsbelangen Warten, Wergea, Grou. Neffens de FNP is de planning krap en frege wurdt at de wurkgroepen al út ein set binne en ek at der al in projektlieder beneamd is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2011 | | pagina 8