Tvtsierksteradiel en De Alde Feanen Tytsjerksteradiel is al lang belutsen by De Alde Feanen. Foar 1984 lei De Alde Feanen al foar in grut part yn Tytsjerksteradiel. De gemeente hat hjir in soad ûnderfining ûntwikkele. Der is saakkundigens en kapasiteit yn 'e hûs om it gebiet sa te bestjoeren dat de natoerbelangen likegoed as de rekreative belangen harren gerak krije. Dy saakkundigens op it mêd fan natoer en wetter hawwe wy yn it ferline ek dield mei Ljouwert yn it Wielengebiet; op dat mêd is der by ús mear ûnderfining. It doarp Earnewâld foarmet it hert fan De Alde Feanen. Ek funksjoneel hat Earnewâld in spilfunksje foar it gebiet. Besikers trekke út it doarp wei De Alde Feanen yn. It besikerssintrum foar De Alde Feanen slút goed by dizze spilfunksje oan. Praktyk is ek dat yn it gebiet wenjende en wurkjende minsken harren auto yn Earnewâld parkeare en dêr harren útfalsbasis hawwe. Allegear arguminten dy't - mei it útgongspunt fan De Alde Feanen ûnder ien bestjoer - bot pleitsje foar it taheakjen fan De Alde Feanen oan Tytsjerksteradiel. Fansels hawwe wy dan ek each foar de toeristysk-rekreative belangen fan Ljouwert. Wy binne graach ree om ek de rekreative ûntjouwing fan it gebiet yn goed oparbeidzjen mei Ljouwert fierder stâl te jaan. Wy roppe jimme op fêst te hâlden oan it ynnommen stânpunt, dat oangeande de weryndieling fan Boamsterhim de fisy fan de ynskeakele 'Kommisje fan Wizen' folgje sil. Wat De Alde Feanen oanbelanget komt dy fisy derop del, dat dat gebiet yn ien behearshân komme moat, dy fan Tytsjerksteradïel. Dit stânpunt sil dan ek in ferfolch krije moatte yn de weryndielingsproseduere oangeande Boamsterhim. Wy stjoere in ôfskrift fan dizze brief nei Provinsjale Steaten, de kolleezjes fan Boamsterhim en Ljouwert en de fêste kommisje fan de Twadde Keamer foar ynlânske saken. Mei heechachtinge, de siktariei jae Doaraemaster, 2 Oprop briefstânpuntDSAIdeFeanen072011 cosa.gs

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2011 | | pagina 83