1.5 Ynkommen stikken Der binne gjin ynkommen stikken. De heer Van der Sluis neemt het voorzitterschap over. 2. BESLUTFOARMJEND 2.1 Foarstel om fêst te stellen it weryndielingsûntwerp Boarnsterhim, Heerenveen, Leeuwarden, Súdwest Frysiân en Skarsterlân Earste Termyn: De hear Hemminga jout oan dat it jûn in wichtige stap is foar de weryndieling en dat no foar it earst ek de beslútfoarming yn alle belutsen gemeenterieden is. It folgjende moment sil wêze yn april 2012 en dat is dan de léste kear dat de gemeenterieden hjir noch wat oer sizze kinne. Oanlieding foar de weryndieling fan Boarnsterhim wie de minne finansjele posysje yn kombinaasje mei de protte taken foar de gemeenten sûnder dat der mear jild foar beskikber kaam. Wy tinke ek dat it tiid wurdt dat oare gemeenten neitinke oer harren takomst en dat se oer harren eigen grinzen hinne sjogge. Neffens him hat de ried fan Boarnsterhim dat no wol dien. It soe moai wêze at der ek in provinsjale fisy wie op de takomst fan de gemeenten yn Fryslân. Hy merkt op dat yn de diskusje oer de weryndieling emoasje west hat, mar minder as by de weryndieling fan 1984. Foar de boarger is benammen de nota foarsjennings wichtig en wy tinke dat dit een goede nota is, ek foar de takomst. Hy jouwt it kolleezje in kompliment foar de wize wêrop dit realisearre is. GB2000 is tefreden oer it proses oant no ta en stiet folslein achter dit foarstel. We fine de moasje (bundeling van krachten en bevorderen van saamhorigheid) jûn fan de ried fan de gemeente Leeuwarden sympatyk mar we ferwachtsje eins net oars fan in nije gemeente(ried). Yn april 2012 prate we hjir noch in kear oer. De hear Van der Woude slút him oan by de wurden fan de hear Hemminga oangeande de takomst fan oare gemeenten sjoen harren bestjoerskreft. Yn 2008 hawwe wy in riedsbrede moasje oannommen oangeande in ûndersyk nei de takomst fan de gemeente Boarnsterhim, yn 2009 hawwe we it opheffingsbeslút naam en yn 2010 hawwe we it grûngebiet ferdielt. No yn 2011 hawwe we it weryndielingûntwerp en dan komt yn april 2012 noch it definitive weryndielingsadvys. Dit is neffens ús in goed foarbyld fan diedkreftig bestjoer. Wy fine dat it weryndielingsûntwerp der goed útsjocht en binne tefreden mei de nota foarsjennings en de bestjoersoerienkomst. De finansjele ferdieling en de begrinzing is goed regele. Ek sjoen ús ferkiezingsprogramma wie it finansjeel skjin oergean en in goede nije omjouwing foar ús ynwenners, ferienigings, doarpen en ynstellings fan belang. Wy ûnderskriuwe it pleit fan de ynsprekker by de gearkomste fan 1 novimber oangeande in grinsoanpassing by trije pleatsen yn Raerd. Wy hawwe der alle fertrouwen yn, ek sjoen de positive ynstek fan ús partners, dat de ûntfangende gemeenten it goed oppakke sille. De moasje fan de gemeente Leeuwarden is hjir in foarbyld fan en soe in foarbyld wêze kinne foar de oare ûntfangende partners. Sjoen it personielskonvenant soe hy, ek as foarsitter fan de wurkjouwerskommisje griffy, graach wolle dat der foar april 2012 in selde soart konvenant komt fan de rieden foar it griffypersoniel fan alle oanbelangjende gemeenten. PvdA giet akkoart mei it foarstel en hy sprekt syn tank út foar alle ynspanningen dy't der dien binne. Mefrou Veldstra merkt op dat it nije wike in jier lyn is dat de gemeenteried fan Boarnsterhim it beslút nommen hat om yn fjouwer parten op te splitsen, in unyke situaasje. De doarpen hawwe seis oanjûn wat se graach woene en neffens har is dit oer it algemien ek sa gien. Pagina 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2011 | | pagina 13