FNP wie net foar weryndiele en hat tsjin stimt mar der is in demokratysk beslút nommen en FNP wol no nei de takomst sjen en sil har oant 2014 ynsette foar dizze gemeente en har ynwenners. FNP hat grutte soarch oangeande de ferhegings fan de belestings, benammen de hege ûnreplik guodbelesting. Oangeande de grinzen freegje wy nochris omtinken foar de trije pleatsen yn Raerd dy't graach mei oergean wolle nei Súdwest Fryslân. FNP stipet harren, noch yn te tsjinjen, sjenswize oangeande dizze grinskorreksje. Sjoen it berjocht yn de media oangeande it opheffen yn 2014 fan GB2000 jout se oan dat de FNP fraksje net wurdt opheven en dat de partij yn 2012 al 50 jier bestiet. Der is in positive yndruk fan de ynspanningen fan it kolleezje oangeande de foarsjenningen foar Boarnsterhim mar we witte net at dit yn de takomst wol yn stân bliuwt. In pluspunt binne de twa nije skoallen yn Grou en Akkrum en aanst ek yn Jirnsum en Wergea. De soarch foar BOBOB bliuwt. Us mienskipssoarch is unyk yn gemeentelân en kin in foarbyld wêze foar oare gemeenten. Wy underskriuwe it inisjatyf fan de PvdA om dit weryndielingsûntwerp ek yn it Frysk nei Den Flaag te stjoeren. Wy tinke dat de ferdielkaai oangeande it personiel wat oergiet nei de oare gemeenten, goed tapast is. It konvenant Frysk sil op in oar moment oan de oarder komme. Wy nimme hjoed in prinsipebeslút en yn april 2012 sil it finale beslút falie. De hear Bouma jout oan dat de VVD ynstimme kin mei it foarstel. It is in prinsipebeslút en yn april komt it definitive beslút. De tiid is der ryp foar en hy tinkt dat ek oare gemeenten der hast net mear oan ûntkomme om te weryndielen. It hat in lang en goed begelied proses west en der leit in gedegen stik. Hy sprekt syn komplimenten dêrfoar út foar it kolleezje. Fanwege ús finansjele krisis moasten we djip troch it stof mar we steane der no in stik better foar. Foar de takomst biedt dat perspektyf en fertrouwen en we tinke dat we yn dat kader en yn in goede staat oergean nei de oare gemeenten. VVD hat der folie fertrouwen yn dat it útdroegen wurdt sa't it hjir no presentearre wurdt. De hear Zijlstra tinkt dat de weryndieling in gouden kâns is foar de gemeente Leeuwarden omdat se no boppe de 100.000 ynwenners komme. Hy begrypt dan ek net dat dêr in partij tsjin dizze weryndieling is en hopet dat de moasje dêr oangeande "bundeling van krachten en bevorderen van saamhorigheid" riedsbreed stipe wurdt. It CDA is fan miening dat it belang fan ús doarpen en ynwenners foarop stien hat yn dit hiele weryndielingsproses oan no ta en hat it gefoel dat dit belang yn de stjoergroep ek in prominent plak ynnommen hat. Dit blykt ek út de yntinsjeoerienkomst welke rjochtingjouwend is nei de takomst ta en nei 2014. It beslút jûn is formeel in tuskenstap rjochting april 2012. Der is fanôf no mooglikheid foar sjenswizen. It CDA kin mei dit foarstel ynstimme en we tinke dat ús ynwenners better óf binne yn in nije en gruttere gemeente. De heer Frensel geeft aan dat het een lang proces is geweest en dat D66 hierover een dubbel gevoel heeft. Enerzijds een goed gevoel omdat het college een goed voorstel heeft uitgewerkt en voorgelegd waarmee D66 in kan stemmen. Anderzijds een ontevreden gevoel omdat we van mening zijn dat dit niet het juiste moment is om nu een besluit te nemen omdat het goed zou zijn in algemenere zin te kijken naar de omvang van gemeenten. Ten tijde van de herindeling van Súdwest Fryslân is in de Tweede Kamer een motie van de heer Heijnen aangenomen om te kijken naar de bestuurlijke toekomst van Friesland. Binnenkort wordt hierover een rapport van de provincie verwacht. Pagina 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2011 | | pagina 14