4.2B Foarstel om fêst te stellen it weryndielingsadvys Boarnsterhim, Heerenveen, Leeuwarden, Südwest- Fryslan 1Stel het herindelingsadvies Boarnsterhim, Heerenveen, Leeuwarden, Südwest-Fryslan en Skarsterlan vast; 2. Zend het herindelingsadvies Boarnsterhim, Heerenveen, Leeuwarden, Südwest-Fryslan en Skarsterlan, conform de bepalingen in de Wet Arhi, aan Gedeputeerde Staten van Fryslan; 3. Draag het college op de herindeling verder voor te bereiden. Burgemeester Baas: Ik geef het voorzitterschap van deze raad over aan de heer Van der Sluis, omdat als het gaat om de herindeling ik als portefeuillehouder vanuit een andere positie vrij kan opereren. De foarsitter (de hear Van der Sluis): Ik nim oan dat alle fraksjes hjiroer it wurd fiere wolle. Ik jou earst it wurd oan de grutste partij, GB2000. De hear Galama (GB2000): By de earste formele stap fan it beslüt weryndieling Boarnsterhim op 22 novimber 2011 hat üs fraksjefoarsitter, de hear Hemminga, stilstien by de weryndieling dy't yn 1983 plakfün hat. Hy hat dit as wethalder en riedslid fan de gemeente Utingeradiel seis meimakke. De weryndieling no betsjut dat de eardere weryndieling yn 1983 no opnij plakfine moat. Is it doe yn dy tiid net goed bard, is dan de fraach. Yn 1984 üntstie de gemeente Boarnsterhim üt trije oare gemeenten: Utingeradiel, Raarderhim en Idaerderadiel. Dat hat net laat ta in duorsume ienheid. Foar mysels, mar mooglik foar mear ynwenners, leit de weryndieling fan 1984 fier achter üs. Dochs is 1984-2014 mar tritich jier en yn ferhalding net lang. Foaral as we dit öfsette tsjin de skiednis fan 167 jier fan de gemeenten Utingeradiel, Raarderhim en Idaerderadiel dy't sa lang stan holden hat. Tritich jier is dan mar koart. By it 25-jierrich bestean op de nijjiersresepsje yn Terherne yn 2009 waard der noch stilstien by it fuortbestean fan üs krêftige libbensfetbere gemeente Boarnsterhim, aldus de doetiidske boargemaster frou Schadd. Wol wienen der doe al skuorren te fernimmen yn it fêste bolwurk fan Boarnsterhim. By myn earste begruttingsbehanneling yn 2005 by de ferbouwing fan it gemeentehüs, stie der in oerskrieding yn fan twa miljoen, hast 100%, en joech dit al oan dat it finansjeel betrouwen yn it fuortbestean fan Boarnsterhim der net grutter op wie. Oer de weryndieling waard doe net sprutsen, mar de kans op falli- semint wie doe grutter as in weryndieling. Want weryndieling wie doe hielendal net oan 'e oarder, yn hiel Fryslan net. Yn july 2007 kopte de Ljouwerter krante foar it earst: 'Boarnsterhim praat oer syn eigen ophef fing'. Doe nei oanlieding fan dat Gemeentebelangen dit yn de rie oan 'e oarder steld hie. Dêrnei is de öftocht fan Boarnsterhim rjochting opdieling hurd gien, foaral nei it finansjeel debakle fan de brede skoalle. Boarn sterhim is ündergien troch in gebrek oan bestjoerskrêft, foaral troch de waan fan it net goed funksjonearjen fan it finansjeel belied. As je sjogge yn it foarstel sa't it der no leit is dat ek it wichtichste punt. Yn de gearfetting stiet: Belangrijke redenen voor Boarnsterhim voor het voorliggende besluit zijn dat de middelen en bestuurskracht niet toereikend zijn om op eigen kracht de opgave van het gebied het hoofd te bieden. Dus foaral de bestjoerskrêft wurdt dêr oanhelle foar de opheffing. Hie weryndieling te foarkommen west, freegje je je dan of. Sjoen de feroarjende tiid de léste jierren, wêrby't fersterking fan de bestjoerskrêft wichtich is hie weryndieling ea wol ris oan 'e oarder kommen. Ek in finansjeel sün Boarnsterhim hie der mei te meitsjen krigen. Je kinne net stelle dat dit it iennichste punt is dat we oars bestean bleaun wienen. Wol hienen de ütgongspunten dan oars west. Weryndieling of opdieling fanüt in süne basis fielt better as fanüt in posysje dêr't je oan 'e han rinne fan in kurator en de finansjele draachkrêft earne oars weikomme moat. Weryndie ling treft Boarnsterhim net allinnich. Ek oare gemeenten yn Fryslan üntkomme der net oan. We sjogge de léste tiid de diskusje yn üs buorgemeente Littenseradiel. Noch gjin twa jier lyn waard de tadieling fan in part fan Boarnsterhim noch oan Littenseradiel foarsteld. Stanpunten feroarje dus hurd. Der stiet hjiryn de weryn dieling, mar üteinlik is it de opdieling fan Boarnsterhim en de weryndieling fan Ljouwert, It Hearrenfean, mei grinskorreksjes nei Südwest-Fryslan en Skarsterlan. De opdieling is op in positive wize ferrün. It kolleezje hat yn dizze de nedige stappen set, dat wy der betrouwen yn ha dat wy mei it advys sunder mear ynstimme kinne. It weryndielingsadvys hat de ynstimming fan Gemeentebelangen. Gefoelsmjittich bliuwt it spitich dat in lytsskalige gemeente net de bestjoerskrêft üntwikkelje kin dy't nedich is yn it belang fan de ynwenners. It gebiet Midden-Fryslan bliuwt unyk. Dêr is it goed wenjen en libjen. It is foaral it falend bestjoerlik en polityk klimaat fan Boarnsterhim dat op dizze wize de opdieling der komt. Foar de ynwenners feroaret der net folie. Je buorlju bliuwe je buorlju en it doarp bliuwt je doarp. En sa giet it mei mear. Mar alles dat fierder fuort is, en bepaalde hannelingen sille je op in oar gemeentekantoar dwaan moatte. Ek de rekken fan de gemeentlike lésten komt aanst net mear üt Grou. Op de kop óf is op 31 desimber 2013 it tritich-jierrich bestean fan Boarn sterhim. In tritich-jierrich feest, mar wol spitigernóch mei rituelen fan de begraffenis foar de opheffing. De hear Van der Woude (PvdA): Yn 2008 hat dizze rie unanym in moasje oannommen om in ündersyk te dwaan nei de bestjoerskrêft fan dizze gemeente. Dat hat even stillein, mar üteinlik is der in proses op gong kommen. Dat hat in proses west, wêryn't, seker nei de befolking ta, de rie syn eigen rol spile hat. Dy hat dêr de rezjy naam. Net elkenien wie tige optein oer it proses, mar ik fyn dat wy in kreas, helder en transparant 2/10 Pagina 2 1 03 ferslach rie Boarnsterhim (part) 17042012.doc/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 6