Ik stel der priis op hjir yn it iepenbier to sizzen, dat ik yn al it wurk, dat ik yn dizze jierren foar de gemeente dien haw, in hiele sterke stipe hawn haw fan myn frou. Hoefolle jounen hja my yn dizze jierren mist hat, is by binaderjen net to sizzen. Se wie en is noch altyd fol ynteresse foar dit wurk en hiel hwat pro blemen hawwe wy mei us beiden faek wiidweidich bihannele. De tank en hulde dy 't my hjir hjoed dêrfoar brocht binnekomme bislist foar de helte oan har ta. Sünder de meiwurking en stipe fan myn frou hie ik it net dwaen kinnen. Mynhear de foarsitter dames en hearen, ik koe noch wol in hiele tiid troch praeteunder oaren oer üs forhalding neffens tasjochthaldende orgaenen, binammen deputearre steaten. Ik wol grif tajaen, dat it nedich is, dat dit tasjoch bistiet mar de wize hwerop lit soms wol ris hwat to tinken. It oantaesten fan de gemeente like selsstannigens is in swier ding. En hwannear dy om soms lytse dingen yn it pleit komt, dan bifoardert dat it mei nocht arbeidzjen oan it bistjüren fan de gemeente net; it is yn wezen mien ik in oantaesting fan de 'autonomie11 fan de gemeenten. Ik winskje us deputearden wiisheit yn har bilied yn dizze, ta heil fan de gemeenten. Ik wol ek net neilitte deputearre steaten in strak en dudlik bilied ta to winskjen yn it ta stan kommen - hwer dan ek mar - fan in provinsiaele sintrale by de foarbirieding hwerfan üs gemeente ek in rol spile hat. Mynhear de foarsitter, ik hald der mei op. Al de riedsleden, sawol fan myn eigen fraksje, as fan de oare wol ik tank sizze foar it moaije oparbeidzjen dat der praktysk al dy jierren bistien hat. Binammen wol ik neame myn eigen fraksje-- foarsitter, de hear Hondema, dy 't yn wol ris swiere tiiden pal neist my stie. Hondema, dêrfoar myn oprjuchte tankl Dames en hearen, jim sille bigripe kinnedat ik nou noch in inkeld wurd sizze wol oer it kolleezje fan boargemaster en wethalders hwer !t ik it leste sittings- tiidrek diel fan ütmakke haw. Hoefolle gearkomsten wy hawn hawwe wit ik net, mar ik wit wol, dat ik der mei de measte nocht oan neitinke sil. As riejowers wienen yn dy gearkomsten altyd oanwêzich üs gemeentesiktaris de hear Smits en de direkteur fan gemeentewurkende hear Leekstra. Har advizen muntten üt troch deskundichheit en waerden foardroegen op in wize, dat se - al wienen se faek technysk - foar üsfoar de foarming fan üs miening oer de to folgjen biliedslyn, fan greate bitsjutting wienen. Hearen, hertlik tank foar jim foarljochting dy !t jim nry yn dizze jierren jown hawwe. Ik hoopje, dat de persoanlike freonskip dy 't yn dizze jierren üntstien is bistean bliuwe mei. Kollega Wartenawy hawwe nou efter elkoar rom seis jierren oparbeide. Ik doar to sizzen, tominsten fan myn kant, mei de measte nocht. Jo binne net in man dy't him yn hwat greatere gearkomsten gau hearre lit; yn lytsere foarmiddens wie dat hwat oars. Jo bin bidachtsum yn it foarmjen fan jo oardiel, mar it is meast wol yn birie nommen. Ik sil de meast noflike oantinkens oan üs oparbeidzjen hawwe en ik hoopje net, dat üs freonskip troch dit ofskied forbrutsen wurde sil. En dan jo, mynhear de foarsitter. Doe't jo fjouwer jier forlyn hjir kaemen, haw ik sein, dat jo foar my persoanlik in folslein ünbikende wiene. Tusken üs earste yn 'e kunde reitsjen en jo ynstallaesje wie my al it ien en oar oer jo trochdien. Dat wie fan dy aerd, dat ik de lieding fan üs gemeente yn it folste fortrouwen oan jo oerdroech. Yn dy fjouwer jier bin ik net yn dat fortrouwen toloarsteld. Wy hawwe yn jo in bikwaeme boargemaster mei nocht oan syn wurk en hert foar de saek. Wy hawwe yn dy fjouwer jier forskate gearkomsten mei elkoar halden; faek wiene wy it iens mar wy hawwe ek wol, itsij yn lytsere of yn greatere romten fül tsjin- oerelkoar stien. Oer en wer bistie lykwols it folste fortrouwen, dat de tsjinoer- stelde mieningen fuortkaemen üt beider forlangen üs gemeente to tsjinjen. En dat gefoel makke, tominsten fan myn kant, it oparbeidzjen sa moai. Jo bin in man, dy!t djip yn de problemen dükt en dêrmei in miening foarmt - dyt -

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1966 | | pagina 27