De fraksje fan "Gemeentebelangen' is lykwols fan miening, dat nommen bisluten
noait saboteard wurde meije. De besuren V.d.Hem en V.d.Lageweg ha troch omstannich-
heden gjin diel nimme kinnen oan it opstellen fan de programmepunten. Se ha sein
dat se tsjin dit punt fan har forkiezingsprogram wiene.
Hwat de wenningbou oangietGemeentebelangen" hat yn dizze saek hwat in oar
utgongspunt as wy. Mar hja is fan bitinken, dat it yn de praktyk net folie üt-
meitsje sil. Yn alle gefallen mei dit net in bihindering wêze, neffens harren
fraksje, foar meiëlkoar oparbeidzjen.
By neijer ynfreegjen die bliken, dat iepenheit yn de politiek net folie oars
foarstelde as in wethalder en dat der misbigryp tusken 'Gemeentebelangen" en de
F.N.Pbistie oer it meidwaen fan de leste organisaesje. Fan kweade trou kin net
praet wurde. It punt stypjen fan de Fryske kultuer hie alhiel gjin konkrete
bitsjutting, waerd üs meidield. It stie der op, om F.ïï.P.kiezers oan to lüken.
"Gemeentebelangen" hat nei alle gedachten net bigrepen, dat it stimmen op de F.ÏÏ.P.
yn Idaerderadiel op oare grounen birêstte, as op dy fan hwat men wol neamt
"Frys ks innigens
It andert fan de fraksje fan "Gemeentebelangen" koe gjin bihindering wêze foar
meiëlkoar oparbeidzjen, al miene wy wol, dat it forkiezingsprogram frij flot yn
de steek litten waerd.
By it kommen ta it fordielen fan de wethaldersdie it blikendat der tusken
de beide partijen "Gemeentebelangen' en us, in greate ienriedigens bistie op it
punt fan sprieding oer de gemeente. Ien wethalder yn Grou en ien yn it noarden
fan de gemeente, woene wy allebeide.
Wy koene der yn de earste gearkomste net ütkommeomt ien fan de fraksjeleden
fan "Gemeentebelangen' earst oer syn kandidatuer as wethalder oerlizze moast
mei syn direksje.
Der waerd ofpraetdat as dat oerliz negatyf utfalle soe, de hear Bouma üs
kandidaet foar Grouw wêze soe en dat "Gemeentebelangen,!ien üt de "bütendoarpen"
oanwize soe.
Doe't yn de twadde gearkomste bliken die, dat it andert yndied negatyf wie,
haldde "Gemeentebelangen' him net oan de ofspraek en kaem net mei in kandidaet
üt it noarden fan de gemeente.
Op üs fraech, hoe't it nou ynienen stie mei harren prinsipe fan regionale
sprieding, liet de fraksje üs, nei birie „wittedat hja dat prinsipe farre liet.
Dêrmei wie foar üs fierder oerliz unmooglik, om twa redenen.
a. Yn de earste gearkomste hiene wy ofpraet, dat wy op elkoar oankinne soene en
dat wy us oan ofspraken halde soene. By it earste it beste gefal, dat him
foardie, forbriek "Gemeentebelangen" dizze ofspraek.
b. Wy kinne it, as minsken dy't kiesd binne, om it bilang fan de hiele gemeente
to tsjinjen, net forantwurdzjeit prinsipe fan pleatselike sprieding fan de
wethalders los to litten.
Foarsitter, it spyt üsdat it yn de twadde gearkomste sa roun is. Mar wy
halde noch fêst oan üs ütgongspunt: Elk in fortsjintwurdiger yn it kolleezje fan
B.en W. Wy stelle dêrom as üs kandidaet de hear Bouma en jowe oan "Gemeentebe
langen" nou noch de gelegenheit har wurd to halden en in kandidaet üt it noarden
fan de gemeente as twadde oan to wizen.
De heer De Boer zegtdat de heer Moedt geschermd heeft met de uitslag van
de verkiezingen. Gemeentebelangen is echter niet overwinnaar, maar de P.S.P.
"Gemeentebelangen" heeft een groot aantal kiezersmaar de Partij van de Arbeid
heeft er altijd nog meer en komt daarom het eerst in aanmerking voor het aanwij
zen van een wethouder. Belangrijk is, dat een wethouder in Grouw wordt aangewe
zen, die tevens loco-burgemeester kan zijn. Wij hebben "Gemeentebelangen" ernstig
in overweging gegeven er goed over na te denken. Wij willen goed starten, maar
verlangen, dat gemaakte afspraken worden nagekomen. Wanneer "Gemeentebelangen"
niet een van haar leden in het noorden van de gemeente voor de wethoudersfunctie
voordraagt, stelt spreker namens de fractie van de Partij van de Arbeid de heer
- Wartena -