- k - Oan'e oare kant miene wy, dat net under alle omstannichheden de forantwurding fan it slutend krijen, troch us droegen wurde kin. Wy wurde fan hegere oer- heden twongen in tal tige needsaeklike wurken nei to litten, of op to skouwen. Fan dy lytse dingendy't nou krekt oan it libben - ek it Ge~ meentlike - in bytsje fleur jouwe, kin alhiel gjin sprake wêze. Us fraksje is fan bitinken, dat wy yn'e Gemeente krekt op 'e ranne steane. Wy kinne dizze slutende bigreating mar amper mear op us noed nimme. En wy miene dat, as wy finansieel troch de Ryksoerheit noch koarter halden wurde, dyselde oerheit dan ek mar de forantwurding drage moat foar hwat hjir yn us Gemeente alof net dien wurde sil. Ik woe graech witte menear de foarsitter, hoe't it kolleezje hjir foar oer stiet. It liket my ta menear de foarsitter, dat it foar de Gememtefinansjes net folle utmakket hoe't de Lansregearing gearstald is. Der is faeks in nuanse-- forskildat üntstiet, as in bipaelde politike party wol of net yn it kabinet fortsjintwurdige is. Mar wy sille it fan dy lytse underskiedings ha moatte salang't de partyfoarming yn us lan bliuwt lyk as nou. In greate konfessionele groep, soarget yn dit systeem, dat der in polityk 'midden" üntstiet, dat in fikse biweging nei de iene of oare kant ünmooglik is. In dudlike politike üspraek fan de kiezers by de Keamerforkiezings soe neffens my ek foar de Gemeenten mear klearrichheit jaen. Ut dit eachpunt bisjoen hat it foarmjen fan de groepearing Gemeentebelangen' yn Idaarderadeel as tsjinpoal fan de P. v.d. A. in bulte foar. Lannelik sjoen hawwe wy nou dus mei nuanses to kryen. Komt der in bisykjen, frij radikael nei de iene of care kant, dan wurdt sa'n kabinet sa gau mooglik nei hüs stjürd. Wy ha dat in moanne of hwat lyn wer sjoen. Mar menear de foarsitter, as ik optheden de ütspraken fan de Regearing hear of leshaw ik it idedat it nuansje- forskil foar us as Gemeenten net bipaeld nei de goede kant trochslacht. Ik hald my tominsten de lea stikken, as ik üt'e krante fornim, dat in steats- sikretaris De Meijer of Van Son wer in ynlieding yn it Noarden (oer it Noarden) halden hat. It liket my tadat der nou in goede gelegenheit is, foar us as Gemeente- bistjüren om meielkoar op 'e tromme to slaen. Ut kranteforslaggen fan de leste wiken docht bliken, dat allerhande Rieden hjir en der winsken kenber meitsje. Wy ha der seis ek in bytsje oan meidien. Mar wy binne to lyts. De macht fan greate Gemeenten lyk as Amsterdam, Rotterdam en Den Haech om hwat gedaen to krijen is folle greater. Lykvols as wy yn Fryslan meielkoar hwat nei foaren bringe koene, dan steane wy yn tal gelyk oan Den Haech. Ik woe derorn freegje oan it kolleezje, ris to ündersykjen oft in bondeljen fan de kreften yn de winsken om mear earmslach foar de Gemeenten, net mooglik is. Kinne wy net yn regionaelprovinsiael of noardlik forban nei foaren komme? Der moat aenst wer in ny kabinet foarme wurde. Lit us meielkoar bisykje as Gemeenten yn de meast gunstige posysje to kommen. Lit üs düdlik meitsje dat wy der neat foar fiele wer slütpost to wezen hwat de ynkomsten oangiet en yn de ütjeften allegearre dingen sette to moatten, dy't eins Rykstaek binne. Ik tink hjirby oan de gefolgen fan bijstanswet, ruilforkaveljenrekrêatsje. Wy wurde dêrtroch hieltyd twongen op üs eigen saken to bisunigjen en de Gemeentlike bilestings omheech to skroeven. Dizze bilestings binnen dan ek noch rüge heffingen, dêr't wy as P.v.d.A. hiel greate biswieren tsjen ha omt fan in sprieding neffens draechkr'êft eins gjin sprake wêze kin. Om nou by üs eigen Gemeente werom to kommen menear de foarsitter: Wy moatte - dat docht ek wer bliken ut dizze bigreating - slompen jild utjaen, omt wy hjir op sa'n sloppe ündergroun wenje. It oanlizzen en ünderhalden fan wegen bilestiget üs ünevenredich. Der mocht by Ryksütkearingen wolris rekken mei halden wurde. Lykwols is it net allinnich pessimisme, dat wy nei foaren briage kinne. Vfy wenje yn in Gemeente mei in bifolking dy't der ekonomysk, soasiael, maetskiplik en kultureel goed foar stiet. Wy sille net de earsten wêze dy't hwat ut de pot foar forsterkjen fan de wurkgelegenheit krije. Spitich, hwant wy soene sa moai hwat projekten ütfiere kinne, mar yn wezen meije wy bliid wêze mei üs novenant lee-h "tal minsken sunder wurk. - wynrenje -

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1967 | | pagina 11