De gemeentebelangen wilden zelf hun wethouder kiezen En de democratie dus niet uit het oog verliezen Thans staan wij voor het nieuwe jaar En komen met de begroting bij elkaar Nog is het dagelijks bestuur in feite Van dezelfde als eerdere mentaliteite Het samenwerken kan vaak moeilijk gaan Omdat het zeven tot vijf kan staan Onze wegen zijn zeer en zeer slecht Wat komt daar op den duur van terecht? Kan er in onze gemeente geen zwembad zijn Of is het inwonertal te klein? Het is natuurlijk weer zo gesteld Er is voor alles te weinig geld Verder spreek ik over de begroting niet Zoals u in deze beschouwing ziet Ik kom dan nog tot dit besluit En spreek nog deze wens hier uit Dat voor de gemeente van Idaarderadeel Het beste wordt gedaan in zijn geheel En dat het B. en W. en de Raad wordt gegeven Met inzet en wijsheid voor de gemeente te leven. De heer Vledder geeft zijn algemene beschouwingen als volgt weer: Menear de foarsitter, Ut namme fan us hiele fraksje wol ik dizze algemiene skogings begjinne mei in komplimint foar de wize der 't de oanbiedingsbrief by de bigreating, op opsteld is. Hei alle gedachten komt de sikretaris mei syn 'staf" dat kompli mint foar it greatste part ta. Dizze oanbiedingsbrief hat foar üs as Riedsleden in bilangrike bydrage levere ta it ynsjoch yn dejiidsaken fan us Gemeente en de manier der 't B. en W. it bilang fan de ynwenners op tsjinje wolle. Mar dat is noch net iens it wichtichste. Dizze biskriuwing jowt oan de minsken, dy't har hwat for- djipje wolle yn de problemen, dêrta goed de gelegenheit. Hwa't witte wol, hwat der om en ta giet kin nou net mear sizze, dat it net by to fytsen is mei al dy yngewikkelde grouwe boeken. Sadwaende is in bijdrage levere ta it funksjonearen fan de demokraty, dy't driget efterop to reitsjen troch dat alles sa yngewikkeld liketdat it soms net mear troch to sjen is. En dat leste ropt dan wer geastlike luijens op. Ik wol der dan noch wol by sizze, dat ek de wize, dêr't de leste kear(en) de ynformaesjes yn de Riedsstikken jown wurde to priizgjen is. It navenant lytse bidrach, dat bitelle wurde moat troch net-riedsleden foar dizze stikken, is mear as goed bistege. Ik hoopje, dat folie ynwenners in abonnemint op dizze stikken nimme sille. It komt it meipraten oer Gemeentesaken to'n goede. In twadde posityf punt, dat ik graech nei foaren bringe wol, is us gunstich oardiel yn't algemien oer dizze bigreating. It liket us in deeglik stik wurk ta en as B. en W. yn de oanbiedingsbrief skriuwedat er gjin inkelde reden ta optimisme is, dan is dat in neakene wierheit, dêr't it kolleezje net foar forantwurdlik steld wurde kin. De oarsaek dêrfan is, dat de Ryksoerheit aloan en al mear de Gemeenten finansieel kwart haldt. Us fraksje woe wol graech noch hwat ynformaesje ha oer de fraech fan in al of net slutende bigreating. Oan'e iene kant binne wy, foar de flotte gong fan saken yn de Gemeente, bliid, dat it kolleezje in slutende bigreating mooglik achte hat. - Oan'e oare kant -

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1967 | | pagina 9