3 It part, dat de gemeente hjir oan ofstean moat is dit jier al goed 1 18.000,-- -. As totael makket dat al 20% fan üs hiele bigreating üt Nije Ryksregels oer de forrekkening fan dizze tsjinst, wurde mei bilangstelling tomjitte sjoen. Oer de bijaerdesoarch hawe wy neat yn de biskriuwingsbrief finne kinnen. Graech soe ik fan it kollezje fornimme wollehoe't dizze saek oanpakt wurde sil Inkelde saken fan de biskriuwingsbrief. De brief seis is wer tige düdlik en ynformearjend steld. Ek foar net-riedsleden. In biswier wie wol, dat de sifers oars opsteld wieneas forline jier. In forge- lykjen is sadwaende net goed mooglik. Ik hoopje al, dat dit nou sahwat de defini tieve foarm is Gasoansluting fan de butendoarpenKin der yn Reduzum en Idaerd bigoun wurde? En Wergea en Warten? Wy hoopje al, dat alles dien wurde sil, dat de oansluting der oan 'e ein fan dit jier oanpakt wurde kin, lyk as yn de memoarje fan antwurd stiet De beukerskoalle fan Reduzum is al roun, Dit jier mei hwat gelok ek de riolea- ring oanpakke en dit doarp kin it jier 1968 mei greate letters yn syn oantinkens sette Warten. Oer de jachthaven fan Warten wol ik graech efkes mear sizze. Yn it Öfroune jier binne der hjir en der minsken oan it probearjen west ris op partikulier terrein to bis jen, oft der ek mooglikheden binne hwat ta stan to bringen. As fraksje wiene wy tige nijsgjirrich nei hwat hjir ut de bus komme soe. Hwant as men in bytsje kijk kriget op de ünkostesifers fan in jachthaven, dan halde wy it foarearst mar leaver op in stifting, dêt't de beide noardlike doarpen yn fortsjintwurdige binne. Hjirmei bidoel ik Warten en Wergea. As soks opset wurdt mei in eachmerk fan winst, bin ik bang, dat dizze jachthaven mei syn hiele forsjenning al gau buten it doarps- bilang falie sil. Lykwols is der yn Warten in greate bilangstelling foar de jacht haven. En wy forsykje it kolleezje in düdlike en graech sa folslein mooglike yn ljochting to jaen oer it forrin fan dizze saek. Hwat net yn de biskriuwingsbrief stiet. Mei al it öfdielings- en kommisjewurk ha boargemaster en wethalders en de rie har wol hwat op 'e hals helle, hwant der sit yndied hiel hwat wurk yn. Mar de rie is troch dizze manier fan wurkjen/folle mear bihelle by it tarieden fan de plan nen en dat hat greate foardielen. /wol Mar hwat net yn de biskriuwingsbrief stiet en hwat al mannich kear oer de tafel rolle is: HWER BLIUWE DE BIRJ0CHTE1! OER IT SPORTFJILD FAN WERGEA????? Der lizze fan de bifolking f 28.000,— dy't spontaen byelkoar brocht binne. It antwurd fan de oerheit lit nou al twa jier op him wachtsje. Wol in tryste saek foar de minsken, dy't har hjir sa enthousiast foarspant ha. Wy forwachtsje, dat it kolleezje alles op alles sette sil om dit projekt dit jier fan 'e groun to krijen. Dat mei ek wol, hwant de steane mear dingen to wachtsjen. Hjir neam ik dan efkes it swimbad to Grou. It docht al düdlik bliken, dat de bi folking hjir ek spontaen efter stiet. As boargemaster en wethalders dit tempo by halde wollesille wy it bistemmingsplan foar dit gebiet mei koarten wol op 'e tafel ha moatteDe rie wol de minsken, dy't hjir foar iverje graech hwat perspek- tyf jaen.^ Yn it ofroune jier binne der yn de rie fragen steld oan it kolleezje oer in mear rjochte aksje foar üntwikkelingshelpIt doel wie, om dan to birikken, dat elk sjen kin, hwer't, hwat er joech foar bitege wurdt. Yn it antwurd fan it kol leezje, koe men bilüsterjedat der mei forskate gemeenten oerliz wie om b.g. meielkoar in bipaeld gebiet to adoptearjen. Hoe fier is men hjir foardere? Nou kom ik noch efkes op de prosintuële leansforhegingen fan de staf en it oare personiel fan üs gemeente. It kolleezje moat der wol rekken mei halde, dat üs halding hjiryn wolris tige stroef wêze kin. Nei in kearmannich fan warskogjen, bi- gjint üs dit knap to forfelen. Menear de foarsitter, der is hjir yn de rie wolris earder praet oer in kulturele rie yn to stellen foar üs gemeente. Soe it kolleezje üs net ris in soarte fan nota takomme litte kinne oer dizze saek? Wy kinne dan alles foar de bigreating 19<$9 goed bisjen Dan ha ik heard, dat der yn 1969 ek in greate Joast Halbertsma bitinking halden wurde sil. My tinkt, dat de echte Grousters der net buten bliuwe kinne. En wy as bistjür ek net. Hoe tinke boargemaster en wethalders hjir oer? - k -

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1968 | | pagina 7