In pear dingen fan de leste tiid. De nije skoelle to Warten, gymnastiek- lokael en beukerskoalle to Wergea en der los mei de nije kombinaesje- skoalle, rêkommen fan de dyk Wergea - Idaerd en it opknappen fan oare wegen en strjitten. De gong blinwt der yn, menear de foarsitter. De jachthaven fan Warten kin mei bigoun wnrde en as it meirint kin er foar it seizoen 1973 yn gebrük steld wnrde. Oare saken, dy't al jierren op de agenda steane lizze noch (net noflik mear) to wachtsjen. Ik tink oan it drama fan de Meaneweibrêgede brêge to Warten en it swembad to Grou. Kenmerkjend foar dizze gemeente: oer en yn it wetter. Us diken krije nei in pear jier ekstra underhald wol hwat in better oansjen. De dyk troch it hert fan üs Gemeente, menear de foarsitter, li- ket noch wol op in ier yn in trombosefoefAllegearre bobbels en gatten. Dat der dan ris in dokter komt om hjir of der in pleister to plakken helpt net folie. It is wol fortrietlik, dat it salang duorje moat, ear't de chirurch yngripe kin. Wy geane ek oars wol mei mei de tiid menear de foarsitter. Us gasrekkens komme ut de kompjüter en ik bin bliid, dat de efterstan aerdich ynhelle is. Fierders rinne de minsken, dy't earder achter de jiskekarren rounen, nou der gjin jiske mear is, aenst kreas forklaeid achter de kliko. De smoargens is netsjes yn plestik forpakt. Dy smoargens, menear de foarsitter bringt my op it hiele milieübi- hear. Derby hearre ek it forsmoargjen fan groun en wetter troch it brü- ken fan middels tsjin glêdde diken en ünkrüa. It brüken is forkeard, mar it litten soms noch minder. Dit probleem is noch net oplost, mar gelok- kich is der ts jintwurdich in soad bi langs te Hing foar. Wy rekkenje der op, dat B. en W. de üntwikkeling goed folgje sille. Itselfde jildt foar de rioeIsuveringYn us gemeente leit al in wettersuveringsynstallc.esjemar hündert meter fierder loast it Gemeen- telik rioel noch op it iepenbiere wetter. Dit is in forkearde tastan fansels en ik nim oan, dat it kolleezje alles docht om sa gau mooglik hjir in ein to meitsjen. Ek oer de wenningbou soe ik graech hwat sizze wolle. De eigen ge- meentlike funksje giet mear en mear forlern. En mei de hieren nnt it ek hoe langer hoe mear forkeard, De mooglikheden fan trochstreamen binne echt to biheind, om foar eigen minsken hjir foldwaende gebrük fan to meitsjen. Seis mei in ynkommen fan in 800,skjin yn'e moanne is it biwenjen fan huzen mei in hierpriis fan mear as f 250,net mooglik. Minsken mei legere ynkommens komme sa wer net ta oan hwat mear rcmte en wengeriif. Dat is net spitich, menear de foarsitter, dat is an it ris modern to sizzen: hartstikke forkeard. Hwat ek forkeard is, menear de foarsitter: de mooglikheden om de aldere bisteande wenten op to knappen mei goede forsjennings binne to krap, omdat der to min jild yn de ünderhaldsfünsen sit. It Ryk formin- dert troch de jieilikse hierforhegings - dy't de bouforienings troch de saneamde hierharmonisaes je seis hwat billik fordiele mei je - de bijdrage oan de wenningbou, My tinkt in part derfan heart yn it ünderhaidsfüns to kammen. Dat jowt bettere wenten en in rjochtfeardiger tapassing fan de boppeneamde harmonisa.esje It kwytwurden fan de nije wenten, menear de foarsitter, is oant nou ta gjin probleem en de bifolkingsgroei fan üs gemeente fart der wol by. Mar binne se der yn earste ynstansje foar? Ek de partikuliere hou is, foaral yn Grou, goed fan'e groun kommen. As men de"sneldyk" lans rydt, sjocht men Grou aerdich nei it Sudwesten ta ütrinnen. Yn de Noardlike^ doarpen eint dat noch sa hurd net. Dêrom is it foar it hanthavenjen fan it forsjenningspeil wol winslik, dat dizze plakken by it fordielen far, de wenningwetwenten goed en regelmjittich meidraeije, Menear de foarsitter, foar de wenningbou is groun nedich. Ik wol B. en W. der nochris op wize, dat wy haest sette moatte achter de oankeapen fan groun en de bestimmings- plannen. By dy lesten wol ik opnerke, dat der yn Roardahuzum in groepke vnwenners is, dat al yn in ier stadium de bestimmingsplannen mei B. en W. bisjocht. Mocht der yn oare plakken ek soks komme, kinne dizze minsken dan ek op in goed gehoar rekkenje, menear de foarsitter? Dit jier nat wol wer ien west fan kontakten. Elk riedslid wit nou sa fier is't hinne wol, dat er riedslid is. Hy moat folie faker opurave bu ten de offisjele Riedsgearkomsten op it gemeentehüsas op dy gearkomsten seis. Wol mear as twa kear safolie ha ik ütrekkene.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1971 | | pagina 27