De ütwreiding fan in doarp kin dus folie fortuten meibringe, mar ik wol der net oan foarby gean, dat oan dizze ütwreiding soms grinzen stelt wurde moatte. Foar it doarp "Grou" jildt dit bislist. De fraksje "Gemeentebilangen" is der dêrom tige bliid mei dat B. en Ti. der nei stribje om de v/enningbou to Grou om- raek oan bannen to lizzen. It sil goed wêzehwant in to greate en to hastige groei sil mogelik in to greate forsteuring op it öoarpseigene ütoefenje. Boppedat sil, mei. .in wenningbou, trochgeand yn in tempo as dat fan de léste jierren, de biskibbere bougroun oan de südkant fan de Stasjonwei oer ofsjenbere tiid onpart wêzeIt Prinses Margrietk&nael en de Rvkswei kinne wy as fêste grinzen fan it doarp oanmerke. De wei nei it. noarden ta lei wol iepen en üt wreiding dy kant üt is mogelik, mar wy reegje üs derby wol öf as it ek omtin- ken freget om in part fan dit yndustrygebiet for wenningbou ta to stean en mo~ gelike nije yndustry alfêst nei de oare kant fan de Grou to bringen. In fier foarütplanning yn dizzen, fine we alteas needsakelik. Foar de oare doarpen yn de Gemeente leit de saek krekt oarsom. Hjir moat de wenningbou safolle mogelik fuortsterke wurde om de üntwikkeling fan de doarpen to bifoarderjenAs G.S. der lykwols in gewoante fan meitsje om de needsaekeli- ke oankeap fan bougroun net ta to stean, dan sil alle probjearjen om foarütgong to birikken, foarüt al de groun yn boarre wurde. Hwat de great yndustry yn de doarpskearn fan Grou oangiet, kinne wy it fol- slein iens wêze mei de ütspraek fan Prof. v,d. Berg üt Grins. As dizze greatyn- dustry geleidelik wei forhüzje kin nei de noardkant fan de Grou, komme der bet- tere mogelikheden om it aide doarp ta in bikoarlik. wengabiet to meitsjen. Foar de nijbou steane greate wurken op ütfiering to wachtsjen. Yn it foar- ste plak mei miskien de "bisündere" legere en beukerskcalle neamd wurde'lei de bou hjirfan hoopt men yn de rin fan 1974 to bigjinnen en yn 1975 tinkt men hjir mei ré to kommen. It is miskien spitich to neamen dat ien en oar net in jier earder syn bislach krijs koe, hwant bynamme foar it winterskoft 1974-1975 foar- sjogge wy vn Grou in great tokoart oan ünderdak foar forskaet. forieningslibben It biskikber kommen fan de aide skoalle oan de Stasjonswei soe sünder twifel in part fan dit mank to niet dwaen kinne. It nije ünderdak foar "Tsjinst Gemeentewurken" wurdt in slim djür gefal. Uy wolle net oer iis fan ien nacht gean en si11e üs dêrom foaröf net oan dit plan fêstbine. In heal miljoen goune liicht der op't lést net cm. Foaröf wolle wy ek graech wite hokfoar bistimming as B. en TT. oan de aid pleats op DüvelseilSn tinke to jaen as Gemeentewurken dit gebou üntrommet. De tekeningen foar in nij bijaerdentohüs lizze ré. Troch de ünwissens fan de takomst, steane we iendiels hüverich tsjinoer in flugge realisaesje fan de bou. Oardiels kin ek krekt dizze ünwisse takomst de oarsaek wêze dat aenst it wurk earder ta stan komt, dan we yn alle radelikens forwachtsje meije. Yn in folie waziger fierte leit op it eerste oansjen de forwêzentliking fan in sporthal. Ek in doarpshüs to Grou kin mogelik noch lang ta in frome winsk bistean bliuwe, Nettomin raiene wy der op oanstean to moatten dat krektneamde plannen ailegearre goed ütwurke wurde en as forlanglist by de hegere ynstansjes yntsjinne wurde. Men wyt nea hoe't in kou in hazze fangt. Doe't de fraksje "Gemeentebilangen" yn't lést fan 1972 mei fier ütwurke plannen foar in swimfcad oandragen kaem, hat dit B. en W. en ek de hiele rie ta greate aksje oansetten.Der kaem yniens safolle jild üt de loft del fallen, dat it der alhiel nei ütseach dat neat de forwêzentliking fan dizze winsk mear yn'e wei stie. Ut dizze dream moat de bifolking wol raar wekker skodde wêze, doe't langlêsten de Frisia met it birjoeht kaem dat men by de Gemeente mei dizze saek noch net fierder foardere wie, as de sinten dêrfoar alfêst op to meitsjen. Yn dit krantenijes sküle wol hwat wiershwant nou, in fol jier letter, kinne we oars noch net swimme as yn in pompieren swimbad. Dochs, menhear de foarsitter, mien ik it wol sa stelle to meijen, dat we neijer as ea fan to foaren oan de forwêzentliking fan in oerdekt swimbad steane. Ut de ynljoch- tings dy't wy ek fan in boppe gemeentelike ynstansje krigen hawwe, meije wy al le hoop hawwe, dat de bou tastien wurdt en dat dan ek oer net al to lange tiid mei it wurk bigoun wurde kin. Minder hoopfol foinne we stimt oer de takomst fan de 'Bird" en syn biwenners. Earliker is it to sizzen dat "Gemeentebilangen" tige üngerêst is oer de üntwik keling sa as dy him hjir foardocht.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1973 | | pagina 25