- 12 - Op dit mêd moat der lvkwols noch wythoefolle barre foar dat de skeadelike ynfloe- den fan de maetskippij it libben yn de Natür en ek fan üs seis gjin kwea near bisoargje. De plannen om it öffal üt de Gemeente nei in erkende fornietigings-ynstal- laesje to bringen, wiist ek op in forbettering yn de problematyk oangeande de forsmoarging. Ien mei oar sil allegearre folie jild kostje, menhear de foarsit- ter, mar wy sille it der foar oer hawwe moatte, as wy wier meitsje wolle dan wv yndied noed stean foar de wrald weryn v;e libje. It bisündere karakter fan it lanskip yn üs Gemeente freget in ekstra omtinken, mar it is dan ek de muoite wurdich om it mei soarch to bihanneljen en to biwarjsn. Vy meije hjirbv nea forjitte, dat op üs fan hjoed de nlicht leit om it lans skip sa geef mogelik oer to dragen oan de generaesje dv't nei üs komt. Fandêrre dat it üs folie nocht docht dat 3. en r\ oangeande .it forbetterjen fan de Ayttawei en de Reinersweiharren net liede litte troch de easken dy't it snelforkear stelt, mar dat hja oan it bihald fan it bitroude lanskinsbvld in trochslach foarkar takinne. jaende Menhear de foarsitter, yn de oertsjüging dat ik oan folie saken forbv gien bin, wol ik einigje mei to forklearjen dat de fraksje 'Gemeentebilangen 1 him kri- tvsk, mar positief opstelle wol om in bydrage to leverjen oan it bistjüren fan de Gemeente en oan it wolwêzen fan syn ynwenners. Mei de winsk, dat 1974 in goed jier foar de Gemeente wurde sil, wol ik graech einigje mei dizze bydrage oan de algemiene biskögingen. Tankje wol. De heer Sjouke de Boer: Menhear de foarsitter, mefrou, myne hearen. Yn al de bislommeringen, dy't sa op jin takomme om oan't ein fan dit jier en oer de bigreating fan it bommende 1974 it ien en oar op skrift to stellen, menh. de foarsitter, gongen myn tinzen altyd net foarbv oan de aktualiteit m.o.w. de maetregels dy't fan buten öf üs lan treffe en djip yngripe yn üs nasjonaal ekono- mysk bistel. Ewa fan üs hie in jier lvn no tinke kent, dat it sintrale regear de distribüsjewet hantearje moast, vn in tiid werfan we wis mienden to vrezen ta üt- bou fan wolfeart en woltier yn üs maetskippelik formidden? Lit üs hoopje, dat itjinge hwat we daegliks üt de parse fornimme, meast birjochten mei Ongunstige eftergrounennet mear as in reade tried troch üs goeije foarnimmens rinne sil, ek foar Idaerderadiel yn't bysünder. Dochs haw ik mv öffrege, menhear de foar sitter, as der gatten falie yn de ryksbigreating, hwat faeks net ütslüten wurdt, yn hokker mjitte kin dit trochwurkj e yn de algemiene ütkearingen üt it Gemeente- füns? Is dit eat, wer't vn'e lêsts pleats oan toarnd wurdt? Dizze primitive bi greating docht yn dat gefal syn namme ear oan en sille we iepenstean moatte foar mooglike wizigingen. It ófroune jier hat mear bvdroegen ta in fjirdere "planning" fan greate wur- ken as klearkommen derfan, ik neam de J.17. de Visserwei, swimbad, forsoargings- tohüs foar bijaerden. Ik wol fansels net foarby gean oan it iepenjen fan de nije jachthaven te War ten to neam.en, in narren dat yn omfang, sawol as ynfestearing as it projekt self, in bysünder plak as rekreative forsjenning foar üs gemeente mar noch mear foar it doarp Varten bitsjut. Fierders sil elts üt Vergea, dy't de wet- tersport tagedien is as bioefent de fornijing fan de Meaneweibrêge mei greate foldienens acht slaen. Foar üs gemeente bitsjut dat de start fan forbettering fan dy weidyt de forbining foarmt fan Grou mei de oare haeddoarpen yn Idaer deradiel. Alle lof. Op it mêd fan de sport is Grou forsjoen fan 2 kuorbalfjil- den en in tredde tennisbaen. It fynansjele byld fan de bigreating 1974 is sunder mis gunstig to neamen, menh. de foarsitter, om't de post ünforsjoen wer romte biedt, foar ünderskate forsjenningen dekkingsmiddels to lüken. It muoit my ergens wol, dat de reserfearring fan 50.000,.onnearre foar it swimbad, wer't we forline jier ta bisletten, net ta syn rjocht kommen is. We hienen as rie yn maeije it kolleezje dochs machtige hwat nedich foar de fjirdere plannen wie, üt to fieren. Yn de doe folgjende ütiensetting wie wol sprake fan in, faeks foar üs gemeente, to great eksploitaesjetokoartmar waerd de dekkincr dochs foun üt dizze reserfearring en in bydrage üt it gasbidriuw. Dizze plannen binne net ta ütfier brocht en de 50.000,moast foar 1974 in oare bistimming foun ha. - 13 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1973 | | pagina 29