- 14 - It tokoart fan 11.000,is fansels noch net. eat om samar oan foarby to gean, dat soe ek foar it basisünderwiis jilde, mar tank sy in tafoiler yn de post ün- derhald(f 7.000,is flat biheind oan't 2.700,Oan it greate eksploitaes- jetokoart fan de gymnastieklokaelen sil muoilik to üntkommen wêze, om't de ün- derbisetting in greate rol dervn spilet. Om in swierdere oanslach oan de ünder- skate forienings op to lizzen hat faek ek in averjochtse utwurking op it fuort- bistean dêrfan, wer't ik dan ek net in foarstander fan bin. Ik pleitsje foar in fjirdere oanpassing fan de noarmen foar lytsere gemeenten. De bydrage dy't Idaerderadiel amper üt it niisneamde forgoedingsforbettering levert oan de ün- derwiisbegeliedi.ng is in treflik forbyld fan yntergemeentelike gearwurking al is de U fan U.R.B.I, der dan jammergenóch bvweifallen. Ik hoopje dat mei dizze tsjinst it ünderwiis wer syn fortuten dwaen sil. Ilenh. de foarsitter, mefrou, hearen, sünder stil to stean by noch mear un- derwerpen, dy't ta üs gemeentelike taken hihearre en net yn't minst dat hja net myn oantinken ha scene, mien ik dochs dizze biskögings einigje to moatten mei in wurd fan tank foar ynljochtings en ynforrnaasje can alle gemeentepersoniel yn de romste bitsjutting en folie lok en seine yn 1974. De heer Sipke de Boer: Menear de foarsitter, Nou't ik. foar it lést mvn skógings foar üs fraksje oer de bigreating gean lit, kin ik, like min as oaren dat dogge, it net litte om efkes yn myn koarte Gemeentehistoarje to düken, dy't nou in 13 jisr aid is. Faeks is it in eigenskip W fan senile aide mantsjes, mar it is ek wolris mooglik dêrtroch treffende dingen sjen to litten. Hwat steane wy der nou oars foar as 13 jier lyn. De earste jier- ren fan dizze pericade de branhoutmeagere bigreatingen mei de klimaks yn 1963, doe't Deputearre Steaten üs op 30 maeije oan it bonkeskrabjen setten. Letterlik bidoeld, menear de foarsitter, hwant der wie al gjin tried fet of fleis mear üt de hiele bigreating to snijen. Likegoed moast er op kosten fan alles slutend makke wurde. T/jy ha it dien, mar ik doar wol rêstich to stellen: hwannear't nou soks wer op dizze wize dien v/urde moast, dan pasten wv hjir grandioos foar. Fierwei it greatste part fan dizze Rie soe dat gewoan net nimme. Hjirmei wol ik oantoane, dat wy yn mentaliteit foroare binne. Wv ha it doe ek net "samar" oannommen, der is wol hwat oer sein, mar wv hiene it gefoel, dat wy mei de rêch tsjin de muorre stiene en fierden de opdracht üt. Nou scene wy earder tsjm Deputearre Steaten protestearje en sizze: Nim seis de forantwurding foar it skrassen mar. Nv dogge it net. Troch in tal bilangrike faktoaren binne wy üt dit laberet v;eirekke. Dat bin ne: bettere onbcu fan üs finansiële mooglikheden; ünderhaldsütkearing foar üs wegen; ekstra ütkearing üt it Gemeen t'efouns fan 3-j ton yn it jier; en net yn it léste plak groei fan de bifolking yn de léste jierren. Wy ha fan alles hwat mear krigen, menear de foarsitter en it mear is noait fol sizze se wol faek. Mar hjir is ek üs mentaliteit oan it foroarjen. Wolle wy noch wol safolle mear ynwenners, rékréaesje en wit ik hwat allegearre? Of wolle wy nou alles mei hwat wv ha better dwaen? Ik leau, wy wurkje mear nei de kwaliteit. En dat sil nou ek wol moatte. Hwant op in soad punten, foaral hwat de energy oan- giet is der gewoan net mear. Nv moatte nou meielkoar yn de wrald, hwat wy ha, better fordiele. Earder koene wy bv dat better fordielen gebrük meitsje fan in foarriedy't der hjir en der noch wol wie. It wurdt nou net maklikerEn nou bigjin ik hielendal aldmannich to praten, menear de foarsitter, hwant dan siz ik, dat wy dan noch mar ris tinke moatte oan de minne tiaen fan foar 13 jier, doe't wy yn üs Gemeente neat koene. Mar sa lang as jo hjir noch sitte, menear de foarsitter, hoech ik oer sunigens foar de Gemeente net to warsköcjjen, hwant jo sjonge seis dit liet by alle mooglike foarkommenae gelegenheden. Ik wol gjin opsomming jaen fan hwat der ailegearre wol mei dat billed ta stan kommen is yn dizze jierren, mar ien dir.g doar ik wol to stellen: üs tasiz- zingen, dêr't wy 8 en 4 jier lvn de Riedsforkiezings mei yngien binne, ha gjin holle leuzen west. Wy wiene seis sa gelokkich, dat wy mear dwaen koene, as hwat wy yn üs proerram stean hiene. Inkelde dingen lizze noch wol to wachtsjen: - 15 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1973 | | pagina 33